Ziet u een fout in deze regeling? Meld het ons op regelgeving@overheid.nl!
Fryslân

Subsydzjeregeling Frysk foar no en letter

Wetstechnische informatie

Gegevens van de regeling
OrganisatieFryslân
OrganisatietypeProvincie
Officiële naam regelingSubsydzjeregeling Frysk foar no en letter
CiteertitelSubsydzjeregeling Frysk foar no en letter
Vastgesteld doorgedeputeerde staten
Onderwerpalgemeen
Eigen onderwerp

Opmerkingen met betrekking tot de regeling

Deze regeling vervangt de Subsydzjeregeling Frysk foar no en letter.

Wettelijke grondslag(en) of bevoegdheid waarop de regeling is gebaseerd

  1. Algemene subsidieverordening provincie Fryslân 2013
  2. artikel 4:23, tweede lid, van de Algemene wet bestuursrecht
  3. artikel 145 van de Provinciewet
Overzicht van in de tekst verwerkte wijzigingen

Datum inwerkingtreding

Terugwerkende kracht tot en met

Datum uitwerkingtreding

Betreft

Datum ondertekening

Bron bekendmaking

Kenmerk voorstel

11-04-2024nieuwe regeling

02-04-2024

prb-2024-4819

GS004422

Tekst van de regeling

Intitulé

Subsydzjeregeling Frysk foar no en letter

Deputearre Steaten fan Fryslân,

 

mei it each op kêst 1.3, fjirde lid, fan de Algemiene subsydzjeferoardering provinsje Fryslân 2013;

 

oerwagende dat it yn it ramt fan it Taalplan Frysk 2030 winsklik is om de posysje fan it Frysk yn it ûnderwiis troch subsydzje fuort te sterkjen, sadat alle skoallen yn it Fryske taalgebiet de kearndoelen foar it Frysk uterlik yn 2030 oanbiede;

 

BESLUTE:

 

de Subsydzjeregeling Frysk foar no en letter as neikomt fêst te stellen:

 

Subsydzjeregeling Frysk foar no en letter

Kêst 1 Begrypsbepalings

Yn dizze regeling en de bepalings dy’t dêrop berêste, wurdt ferstien ûnder:

  • a.

    Asv: Algemiene subsydzjeferoardering provinsje Fryslân 2013;

  • b.

    Awb: Algemene wet bestuursrecht;

  • c.

    Fryske taal: it Frysk of in streektaal, dy’t yn Fryslân noch brûkt wurdt;

  • d.

    ferfangen: it ferfangen fan in learkrêft, dosint, ûnderwiisstiper of al as net pedagogysk meiwurker foarskoalske opfang dy’t in skoallingsaktiviteit of opliedingsaktiviteit rjochte op de Fryske taal en kultuer of meartalige didaktyk folgje sil. Dat ferfangen bart troch it tydlik yn leantsjinst nimmen of ynhieren fan in ferfanger;

  • e.

    frijroasterjen: in personielslid fan in skoalle tiid jaan om op ien of oare wize it Frysk ûnderwiis op syn/har skoalle struktureel te ferbetterjen, bygelyks troch it ûntwikkeljen fan materiaal, it ymplemintearjen fan it taalbeliedsplan, it dielnimmen oan kongressen, it ferfangen fan in learkrêft om in oplieding te folgjen, ensafuorthinne;

  • f.

    hardware: oanwêzige ynboel yn in skoalgebou, lykas tafels, stuollen, kofjekopkes, pinnen, kompjûters, digibuorden, tablets, ensafuorthinne;

  • g.

    kultueredukaasje: it yn groepsferbân doelbewust yn ’e kunde komme mei de Fryske taal, natuer, kultuer en skiednis yn of bûten skoalle;

  • h.

    meiwurker: persoan dy’t by de rjochtsfoarm fan de oanfreger detasjearre is as payroller of útstjoerkrêft op basis fan respektyflik in payrolloerienkomst of útstjoeroerienkomst, en dêr wurk docht;

  • i.

    opliedingsaktiviteit: it folgjen fan in foltiidske of dieltiidske oplieding rjochte op Fryske taal en kultuer of meartalige didaktyk oan de NHL Stenden Hogeschool of de Rijksuniversiteit Groningen mei it doel om dat mei in diploma ôf te sluten;

  • j.

    saakkundich dosint: in troch de oplieding oanstelde dosint of in selsstandige dy’t yn it hannelsregister ynskreaun is ûnder 85592 of 85599;

  • k.

    sertifisearre foarskoalske opfanglokaasje: lokaasje foar organisearre opfang foar bern yn de âldens fan 0-4 jier dy’t by Stifting Frysktalige Berne Opfang op syn minst yn nivo 3 fan it sertifisearringstrajekt sit om in twatalige opfang te wurden;

  • l.

    skoallingsaktiviteit: aktiviteit dy’t oanbean wurdt troch in saakkundich dosint yn de foarm fan in training, seminar of kursus yn de Fryske taal of kultuer of meartalige didaktyk oars as de ûnder i. neamde opliedingsaktiviteit;

  • m.

    skoallejier: de perioade van 1 augustus oant en mei 31 juli oanfolgjend lykas beskreaun yn de Wet op het primair onderwijs (WPO);

  • n.

    skoallingsbewiis: in diploma, sertifikaat of bewiis fan dielnimmen dat nei it dielnimmen oan in oplieding, training, seminar of kursus jûn wurdt;

  • o.

    ûnderwiisstiper: de wurknimmer dy’t taken útfiert, dy’t stypjend binne by de lessen en op it mêd fan learlingbegelieding, ûnder ferantwurdlikheid fan in learkrêft en dy’t de ûnderwiistarieding stipet;

  • p.

    wurknimmer: persoan dy’t op basis fan in fêste of tydlike arbeidsoerienkomst arbeid ferrjochtet by de rjochtsfoarm fan de oanfreger en dêr lean foar kriget.

Kêst 2 Doel

Mei dizze subsydzjeregeling wurdt it jaan en yntegrearjen fan de Fryske taal en kultuer yn de foarskoalske opfanglokaasjes en it ûnderwiis mei in folslein en kwalitatyf oanbod, wêrby’t it ûnderwiispersoniel it foech hat en betûft is om dat út te fieren, stimulearre.

Kêst 3 Oanfreger

  • 1.

    Subsydzje kin oanfrege wurde troch in foechhawwend persoan, dy’t ferbûn is oan in yn de provinsje Fryslân fêstige:

    • a.

      sertifisearre foarskoalske opfanglokaasje;

    • b.

      skoallen yn it basisûnderwiis en spesjaal basisûnderwiis, lykas bepaald yn de Wet op it primêr ûnderwiis;

    • c.

      skoallen yn it fuortset ûnderwiis, spesjaal ûnderwiis en praktykûnderwiis, lykas bepaald yn de Wet op it fuortset ûnderwiis; of

    • d.

      skoallen yn it middelber of heger beropsûnderwiis of yn it wittenskiplik ûnderwiis, lykas bepaald yn de Wet op it heger en wittenskiplik ûnderwiis;

    • e.

      of rjochtspersoanen dy’t lokaasjes of skoallen lykas bedoeld ûnder a oant en mei d fertsjinwurdigje.

  • 2.

    Yn ôfwiking fan de eask fan in fêstigingslokaasje yn de provinsje Fryslân falle op Fryske taal en kultuer rjochte opliedings oan de Rijksuniversiteit Groningen ek ûnder it earste lid, ûnderdiel d.

Kêst 4 Oanfraach

  • 1.

    In oanfraach foar in subsydzje wurdt binnen in troch Deputearre Steaten fêststelde oanfraachperioade ûntfongen.

  • 2.

    De oanfraach wurdt mei it troch Deputearre Steaten fêststelde oanfraachformulier en alle ferplichte taheakken yntsjinne.

  • 3.

    Deselde oanfreger kin foar de fêstigingslokaasje yn ien oanfraachperioade, lykas neamd yn it earste lid, op syn heechst ien kear de kategory as neamd yn kêst 7 yn it ramt fan dizze regeling subsydzje ûntfange.

Kêst 5 Ferdielsystematyk

  • 1.

    Deputearre Steaten stelle in iepenstellingsbeslút fêst.

  • 2.

    In iepenstellingsbeslút befettet op syn minst in oanfraachperioade en subsydzjeplafonds.

  • 3.

    Deputearre Steaten kinne yn it iepenstellingsbeslút neiere regels stelle oangeande:

    • a.

      it yntsjinjen fan in oanfraach.

    • b.

      de rûnte fan subsydzjeûntfangers.

    • c.

      de hichte of berjochtingswize fan de subsydzje.

    • d.

      It skowen tusken de ferskate dielplafonds.

  • 4.

    As in subsydzje-oanfraach noch net folslein is, jildt foar it fêststellen fan de ûnderlinge oardering foar de ferdieling fan it subsydzje de dei dat de subsydzje-oanfraach folslein is as datum fan ynkommen.

  • 5.

    Driget op in dei dat der oer it subsydzjeplafond hinne gien wurdt, dan kriget de oardering fan de op dy dei ynkommen folsleine subsydzje-oanfragen troch lotsjen syn beslach.

Kêst 6 Wegeringsgrûnen

In subsydzje wurdt yn alle gefallen wegere foar safier’t;

  • a.

    de oanfreger net yn de doelgroep fan de regeling falt;

  • b.

    oan de lokaasje yn deselde oanfraachperioade, lykas yn kêst 4, earste lid neamd, al earder subsydzje takend is dat ûnder deselde kategory falt sa as beneamd yn kêst 7;

  • c.

    de aktiviteit net foldocht oan ien of mear fan de hifkingskritearia dy’t beskreaun steane yn kêst 8;

  • d.

    der terjochte reden bestiet dat de aktiviteit yn finansjele, organisatoaryske of technyske sin net te heljen is;

  • e.

    in oanfraach bûten de oanfraachperioade, lykas neamd yn kêst 4, earste lid ûntfongen wurdt; of

  • f.

    as de aktiviteit nei it oardiel fan Deputearre Steaten net genôch op it befoarderjen fan it oanbod Fryske taal en kultuer rjochte is.

Kêst 7 Subsidiabele aktiviteiten

Deputearre Steaten kinne oan in oanfreger, lykas steld is yn kêst 3, in kostesubsydzje foar ien of mear fan de neikommende kategoryen beskikber stelle:

  • a.

    it troch ien of mear meiwurkers of wurknimmers dielnimmen oan in skoallings- of opliedingsaktiviteit op it mêd fan de Fryske taal en kultuer of meartalige didaktyk mei it each op it fuortsterkjen of fergrutsjen fan de posysje fan it Frysk yn it ûnderwiis;

  • b.

    it oanskaffen fan Frysktalige fysike of digitale lêsboeken, lesmetoaden of oar ûnderwiismateriaal, as dat nedich is om it Frysk in yntegraal plak yn it aktiviteite-oanbod te jaan;

  • c.

    it dielnimmen yn organisearre groepsferbân oan in aktiviteit mei as eachmerk kultueredukaasje;

  • d.

    It frijroasterjen en of ferfangen fan in wurknimmer of meiwurker om dizze persoan by steat te stellen in kursus of oplieding folgje te litten op it mêd fan de Fryske taal en kultuer of meartalige didaktyk mei it each op it fuortsterkjen of fergrutsjen fan de posysje fan it Frysk op de fêstigingslokaasje.

Kêst 8 Hifkingskritearia

  • 1.

    Om foar in kostesubsydzje yn oanmerking te kommen foar in skoallings- of opliedingsaktiviteit lykas fêststeld yn kêst 7, oanhef, ûnderdiel a, wurdt foldien oan de neikommende kritearia:

    • a.

      de skoallings- of opliedingsaktiviteit wurdt inkeld en allinne folge troch ien of meardere by de oanfreger wurkjende meiwurkers of wurknimmers;

    • b.

      de oanfreger toant goedernôch oan dat der ferlet is fan it folgjen fan de skoallings- of opliedingsaktiviteit foar it ferbetterjen fan it ûnderwiis yn de Fryske taal en kultuer of de meartalige didaktyk;

    • c.

      de skoallings- of opliedingsaktiviteit wurdt troch in saakkundich dosint of een opliedinginstitút fersoarge;

    • d.

      De skoallings- of opliedingsaktiviteit dy’t folge wurdt hat it doel om dat mei in skoallingsbewiis, diploma of sertifikaat ôf te sluten.

  • 2.

    Om foar kostesubsydzje yn oanmerking te kommen foar it oanskaffen fan Frysktalige fysike of digitale lêsboeken, lesmetoaden of oar ûnderwiismateriaal as fêststeld yn kêst 7, oanhef, ûnderdiel b, wurdt troch de oanfreger foldwaande taljochte yn it ta te heakjen projektplan, dat de oan te skaffen nije lesmaterialen nedich binne foar it fersoargjen fan de ûnderwiistaak yn of oer it Frysk en noch net of noch net genôch oanwêzich binne.

  • 3.

    Om foar kostesubsydzje yn oanmerking te kommen foar in aktiviteit as fêststeld yn kêst 7, oanhef, ûnderdiel c, is der sprake fan in organisearre aktiviteit kultueredukaasje yn groepsferbân dy’t diel útmakket fan of bydraacht oan it strukturele oanbod Frysk op de lokaasje. De oanfreger ljochtet dat foldwaande ta yn it ta te heakjen projektplan.

  • 4.

    Om foar kostesubsydzje yn oanmerking te kommen foar in aktiviteit as fêststeld yn kêst 7, oanhef, ûnderdiel d, wurdt de meiwurker of wurknimmer ferfongen om in skoallingsaktiviteit of opliedingaktiviteit folgje te kinnen op it mêd fan de Fryske taal en kultuer of meartalige didaktyk of frijroastere foar wûrksaamheden mei it each op it fuortsterkjen of fergrutsjen fan de posysje fan it Frysk op de lokaasje, sadat de wurksumheden fan de meiwurker of wurknimmer net ûnderbrutsen wurde.

Kêst 9 Subsidiabele kosten

  • 1.

    Foar in aktiviteit as fêststeld yn kêst 7, oanhef, ûnderdiel a, komme foar subsydzje yn oanmerking, de kosten fan it dielnimmen oan in oplieding, training, seminar of kursus troch wurknimmers fan de rjochtsfoarm fan de oanfreger.

  • 2.

    Foar in aktiviteit as fêststeld yn kêst 7, oanhef, ûnderdiel b, komme foar subsydzje yn oanmerking de kosten fan it oanskaffen fan fysike of digitale ûnderwiismetoaden, lêsboeken of oar ûnderwiismateriaal foar safier it foar it befoarderjen fan it ûnderwiis yn de Fryske taal en kultuer brûkt wurde kin.

  • 3.

    Foar in aktiviteit as fêststeld yn kêst 7, oanhef, ûnderdiel c, komme de streekrjochte kosten dy’t makke wurde by it dielnimmen oan in aktiviteit rjochte op kultueredukaasje yn of oer de Fryske taal en kultuer foar subsydzje yn oanmerking.

  • 4.

    Foar kosten lykas neamd yn it earste, twadde of tredde lid dêr't ferplichtings foar oangien binne foar it ûntfangen fan de oanfraach, op syn heechst trije moannen foarôfgeand oan de iepenstelling lykas neamd yn kêst 4, earste lid, kin yn ôfwiking fan itjinge dat fêststeld is yn kêst 1.10, earste lid, oanhef en ûnderdiel h, fan de Algemene subsidieverordening 2013, subsydzje ferliend wurde.

  • 5.

    Foar in aktiviteit as fêststeld yn kêst 7, oanhef, ûnderdiel d, komme foar subsydzje yn oanmerking, it tal oeren fan it frij te roasterjen personielslid dat brûkt wurde sil om it Frysk yn it ûnderwiis te ferbetterjen.

Kêst 10 Net-subsidiabele kosten

Unfermindere wat yn kêst 1.10 fan de Asv 2013 fêststeld is, komme de neikommende kosten net foar subsydzje yn oanmerking:

  • a.

    reistiid, parkearkosten en brânstof by ynset fan eigen ferfier;

  • b.

    de oanskaf fan hardware;

  • c.

    de kosten dy’t ferbân hâlde mei festiviteiten, mar net daliks as doel hawwe it oanbod op it mêd fan de Fryske taal en kultuer te befoarderjen;

  • d.

    omsetbelesting is allinne mar subsidiabel foar safier’t it troch de oanfreger net ferrekkene wurde kin.

Kêst 11 Maksimale subsydzje en persintaazjes

  • 1.

    Foar in aktiviteit, as fêststeld yn kêst 7, oanhef, ûnderdiel a 100% fan de subsidiabele kosten mei in maksimum fan € 5.000;

  • 2.

    Foar in aktiviteit, as fêststeld yn kêst 7, oanhef, ûnderdiel b 100% fan de subsidiabele kosten mei in maksimum fan € 2.000;

  • 3.

    Foar in aktiviteit, as fêststeld yn kêst 7, oanhef, ûnderdiel c, 100% fan de subsidiabele kosten mei in maksimum fan € 2.500 foar kulturele aktiviteiten, en in maksimum fan € 500 foar reiskosten;

  • 4.

    It subsydzje bedraacht foar in aktiviteit, as fêststeld yn kêst 7, oanhef, ûnderdiel d, foar oanfregers lykas bedoeld yn kêst 3 foar:

    • a.

      sertifisearre foarskoalske opfanglokaasje: € 20 it oere mei in maksimum fan € 2.000;

    • b.

      skoallen yn it basisûnderwiis en spesjaal basisûnderwiis, fuortset ûnderwiis, spesjaal ûnderwiis en praktykûnderwiis: € 40 it oere mei in maksimum fan € 4.000; of

    • c.

      middelber of heger beropsûnderwiis of yn it wittenskiplik ûnderwiis: € 50,- it oere mei in maksimum fan € 5.000.

Kêst 12 Ferplichtings fan de subsydzjeûntfanger

Unfermindere de ferplichtings dy’t út de Awb en de kêsten 2.13 en 2.14 fan de Asv 2013 folgje, is de subsydzjeûntfanger ferplichte om:

  • a.

    De aktiviteiten wurde útfierd yn it skoaljier wêrfoar’t de subsydzje-oanfraach yntsjinne is.

  • b.

    as net foldien wurde kin oan de ûnder a neamde ferplichting kin de útfieringstermyn fan it projekt mei maksimaal seis moanne, of yn gefal fan opliedingsaktiviteit as fêststeld yn kêst 7, oanhef, ûnderdiel a, fjouwer jier, ferlinge wurde as dêrta in skriftlik en ûnderboud fersyk yntsjinne wurdt op syn minst ien moanne foarôfgeand oan it ôfrinnen fan de termyn;

  • c.

    kosten fan de subsidiearre aktiviteit sels te meitsjen en te beteljen;

  • d.

    de kosten fan de útfiering fan it projekt op in dúdlike wize yn de projektadministraasje fan de subsydzjeûntfanger wer te jaan, te ûnderskieden nei de ferskate, yn de beskikking ta subsydzjefêststelling ûnderskate subsidiabele kosten;

  • e.

    as dêr om frege wurdt, maksimaal fiif jier nei it ferstriken fan de eindatum fan de subsidiearre aktiviteit of nei it realisearjen fan de subsidiearre aktiviteit, oan te toanen dat de aktiviteit neffens de oanfraach syn beslach krige hat en dat oan de subsydzjefêststelling ferbûne ferplichtings foldien is.

Kêst 13 Fêststelling en ferantwurding

  • 1.

    In kostesubsydzje dy’t beskikber steld wurdt op grûn fan dizze paragraaf wurdt daliks fêststeld.

  • 2.

    Yn gefal fan in fersyk as fêststeld yn kêst 12 oanhef en ûnder f, jout de subsydzjeûntfanger alle troch Deputearre Steaten opfrege ynformaasje, mei dêrûnder yn alle gefallen:

    • a.

      kopyen fan faktueren en betelbewizen oangeande de makke en betelle kosten fan de subsidiearre aktiviteit;

    • b.

      as subsydzje beskikber steld is foar in aktiviteit as fêststeld yn kêst 7, oanhef, ûnderdiel a, kopyen fan de beskikber stelde skoallingsbewizen dy’t oan wurknimmers of meiwurkers fan de foarskoalske opfang útrikt binne;

    • c.

      as subsydzje beskikber steld is foar in aktiviteit as fêststeld yn kêst 7, oanhef, ûnderdiel d: bewiis fan dielnimmen oan in skoalling of oplieding as ferantwurding fan de ferfanging en kopyen fan de arbeidsoerienkomst en leanbriefkes fan de tydlik yn tsjinst nommen wurknimmer of de ynhieroerienkomst, faktueren of betelbewizen fan de ynhierde meiwurker.

  • 3.

    It net foldwaan oan it twadde lid fan dit kêst, liedt yn alle gefallen ta it ynlûken fan de subsydzjefêststelling en ta it weromfoarderjen fan it fêststelde subsydzjebedrach by de subsydzjeûntfanger.

Kêst 14 Oergongsrjocht

  • 1.

    De Subsydzjeregeling Frysk foar no en letter 2021-2024 fan foargeande iepenstelling wurdt ynlutsen.

  • 2.

    Subsydzjes út de foargeande iepenstelling wurde ôfrekkene neffens de bepalings út de subsydzjeregeling wêrûnder’t sy beskikber steld binne.

Kêst 15 It yngean

Dizze regeling giet yn mei yngong fan de dei nei de datum fan útjefte fan it Provinciaal Blad dêr’t sy yn pleatst wurdt.

Kêst 16 Siteartitel

Dizze regeling wurdt oanhelle as: Subsydzjeregeling Frysk foar no en letter.

Sa fêststeld yn de gearkomste fan Deputearre Steaten fan Fryslân fan datum 2 april 2024

drs. A.A.M. Brok, foarsitter

drs. ing. J.J. Algra, sekretaris

Taljochting op de Subsydzjeregeling Frysk foar no en letter 2021-2024

Algemien

 

Dizze regeling fasilitearret it ûnderwiisfjild yn de rânebetingsten om goed Frysk ûnderwiis jaan te kinnen. Under Frysk fersteane wy de Fryske taal, of in aktyf brûkte streektaal yn Fryslân. Dêrby kin tocht wurde oan it oanskaffen fan kwalitatyf goed ûnderwiismateriaal, it profesjonalisearjen fan de learkrêften of it frijroasterjen fan in taalkoördinator om it Frysk yn it taalbeliedsplan op te nimmen en te ymplemintearjen.

 

Oanfreger

 

De Wpû, Wfû en Whwû, bepale dat de direkteur it foech hat te hanneljen út namme fan de skoalle foar û.o. managementtaken. Wy sjogge dy ynfolling ek tapasber op it foech om subsydzje út ûnderlizzende regeling oan te freegjen, sjoen it feit dat dat ûnderdiel útmakket fan it stal jaan fan it fak Frysk yn it ûnderwiis.

 

Oanfraachformulier

 

Lês foar it ynfoljen fan it formulier de regeling goed troch. Kies it oanfraachformulier dat past by de aktiviteiten dêr’t jo subsydzje foar oanfreegje wolle. Folje alle fragen yn en jou yn it taheakke projektplan dúdlik oan wêrom’t en hoe’t dy aktiviteiten bydrage oan it fuortsterkjen fan it Frysk op jo lokaasje of skoalle. As jo subsydzje oanfreegje foar materiaal of foar kulturele aktiviteiten dan fersykje wy jo in offerte of de faktuer by it oanfraachformulier ta te heakjen; yn it gefal fan in screenshot moat de datum sichtber wêze. Op dy wize is it dúdlik wat de kosten krekt binne en kin jo subsydzje dêrop basearre wurde.

 

Meartaligens

 

Ek foar meartaligens kin subsydzje oanfrege wurde as it Frysk dêr in ûnderdiel fan is, bygelyks trije-talige materialen. Jou yn it ta te heakjen projektplan dúdlik oan dat it om meartaligens giet en op hokker wize dat it Frysk ûnderwiis stipet.

 

Materiaal

 

Under de subsidiabele aktiviteit ‘materiaal’ kin, neist les- en lêsmateriaal, ek tocht wurde oan faktydskriften of oar materiaal wêrmei’t it personiel it hanneljen oangeande it Frysk ûnderwiis ferbetterje kin. It materiaal mei ek brûkt wurde om oare fakken yn it Frysk oanbiede te kinnen.

 

Kulturele aktiviteiten

 

By kulturele aktiviteiten kin ek tocht wurde oan erfgoed, histoarje of natuer. As de link mei Fryslân of it ûnderwiis yn Fryske taal en kultuer dat op de skoalle jûn wurdt mar dúdlik makke wurdt yn it ta te heakjen projektplan.

 

As der gebrûk makke wurdt fan Iepenbier Ferfier of groepsferfier (hierbuske, buskes), binne dy kosten wol subsidiabel.

 

Ferfange

 

De subsidiabele aktiviteit ferfange, lykas beneamd yn kêst 7 ûnder d, hat as doel personiel by steat te stellen in skoalling of oplieding ûnder wurktiid te folgjen. Mei it subsydzje kin dan foar in part in ferfanger ynhierd wurde. Dy ferfanger moat dan wol de passende kwalifikaasjes hawwe.

 

Frijroasterjen

 

De aktiviteit frijroasterje is net allinnich bedoeld om in personielslid te ferfangen yn it gefal dat in skoalling of oplieding ûnder wurktiid falt, mar ek om in personielslid tiid te jaan om it Frysk ûnderwiis te ferbetterjen op allegear ferskate wizen.

 

Der kin tocht wurde oan it opstellen en ymplemintearjen fan it taalbeliedsplan, it bywenjen fan kongressen, it ûntwikkeljen fan lesmateriaal, it organisearjen fan aktiviteiten foar bygelyks lêsbefoardering, it netwurkjen mei oare skoallen mar ek tiid om as gastsprekker oer it Frysk ûnderwiis wat te fertellen, ensafuorthinne. Yn it taheakke projektplan by it oanfraachformulier moat dúdlik oanjûn wurde wat der yn de frijroastere tiid dien wurde sil, hoefolle oeren oft dêr krekt foar nedich binne en hoe’t dat it Frysk ferbetteret.

 

De berekkening fan it bedrach de oere is basearre op it gemiddeld oerelean. Der is sjoen nei de CAO fan de sektor, de funksje en de skaal dy't fan tapassing is by in learkrêft, dosint, of pedagogysk meiwurker. Op basis dêrfan is in gemiddeld bedrach berekkene.

 

Help by it yntsjinjen fan in oanfraach

 

Hawwe jo fragen oer it yntsjinjen fan in oanfraach? Binne jo bygelyks net wis oft de plannen dy’t jim hawwe al as net subsidiabel binne? Nim dan kontakt op mei it klantekontaktsintrum fan de provinsje Fryslân fia 058 – 292 59 25 of stjoer in e-mail nei provincie@fryslan.frl.

 

Taljochting yn folchoarder fan de kêsten

 

Kêst 1 Begrypsbepaling

 

Opliedingsaktiviteit as bepaald yn kêst 1, oanhef en ûnderdiel i; Allinne opliedingen dy’t mei yn diploma ôfsletten wurde binne subsidiabel, oare skoallingsfoarmen net.

 

Kêst 4 Ferdielsystematyk

 

De ferdielsystematyk is op basis fan it prinsipe ‘wa’t earst yn de roef komt, hat kâns fan plak’. De folsleinens fan de oanfraach is dêrby lykwols beskiedend foar de datum fan ynkommen. Dat betsjut dat yn gefal dat in ûntfongen oanfraach ûnfolslein is, de datum fan ûntfangst fan dy oanfraach fêststeld wurdt op it stuit dat de oanfraach folslein oanfolle is en dy folsleine oanfolling troch Deputearre Steaten op it kontaktadres dat yn it oanfraachformulier oanjûn is, ûntfongen is. Nei ûntfangst fan in folsleine oanfraach wurdt de oanfraach ynhâldlik beoardiele oan de hân fan de regeling en sil beoardiele wurde oft de oanfraach foar subsydzje yn oanmerking komt.

 

Kêst 6 Wegeringsgrûnen

 

In oanfraach komt net foar subsydzje yn oanmerking as der sprake is fan in wegeringsgrûn.

 

Underdiel d skriuwt foar dat in oanfraach wegere wurde kin as der in goede reden bestiet dat in aktiviteit net helber is. Dat kin bygelyks wêze omdat in aktiviteit net genôch (finansjeel) ûnderboud is, net realistysk is, der twivel is oer de finansjele helberens, it plan planologysk net helber is, ensfh.

 

Kêst 7 Subsidiabele aktiviteiten

 

Under skoallingsaktiviteiten lykas bedoeld ûnder a falle ûnder oare de kursus Klasse Frysk, de kursussen fan de Afûk, of in oare kursus dy’t mei de Fryske taal en kultuer of de meartalige didaktyk te krijen hat.

 

It ûnderwiismateriaal bedoeld ûnder b moat ynset wurde kinne foar it befoarderjen fan de Fryske taal en/of kultuer. De subsydzje kin bygelyks brûkt wurde om materiaal oan te skaffen om in skiednisles yn it Frysk te jaan.

 

By in aktiviteit lykas bedoeld ûnder c kin tocht wurde oan bygelyks in stedskuier lâns histoaryske plakken of in gastkolleezje oer de Fryske skiednis.

 

Kêst 8 Hifkingskritearia

 

As in oanfraach dien wurdt foar in skoallings- of opliedingsaktiviteit, lykas bedoeld yn kêst 7 ûnder a fan dizze regeling, dan moat de oanfreger op it oanfraachformulier oanjaan dat der op it stuit op de foarskoalske opfanglokaasje of yn it ûnderwiis ferlet is fan profesjonalisearring fan it personiel, lykas beneamd yn it earste lid ûnder b. Dat kin bygelyks wêze omdat de learkrêft it foech Frysk noch net hat of dat de pedagogysk meiwurker in kursus oer meartalige ûntwikkeling foar jonge bern folgje wol.

 

Kêst 9 Subsidiabele kosten

 

As subsidiabele kosten komme allinne dy kosten yn oanmerking sa’t dy in dit kêst neamd wurde en foar safier’t se needsaaklik en reedlik binne foar it realisearjen fan de subsidiabele aktiviteit as omskreaun yn kêst 7, mei útsûndering fan de kosten as neamd yn kêst 10 fan de regeling en kêst 1.10 fan de Asv 2013.

 

Kêst 10 Net-subsidiabele kosten

 

Yn dit kêst wurde de net-subsidiabele kosten opneamd dy’t yn in oanfraach begrutte wurde kinne. Dat is in net limitative opsomming fan net-subsidiabele kosten, om’t kosten lykas neamd yn kêst 1.10 fan de Asv 2013 ek net foar subsydzje yn oanmerking komme.

 

Mei de oanskaf fan hardware, lykas neamd yn it twadde lid, wurdt bedoeld it oanskaffen fan stuollen, digibuorden, tablets, pennen en oar fysyk materiaal dat net daliks ferbân hâldt mei it befoarderjen fan de Fryske taal en kultuer.

 

As in foarskoalske opfanglokaasje of in skoalle in festiviteit organisearje wol mei spesifyk omtinken foar de Fryske taal en kultuer, dan binne de kosten fan bygelyks it hieren fan in seal, it gebrûk fan in springkjessen of de ketering net subsidiabel.

 

Kêst 13 Fêststelling en ferantwurding

 

In yn it ramt fan dizze regeling beskikber stelde subsydzje wurdt daliks fêststeld. Dat betsjut dat de subsydzjeûntfanger nei realisaasje fan de subsidiearre aktiviteit gjin fêststellingsfersyk hoecht yn te tsjinjen, dêr’t sy (finansjele) ferantwurding oan Deputearre Steaten mei ôfleit.

 

Lykwols kinne Deputearre Steaten de yn it ramt fan de regeling beskikber stelde subsydzjes kontrolearje, al as net mei stekproeven. As in subsydzjeûntfanger kontrolearre wurdt, is hy of sy ferplichte om oan te toanen dat de subsidiearre aktiviteit ferrjochte is en dat oan de ferplichtings dy’t oan it beskikber stellen fan it subsydzje ferbûn wiene, foldien is. Dêrta ferskaft de subsydzjeûntfanger alle ynformaasje dy’t Deputearre Steaten by har opfreegje. Dêrûnder falle yn alle gefallen de stikken lykas oanjûn. Yn oanfolling dêrop kinne ek oare stikken dy’t ferbân hâlde mei de kontrôle op de fêststelde subsydzjes opfrege wurde.

 

As út de (stekproef)kontrôle ûngeregeldheden bliken dogge en/of konstatearre wurdt dat net oan de ferplichtings dy’t oan it beskikber stellen fan it subsydzje ferbûn wiene, foldien is, dan kin dat gefolgen hawwe foar de subsydzjefêststelling. In subsydzjefêststelling kin yn it neidiel fan de subsydzjeûntfanger wizige of ynlutsen wurde. Boppesteande kin derta liede dat útbetelle subsydzjebedraggen weromfoardere wurde.