Organisatie | Achtkarspelen |
---|---|
Organisatietype | Gemeente |
Officiële naam regeling | Nota Frysk taalbeleid 2017-2021 |
Citeertitel | Nota Frysk taalbeleid 2017-2021 |
Vastgesteld door | gemeenteraad |
Onderwerp | financiën en economie |
Eigen onderwerp |
Deze regeling bevat de vroegst mogelijke datum van inwerkingtreding.
Onbekend
Datum inwerkingtreding | Terugwerkende kracht tot en met | Datum uitwerkingtreding | Betreft | Datum ondertekening Bron bekendmaking | Kenmerk voorstel |
---|---|---|---|---|---|
06-07-2023 | nieuwe regeling | 06-04-2017 | Z2020-05459 en Z2018-13724 |
It liket allegear sa fansels. Achtkarspelen is twatalich en dus – sa soenen jo ferwachtsje – spylje Frysk en Nederlânsk min of mear in lykweardige rol yn it deistich ferkear. En dochs is dat alderminst it gefal. Nim no de buorden yn en om it gemeentehûs. Oars as by in soad oare gemeenten binne dy stik foar stik Nederlânsktalich. Of ús riedsstikken. Op in inkele útsûndering yn it Nederlânsk. Net ien dy’t it opfalt, net ien dy’t der wat fan seit, net ien dy’t de finger opstekt.
Oant it tsjinoerstelde it gefal is. In beliedsnota yn it Frysk. Fuortendaliks komt in riedsfraksje yn aksje. Oft dizze mar efkes oerset wurde kin sa’t ek de finesses fan it belied de belutsenen net ûntkomme. En sjoch, oarsom bart dat dus nea. Reden genôch om in pear kanttekenings by dy lykweardige rol fan beide talen te pleatsen, mar ek reden genôch om it spesifike plak en de posysje en rol fan it Frysk yn ús mienskip neier te tsjutten. En as lêste, reden genôch om de ferantwurdlikens dy’t de gemeentlike oerheid mei klam foar harsels sjocht, te bepalen. Ik fertrou der op dat dizze nota dêryn foarsjocht.
Ut namme fan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders,
Sjon Stellinga, wethâlder Frysk
Untbleatsjen fan it Frysktalige nammeboerd Reaskuorre yn febrewaris 2017. Yn novimber 2016 binne de nammen fan de buorskippen yn it Frysk fêststeld.
It behearskingsnivo fan it Frysk yn ús gemeente is, ferlike mei hiel Fryslân, heech. Dat jildt benammen foar de mûnlinge feardigens, it Frysk ferstean en praten. Inkele sifers:
De algemiene doelstelling fan it Frysk taalbelied is:
it kreëarjen fan rânebetingsten foar it behâld en fuortsterkjen fan de Fryske taal.
By it realisearjen fan boppesteande doelstelling steane de neikommende útgongspunten sintraal.
Gemeente Achtkarspelen stribbet nei lykweardigens yn talen
It taalbelied fan Achtkarspelen is basearre op lykweardigens fan it Frysk en it Nederlânsk. Ut dat útgongspunt wei fine wy it wichtich dat boargers, amtners en bestjoerders sels kieze kinne oft se Frysk of Nederlânsk prate en skriuwe èn fan wjerskanten respekt ha foar it gebrûk fan de taalkar fan elkoar.
Gemeente Achtkarspelen kiest foar twataligens
Wy kieze foar twataligens fanút it begjinsel fan lykweardigens wei. Dat hâldt yn dat wy by it brûken fan de taal in kar meitsje foar de Nederlânske òf de Fryske taal. Yn dêrfoar gaadlike situaasjes kinne wy kieze foar dûbeltaligens.
Gemeente Achtkarspelen hat in foarbyldfunksje
Wy striele nei ús ynwenners út dat hja yn ús gemeente sawol Nederlânsk as Frysk prate en skriuwe kinne. Wy wolle de sichtberens fan it Frysk fergrutsje en it draachflak ferbreedzje. Yn har foarbyldfunksje sil Achtkarspelen wat it Frysk oanbelanget inisjearjend en stimulearjend wêze.
Oan 'e hân fan de domeinen sa’t dy hantearre wurde yn it Europeesk Hânfest foar regionale of minderheidstalen beskriuwe wy de hjoeddeistige situaasje fan it Frysk op it mêd fan bestjoer, ûnderwiis, sûnenssoarch en wolwêzen, kultuer en media. Dêrneist ha wy op dizze terreinen sawol doelstellings en útgongspunten as nije ympulsen foar de kommende jierren formulearre.
Het beheersingsniveau van het Fries in onze gemeente is vergeleken met heel Fryslân hoog. Dat geldt vooral voor de mondelinge vaardigheden, het Fries verstaan en praten. Enkele cijfers:
De algemene doelstelling van het Fries taalbeleid is:
het creëren van randvoorwaarden voor het behoud en bevorderen van de Friese taal.
Bij het realiseren van bovenstaande doelstelling staan onderstaande uitgangspunten centraal.
Gemeente Achtkarspelen streeft naar gelijkwaardigheid van talen
Het taalbeleid van Achtkarspelen is gebaseerd op gelijkwaardigheid van het Fries en het Nederlands. Vanuit dit uitgangspunt vinden wij het belangrijk dat burgers, ambtenaren en bestuurders zelf kunnen kiezen of ze Fries of Nederlands praten en schrijven èn wederzijds respect hebben voor het gebruik van elkaars taalkeuze.
Gemeente Achtkarspelen kiest voor tweetaligheid
Wij kiezen voor tweetaligheid vanuit het beginsel van gelijkwaardigheid. Dit houdt in dat wij bij het gebruik van de taal een keuze maken voor de Nederlandse òf de Friese taal. In daarvoor geschikte situaties kiezen wij voor dubbeltaligheid.
Gemeente Achtkarspelen heeft een voorbeeldfunctie
Naar onze inwoners stralen wij uit dat zij in onze gemeente zowel Nederlands als Fries kunnen spreken en schrijven. Wij willen de zichtbaarheid van het Fries vergroten en het draagvlak verbreden. In haar voorbeeldfunctie zal Achtkarspelen wat betreft het Fries initiërend en stimulerend zijn.
Aan de hand van de domeinen zoals die worden gehanteerd in het Europees Handvest voor regionale talen of talen van minderheden beschrijven wij de hedendaagse situatie van het Fries op het gebied van bestuur, onderwijs, gezondheidszorg en welzijn, cultuur en media. Hiernaast hebben wij op deze terreinen zowel doelstellingen en uitgangspunten als nieuwe impulsen voor de komende jaren geformuleerd.
Oanlieding Nota Frysk taalbelied
De hjoeddeistige Nota Frysk taalbelied Achtkarspelen is opsteld foar de perioade 2013- 2016. Dêrom is in nije nota foar de kommende fjouwer jier taret en it hjoeddeistige belied aktualisearre. Ek de ‘Wet gebrûk Fryske taal’, dy’t fan 1 jannewaris 2014 ôf fan krêft is, ferget desintrale oerheden yn Fryslân om in eigen taalbeliedsplan én in taalferoardering fêst te stellen. Op 6 april 2017 hat de gemeenteried in nije taalferoardering fêststeld. No is in nije beliedsnota oan bar.
Oan de hân fan de saneamde Taalbeliedsmakker fan de Afûk hawwe der petearen west tusken de gemeente en de Afûk. De Taalbeliedsmakker jout boustiennen foar in nota Frysk taalbelied. De struktuer fan de Taalbeliedsmakker is ûntliend oan it Europeesk Hânfest foar regionale en minderheidstalen en bestiet út fjouwer domeinen: bestjoer, ûnderwiis, sûnenssoarch en wolwêzen, kultuer en media.
Wy ha de stân fan saken beskreaun fan de reguliere aktiviteiten en de nije ympulsen út de Nota Frysk taalbelied Achtkarspelen 2013-20161. De nije ympulsen dy’t wy de ôfrûne jierren útfierd ha en dy’t in struktureel karakter ha, binne yn dizze nota opnommen.
Op 9 maaie ha wy in ynteraktive gearkomste foar riedsleden en oare belutsenen organisearre2. De resultaten fan dizze gearkomste binne safolle mooglik ferwurke yn de nota dy’t no foarleit.
Yn haadstik 1 jouwe wy in beskriuwing fan it ramt foar it Frysk taalbelied, sawol ynternasjonaal, nasjonaal as provinsjaal. Yn haadstik 2 komme der guon sifers nei foaren oer de taalsituaasje yn Achtkarspelen en de gemeentlike organisaasje. Dêrnei formulearje wy yn haadstik 3 de doelstelling en útgongspunten fan it Frysk taalbelied yn ús gemeente. Yn haadstik 4 oant en mei 7 beskriuwe wy de hjoeddeistige situaasje oangeande it Frysk op de ferskate domeinen en beneame wy doelstellings en útgongspunten foar de kommende jierren. De taalnota slute wy ôf mei in útfieringsplan dêr't wy per ûnderdiel de nije ympulsen foar de kommende fjouwer jier mei de finansjele konsekwinsjes op in rychje set ha (haadstik 8).
Yn dit haadstik beskriuwe wy it (wetlik) ramt fan it Frysk taalbelied, sawol op ynternasjonaal, nasjonaal en provinsjaal nivo.
Nederlân hat him as lidsteat fan de Ried fan Europa ferplichte om it Frysk te beskermjen en te befoarderjen troch de ratifikaasje fan it Ramtferdrach foar de beskerming fan nasjonale minderheden. Dêrnjonken hat Nederlân it Europeesk Hânfest foar regionale en minderheidstalen ratifisearre. Krekt dat dokumint biedt in stevich fûnemint foar taalbelied foar ûnder oaren Fryske gemeenten.
Europeesk Hânfest foar regionale en minderheidstalen
It Hânfest is in unyk ferdrach tusken de steaten dy't oerienkommen binne om te wurkjen oan in takomst dy't geunstich is foar talen. It jout sekuere hânfetten foar it beskermjen en befoarderjen fan minderheidstalen yn it deistich libben.
Fan de lidsteaten wurdt frege om noed te stean foar it ûnderwiis yn de regionale of minderheidstaal, foar foarsjenningen yn de media lykas krante, radio en telefyzje, mar ek foar foarsjenningen yn it iepenbier bestjoer.
Nederlân hat it Frysk yn 1970 offisjeel erkend yn it rapport fan de kommisje Friese Taalpolitiek. Fan dat stuit ôf hawwe der ferskate wetten en ôfspraken west dy't de posysje fan it Frysk boargje. Hjoed de dei binne benammen de Wet gebrûk Fryske taal en de Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer fan belang.
Earder wie de posysje fan it Frysk yn de Algemiene wet bestjoersrjocht en de Wet Frysk yn it rjochtsferkear regele. De Wet gebrûk Fryske taal, dy’t fan 2014 ôf fan krêft is, bondelet dy beide eardere wetten en fersterket de mooglikheden foar it brûken fan it Frysk yn it (formele) rjochtsferkear en it (formele) bestjoerlike ferkear. Utgongspunt dêrby is it waarboargjen fan de likense posysje fan it Frysk en it Nederlânsk. De taalwet ferankeret tagelyk de posysje fan it Orgaan foar de Fryske taal, mei wetlike taken oangeande de beskerming en befoardering fan it Frysk.
Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer
Yn 2013 is de nije Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer (BFTK) troch ryk en provinsje ûndertekene. Yn de BFTK steane foar de kommende fiif jier ôfspraken dy't de Fryske taal en kultuer befoarderje op it mêd fan ûnder oaren ûnderwiis, oerheden, media en kultuer, soarch en wolwêzen en ynternasjonale útwikselingen. De BFTK is in útwurking fan ferdrachsferplichtingen foar de Fryske taal en kultuer oer it ynternasjonale ferdrach en hânfêst. It wurdt om de safolle tiid opsteld en leit de mienskiplike ferantwurdlikens fan ryk en provinsje foar de Fryske taal en kultuer fêst.
It provinsjaal bestjoer hat in eigen rol en ferantwurdlikens as it giet om it yn stân hâlden en befoarderjen fan de Fryske taal en kultuer.
Beliedsbrief ‘Mei hert, holle en hannen 2017-2020’
Yn de beliedsbrief ‘Mei hert, holle en hannen 2017-2020’ hat de provinsje it belied fêststeld op it mêd fan kultuer, taal, ûnderwiis en sport. De folgjende fiif haadlinen steane sintraal:
Dizze fjouwer jier steane yn it teken fan in provinsje dy’t yn ‘e mande mei ynwenners, ynstellings, de gemeenten en de ryksoerheid oan in libben en krêftich Fryslân wurket. In Fryslân mei kleur en smaak.
Dêroerhinne wurdt it Deltaplan Frysk yn it wurk set. It Deltaplan Frysk kent de neikommende ûnderdielen:
2.1 Taalsituaasje yn Achtkarspelen
De provinsje Fryslân hat yn 2007, 2011 en 2015 de Fryske taalatlas útbrocht. De taalatlas jout in oersjoch fan de Fryske taal ûnder de ynwenners fan Fryslân. De measte ynformaasje yn de taalatlas komt út grutskalich taalûndersyk dat de provinsje útfierd hat ûnder de ynwenners fan de provinsje. Yn 2015 binne der 28.000 fragelisten ferstjoerd; de respons wie sa'n 35%. Dêrmei is de hifking represintatyf te neamen. Yn ûndersteande tabel fergelykje wy de taalsituaasje yn Achtkarspelen mei it gemiddelde yn Fryslân, yn 2007, 2011 en 20153.
(boarne: Provinsje Fryslân, De Fryske taalatlas: Fryske taal yn byld)
2.2 Taalsituaasje yn de gemeentlike organisaasje
Yn maart fan 2017 is oan alle meiwurkers fan de trije amtlike organisaasjes frege om in enkête Frysk yn te foljen. De respons op de enkête wie goed, 47% fan de meiwurkers hat de enkête ynfold. Ut de enkête docht bliken dat4:
3. Doelstelling en útgongspunten
Yn dit haadstik formulearje wy de algemiene doelstelling en útgongspunten foar it Frysk taalbelied. By de ferskate domeinen (haadstik 4 o/m 7) beneame wy ek doelstellings en útgongspunten.
De algemiene doelstelling fan it Frysk taalbeleid is:
it kreëarjen fan rânebetingsten foar it behâld en fuortsterkjen fan de Fryske taal.
By it realisearjen fan boppesteande doelstelling steane de neikommende útgongspunten sintraal.
Gemeente Achtkarspelen stribbet nei lykweardigens yn talen
It gemeentlik taalbelied fan Achtkarspelen is basearre op lykweardigens fan it Frysk en it Nederlânsk. Ut dat útgongspunt wei fine wy it wichtich dat boargers, amtners en bestjoerders sels kieze kinne oft se Frysk of Nederlânsk prate en skriuwe èn fan wjerskanten respekt ha foar it gebrûk fan de taalkar fan elkoar.
Gemeente Achtkarspelen kiest foar twataligens
Wy kieze foar twataligens fanút it begjinsel fan lykweardigens wei. Dat hâldt yn dat wy by it brûken fan de taal in kar meitsje foar de Nederlânske òf de Fryske taal. Yn dêrfoar gaadlike situaasjes kinne wy kieze foar dûbeltaligens.
Gemeente Achtkarspelen hat in foarbyldfunksje
Wy striele nei ús ynwenners út dat der yn ús gemeente sawol Nederlânsk as Frysk sprutsen en skreaun wurde kin en mei. Wy wolle de sichtberens fan it Frysk fergrutsje en it draachflak ferbreedzje. Yn har foarbyldfunksje sil Achtkarspelen wat it Frysk oanbelanget inisjearjend en stimulearjend wêze.
Doelstellings en útgongspunten
Wy wolle dat der in fanselssprekkendheid en in positive wurdearring en hâlding is tsjin de Fryske taal oer. By bestjoerders en amtners, mar ek by de ynwenners fan en de bedriuwen en ynstellings yn Achtkarspelen. Wy stribje dêrom nei in positive oanpak fan it Frysk, wêrby't wy rekken hâlde mei de aktive en passive behearsking fan it Frysk by de belanghawwende partij.
Us taalbelied wurdt ien kear yn de fjouwer jier hifke. Wy evaluearje it foarlizzende belied en as it nedich is, passe wy it oan. Wy sjogge ek nei nije wetlike bepalings op it mêd fan taalbelied dy't in wiziging nedich meitsje.
Yn april 2017 hat de gemeenteried de ‘Taalferoardering Frysk gemeente Achtkarspelen 2017’5 fêststeld. Mei dizze feroardering meitsje wy ekplisyt op hokfoar wize de gemeente omgiet mei Frysk yn it skriftlik en mûnling ferkear. De feroardering docht rjocht oan it begjinsel fan twataligens. Yn de feroardering is fêstlein dat de bestjoersorganen fan de gemeente frij stiet om sels de kar te meitsjen foar it brûken fan de Fryske of de Nederlânske taal, foar safier't dat rjocht net beheind wurdt troch wetlike bepalings.
Achtkarspelen hat in beliedsmeiwurker dy’t har dwaande hâldt mei it Frysk taalbelied. Dêr is 0,1 fte foar beskikber. Wy besykje ûnderdielen fan de taalnota safolle mooglik ûnder te bringen by de ferskillende ôfdielingen.
Foar de kwaliteit fan ús tsjinstferliening is it Frysk binnen ús organisaasje fan grut belang. Yn 'e fakatueres fan 'e gemeente nimme wy as eask op dat hja in positive hâlding oangeande de Fryske taal ha. Ofhinklik fan de funksje kin dit bygelyks beneamd wurde as ‘(passyf) behearskjen fan de Fryske taal is winsklik‘. Yn de sollisitaasjepetearen komt it Frysk ferstean altyd oan 'e oarder. By like geskikte kandidaten jout it Frysk de trochslach. Minimumeask foar it personiel is dat hja it Frysk ferstean en, ôfhinklik fan de funksje, lêze kinne. Of dat hja ree binne om yn elts gefal it Frysk passyf yn ‘e macht te krijen.
Alle jierren krijt it personiel de mooglikheid om ferskate kursussen Frysk te folgjen. Yn it kursusjier 2016/2017 ha seis meiwurkers de kursus PraatmarFrysk folge, seis meiwurkers SkriuwmarFrysk 1 en trije meiwurkers de Opfryskkursus.
Foar de trije amtlike organisaasjes binne seis taalomtinkers oanwiisd foar it oersetten fan teksten fan it Nederlânsk nei it Frysk. De taalomtinkers steane op SharePoint.
Op SharePoint, it netwurk foar it personiel fan de gemeente, stiet ynformaasje oer it Frysk taalbelied. Hjir stean bygelyks in Taalhelp yn Word foar it skriuwen fan it Frysk, de taalapp
‘Watwurdit’ en de dokuminten oer it Frysk taalbelied, lykas de Taalferoardering en de Nota Frysk taalbelied.
De boarger kin sawol it Frysk as it Nederlânsk brûke. Meiwurkers prate foar safier mooglik werom yn de taal dy’t de boarger brûkt. Wy wolle de boargers ek útnûgje om it Frysk te brûken. By de baly is materiaal fan PraatmarFrysk goed sichtber.
As boargers it algemiene telefoannûmer fan de gemeente skilje (14-0511), dan hearre sy in Fryske wolkomsttekst. Dêrnei nimt de resepsje de telefoan op yn it Frysk. De minsken kinne no sels yn it Frysk of it Nederlânsk fierder prate.
As der in brief yn it Frysk by de gemeente komt, beäntwurdzje wy dy yn it Frysk (folgjend taalbelied). It giet om sa'n fyftjin brieven yn it jier. As de behanneljend amtner sels it Frysk net behearsket, dan kin hy of sy in taalomtinker freegje foar it oersetten fan brieven yn it Frysk. Yn foarkommende gefallen kin it gemeentebestjoer, nei ôfweaging fan de belangen fan de adressearde(n) en de gemeentlike organisaasje, op eigen inisjatyf Frysktalige brieven ferstjoere.
By in harksitting krijt eltsenien de kar yn it Frysk of Nederlânsk it wurd te dwaan. As in klacht yn twadde ynstânsje telâne komt by de Nationale Ombudsman, dan kin dizze klacht ek yn it Frysk behannele wurde.
Minsken dy't trouwe, kinne kieze foar in houlikstaspraak yn it Nederlânsk of it Frysk. It trouboekje dat it breidspear meikriget, is steld yn it Nederlânsk en it Frysk. Der is in hantlieding oer Fryske taspraken foar babsen.
Op grûn fan de 'Wet Gebruik Friese taal in het rechtsverkeer’ meitsje wy sûnt 1 jannewaris 1997 de akten boargerlike stân sawol yn it Frysk as yn it Nederlânsk op. It giet dan bygelyks om in (ûnder)trou-akte, berte-akte of in akte fan ferstjerren.
Mei yngong fan 1 augustus 2010 krije boargers standert in dûbeltalich úttreksel, Nederlânsk en Frysk, út de saneamde Gemeentlike Basisadministraasje (GBA). It giet dan bygelyks om in bewiis dat de persoan ynskreaun stiet yn de gemeente, in ferklearring fan yn libben wêzen (attestatie de vita) of in ôfskrift dêr’t de nasjonaliteit fan de persoan út bliken docht.
De sprektaal yn gemeenteriedsgearkomsten is likegoed Nederlânsk as Frysk. De beslutelisten binne meastentiids yn it Nederlânsk, sitaten wurde wannear’t se yn it Frysk sein binne ek yn it Frysk opnaam yn de beslutelist. De wurklist fan de ried is yn it Nederlânsk opsteld. Riedsútstellen oangeande de Fryske taal of ûnderwerpen mei in Fryskeigen karakter yn it Frysk binne yn it Frysk. Meiwurkers binne frij om oare riedsútstellen ek yn it Frysk te skriuwen. De statyske kopkes fan de formats fan de riedsútstellen binne yn it Frysk.
Eed/belofte gemeenteriedsleden
Yn 2014 ha 19 fan de 21 riedsleden de eed of belofte ôflein yn it Frysk (90%). Nei ferskate wikselingen ha fan de hjoeddeistige riedsleden 16 fan de 21 riedsleden (76%) de eed of belofte yn it Frysk ôflein. Yn 2010 ha 15 fan de 21 riedsleden de eed of belofte ôflein yn it Frysk (71%). Yn 2006 wie dat persintaazje 62% (13 fan de 21 riedsleden).
4.6 Kommunikaasje en foarljochting
Op de gemeentepagina yn hûs-oan-hûsblêd Actief besteegje wy út en troch oandacht oan it Frysk, bygelyks mei de gedichten fan de Wâlddichter. De statyske kopkes op de ynfopagina binne yn it Frysk.
De gemeentlike webside hat in Frysktalige side. Op dizze side stiet ynformaasje oer it Frysk taalbelied fan de gemeente en binne bygelyks de nota en feroardering Frysk te finen. Dêrneist is der ynformaasje yn it Frysk oer de alve doarpen en oer ûnderwerpen lykas de histoarje en it lânskip fan Achtkarspelen te finen.
Advertinsjes dy’t yn de kranten steane, binne meastentiids juridysk fan aard, somtiden binne it ynformearjende advertinsjes of rou-advertinsjes. By juridyske advertinsjes is der gjin mooglikheid it Frysk te brûken. By ynformearjende advertinsjes mei dat al, mar op dit stuit binne dy altyd yn it Nederlânsk. Rou-advertinsjes pleatse wy likegoed yn it Nederlânsk as it Frysk.
Parseberjochten stelle wy út en troch yn it Frysk op, bygelyks as de tekst relaasje hat mei de Fryske taal en kultuer. Sitaten fan bestjoerders stelle wy somtiden yn it Frysk op.
Taspraken en foarwurden stelle wy út en troch yn it Frysk op, meastentiids op fersyk fan de bestjoerder of as de gelegenheid him foar docht.
De gemeente sit op twitter en facebook. Op dit stuit sette wy allinnich (Nederlânsktalige) nijsberjochten op twitter en út en troch in berjocht oer bygelyks in gearkomste. Wy meitsje hast gjin gebrûk fan facebook.
'Praat mar Frysk' is in provinsjale kampanje fan de Afûk mei it doel Friezen bewust te meitsjen fan harren twataligens en harren dêr grutsk op te meitsjen. Sûnt 2008 is ús gemeente oansluten by de Praat mar Frysk-kampanje. Hurdfytser Pieter Weening fan De Harkema is de ambassadeur fan de kampanje foar ús gemeente.
Om it Frysk sichtber te meitsjen op sosjale media organisearret it kampanjeteam fan Praat mar Frysk eltse tredde tongersdei yn april de Fryske Twitterdei. Yn septimber 2017 is de ‘Ynternasjonale Social Media Dei’ foar lytse talen. Net allinnich Fryslân docht mei, mar tal fan organisaasjes út mear as tolve oare lannen yn Europa. Ek ús gemeente docht mei.
By oanjefte fan harren bern krije jonge âlden it Taalkado oanbean. It Taalkado hat as doel âlden te ynformearjen oer de foardielen fan it opgroeien yn in meartalige situaasje en it stimulearjen fan it brûken fan de Fryske taal yn it bysûnder. Yn it Taalkado sit ûnder oaren in folder mei ynformaasje oer meartalich opfieden, ynformaasje oer Boekstart en de biblioteek, Frysktalige boekjes, in cd mei Fryske ferskes en oare aardichheidsjes.
Nije ynwenners krije in wolkomstpakket mei ynformaasje oer it taalbelied en de twataligens yn Achtkarspelen. Hjirneist sit der yn it wolkomstpakket ûnder oaren de brosjuere ‘Fryslân lân fan taal’, ynformaasje oer de kursussen Frysk fan de Afûk en brosjueres oer de musea en fytsrûtes yn ús gemeente.
Ien kear yn ‘e twa jier organisearret de gemeente in ynformaasjegearkomste foar nije ynwenners yn it gemeentehûs. Dan jouwe wy ek it wolkomstpakket mei.
De plaknammen binne yn it Nederlânsk fêststeld. De kûmbuorden binne likegoed yn it Nederlânsk as yn it Frysk.
Yn de ried fan 23 juny 1958 binne trije nammen fan buorskippen offisjeel fêststeld: Blauforlaet, Reahel en Reaskuorre. Yn de ried fan 15 septimber 2016 binne de nammen fan de oare buorskippen yn it Frysk fêststeld. Op de kûmbuorden fan de buorskippen komme de kommende jierren allinnich de offisjeel fêststelde Fryske nammen.
De strjitnammen yn de doarpen yn ‘e gemeente binne yn it Frysk fêststeld, útsûndere de besteande strjitnammen yn ‘e doarpen Bûtenpost en Surhústerfean. Foar nije bestimmingsplannen yn de lêstneamde doarpen stelle wy de lêste jierren ek Fryske strjitnammen fêst.
Yn 2004 hat de gemeenteried ynstimd mei it fersyk fan de provinsje Fryslân om de wetternammen yn ús gemeente te ferfryskjen.
De gemeente is beliedsmjittich belutsen by de foarskoalske perioade en it ûnderwiis foar folwoeksenen, mar hat op it mêd fan it primêr en fuortset ûnderwiis allinnich in inisjearjende en stimulearjende taak.
Doelstellings en útgongspunten
Wy fine it wichtich dat de organisaasjes dy't it (foarskoalsk) ûnderwiis fersoargje taalbelied formulearje. Dêrby fine wy in trochrinnende line wat de meartaligens oanbelanget fan belang.
Wy fine dat pjutten yn de eigen memmetaal opfongen wurde moatte kinne en boartsjendewei ek yn oanrekking brocht wurde moatte mei de oare taal.
Wy stimulearje de trijetalige skoalle en trune basisskoallen oan om yn harren skoalleplannen in paragraaf op te nimmen oer taalbelied en meartaligens yn it bysûnder. Wy wolle skoallen yn it fuortset ûnderwiis oantrune taalbelied te ûntwikkeljen dêr’t oandacht by is foar de meartaligens.
5.1 Pjutteboartersplakken en berneopfang
De ferantwurdlikens foar it foarskoalsk ûnderwiis is sûnt 1994 desintralisearre nei de gemeenten.
De gemeente subsidiearret it Tomke-projekt. It Tomke-projekt is in lês- en taalbefoarderingsprojekt foar bern fan 2 oant 5 jier. It hat as doel it befoarderjen fan de lês- en taalûntwikkeling fan bern yn gearwurking mei de âlden. It materiaal fan it projekt bestiet út in lêsmap, boekjes om mei nei hûs te nimmen, posters, ynformaasjebriefkes oer de t.v.-útstjoerings en foarljochtingsgearkomsten foar de pjutteliedsters.
Oandacht foar de eigen taal is ien fan de wichtichste útgongspunten fan it Tomke-projekt. Foar alle pjutten is der alle jierren in oar Tomke-boekje en op de televyzje wurde aventoeren fan Tomke útstjoerd. De pjutteboartersplakken en de berne-opfang krije materiaal oanrikt yn it Frysk om it brûken fan de twadde rykstaal te stypjen en te stimulearjen mei oandacht foar de twa- en/of meartaligens.
Alle pjutteboartersplakken en bernedeiferbliuwen yn Achtkarspelen wurkje mei Tomke.
Foar pjutteboartersplakken en bernedeiferbliuwen is de Sânglêsrige ûntwikkele. De rige bestiet út temakaterns foar bern fan 2 oant 5 jier. De programma’s wolle de totale
ûntwikkeling fan jonge bern stimulearje. Se hawwe net allinne omtinken foar de taalûntjouwing, mar foar alle ûntwikkelingsgebieten fan de bern. Dus bygelyks ek foar it kreative, it sosjale, it emosjonele, it boartsjen en de motoryk.
Alle pjutteboartersplakken en bernedeiferbliuwen yn Achtkarspelen wurkje mei de Sânglêsrige.
Pjutteboartersplakken foar meartalige ûntwikkeling
Hjoeddedei wurdt net mear praat oer in twatalich of Frysktalich pjutteboartersplak, mar leaver oer in pjutteboartersplak (of bernedeiferbliuw) foar meartalige ûntwikkeling. By alle lokaasjes hat it Frysk in fêst en goed plak yn it oanbod (minimaal 60%) en sykje hja, op fersyk en op maat, nei in mooglikheid om it Nederlânsk ek in bewust plak te jaan. De grutte fan dat plak ferskilt fan lokaasje ta lokaasje. Op guon lokaasjes wurdt it oanbean troch in fêste liedster, op oare plakken bygelyks yn ôfbeakene taalaktiviteiten. It toetsen fan de pjutten mei yn de memmetaal dien wurde.
Yn ús gemeente binne seis sertifisearre meartalige pjutteboartersplakken. De oare trije binne dêr mei dwaande. Ien bernedeiferbliuw is dwaande mei it trajekt foar sertifisearring.
Yn it primêr ûnderwiis is it Frysk as fak wetlik ferplichte. Op 31 maart 1998 is de ‘Wet op het Primair Onderwijs’ fan krêft wurden, dêr't ek de bepalings oangeande it fak Frysk en it brûken fan it Frysk as fiertaal yn opnommen binne. Op alle skoallen yn Achtkarspelen wurdt omtinken jûn oan it Frysk. De wize wêrop ferskilt per skoalle.
Studio F is in learmetoade dy't rjocht docht oan de yndividuele (taal)mooglikheden fan de learling. It pakket is basearre op kearndoelen Frysk mei in trochrinnende learline.
Spoar 8 is in nije digitale metoade foar Frysk yn it primêr ûnderwiis. Dizze metoade is tematysk opset. De Fryske les kin dêrtroch altyd oanslute by tema’s dêr’t al oan wurke wurdt yn ‘e klas. Foar de ûnderbou binne by de tema’s Fryske ferhalen, ferskes, printeboeken en filmkes beskikber. By de hegere groepen wurdt der bygelyks wurke mei edukative games. It materiaal is ûntwikkele yn it ramt fan in trochgeande learline.
Seis basisskoallen yn Achtkarspelen meitsje op dit stuit gebrûk fan Spoar 8. De oare skoallen brûke no noch Studio F, mar in soad skoallen wolle takom jier oerskeakelje op Spoar 8.
De trijetalige skoalle is útfierd nei it foarbyld fan trijetalich ûnderwiis yn oare Europeeske regio’s mei in minderheidstaal. Yn de Fryske fariant wurdt systematysk les jûn yn it Nederlânsk, Frysk en Ingelsk. De ûnderwiistiid foar alle talen is strak ferdield om betizing foar te kommen. Doel fan trijetalich ûnderwiis is it ferheegjen fan de kwaliteit fan it ûnderwiis, benammen foar it Frysk en it Ingelsk, sadat de learlingen oan de ein fan de basisskoalle de offisjele fêststelde kearndoelen yn alle trije talen berikt hawwe.
Yn ús gemeente binne trije (iepenbiere) basisskoallen trijetalich sertifisearre. Stichting Roobol wol dat al har skoallen trijetalich binne en hat dat yn har beliedsplan opnommen.
Foar skoallen foar fuortset ûnderwiis yn Fryslân makket it Frysk diel út fan de basisfoarming dy’t sûnt 1993 bestiet. Skoallen kinne op dit stuit frijwillich kieze foar it brûken fan it Frysk as ynstruksjetaal. Foar de earste klassen fan it fuortset ûnderwiis is it Frysk ferplicht. Sûnt 1989 hawwe skoallen foar fuortset ûnderwiis de mooglikheid om it Frysk as eksamenfak oan te bieden.
Freemwurk biedt de learling de mooglikheid om oan de hân fan autintike sitewaasjes syn mûnlinge en skriftlike taalfeardichheid op in heger nivo te bringen. Om’t learlingen mei Freemwurk benammen selsstannich leare, kin elke learling, Frysktalich of net, yn syn eigen tempo en op syn eigen nivo oan it wurk. Searje 36 is in nije digitale lesmetoade foar it fuortset ûnderwiis. De metoade bestiet út lesmateriaal fan ûnder oaren de metoade Freemwurk en edukative games.
De tema's dy't yn boppesteande metoades oan 'e oarder komme, binne keppele oan de tema's yn it tydskrift LinKk en de LinKk-televyzjeútstjoerings. It tydskrift LinKk hat in ferskaat oan artikels, ynterviews, foto's en popnijs. LinKk hat ek in eigen webside.
Twa skoallen foar fuortset ûnderwiis wurkje mei de nije metoade Searje 36. Ien skoalle makket noch gebrûk fan de metoade Freemwurk en it tydskrift LinKk.
5.4 Underwiis foar folwoeksenen
Op dit stuit fersoarget it Friesland College it ûnderwiis foar folwoeksenen yn ús gemeente. Taalfeardigens makket ûnderdiel út fan it oanbod basisedukaasje fan it Friesland College. Under taalfeardigens kin yn de provinsje Fryslân ek de Fryske taal ferstien wurde. Op dit momint is der gjin oanbod Frysk foar de basisedukaasje.
Doelstellings en útgongspunten
De boarger moat yn kontakt mei de organisaasje foar sûnenssoarch en wolwêzen it Frysk brûke kinne. De gemeente stimulearret organisaasjes/dielnimmers yn it gemeentlik netwurk om pasjinten/kliïnten safolle mooglik yn de eigen taal yn 'e mjitte te kommen.
By de besites oan it konsultaasjeburo krije âlders ynformaasje oer it belang fan taal by de fierdere ûntwikkeling fan it bern en ek oer meartaligens. It projekt Boekstart is in gearwurking tusken de biblioteek en it konsultaasjeburo, dêr’t ek oandacht by jûn wurdt oan de meartaligens.
Aktiviteitebegelieders organisearje ferskate aktiviteiten foar bewenners fan soarchsintra, sawol ûntspannings- as terapeutyske aktiviteiten. Talige aktiviteiten (foarlêze, fertelle, libbensferhalen, lêsgroepkes) foarmje in hieltyd wichtiger elemint. Yn ‘e âldereintehuzen en by ynstânsjes foar wolwêzen foar de âlderein yn ús gemeente brûke hja it Frysktalich materiaal ‘Dat wie doe sa’ fan de Afûk. De produkten prikelje âlderein ta in reaksje. Ferhaaltsjes, gedichten, foto’s, fideo’s en muzyk beljochtsje in ûnderwerp fan alle kanten en jouwe oanlieding ta reaksjes en ferhalen.
By it jaan fan yndividuele begelieding en help by it húshâlden wurdt rekken hâlden mei de thústaal fan de kliïnt. De kearn fan de Wet maatschappelijke ondersteuning (Wmo) is it petear tusken in boarger mei in helpfraach en de gemeente. By dat petear sykje beide partijen tegearre nei oplossingen fan de problemen. Foar in goed petear is it praten fan deselde taal wichtich. Yn it begjin fan it petear wurdt dêrom altiten hifke hokker taal oft de boarger prate wol en foarsafier it mooglik is, slút de fertsjintwurdiger fan de gemeente dêrby oan. By de oanbesteging fan soarch is der oandacht foar it Frysk. De meiwurkers mei klantekontakten moatte it Frysk yn elts gefal ferstean kinne en aktive behearsking fan it Frysk is in pree. As de klant wol dat by húshâldlike wol de meiwurker ek Frysk prate kin, dan wurdt dêr rekken mei hâlden.
Doelstellings en útgongspunten
Wy wolle kulturele aktiviteiten en inisjativen yn it Frysk stimulearje. Dat dogge wy troch it subsidiearjen fan ferskate eveneminten mei in Frysk(talich) karakter. Fanút ús foarbyldfunksje wei sille wy ek in inisjearjende rol spylje op it mêd fan it Frysk.
Wy fine it wichtich dat it Frysk en Nederlânsk op in noflike en oansprekkende wize neist inoar brûkt wurdt yn de gemeentlike media.
Taal en kultuer bynt minsken. Se binne dan ek net los faninoar te sjen. Beide binne it wichtige pylders fan wat as it ‘Fryskeigene' oantsjut wurdt. Yn ferskate (kulturele) uterings komt de taal folslein ta syn rjocht en dat is wichtich foar de fierdere groei en ûntwikkeling fan de taal. De rykdom fan de Fryske taal komt bygelyks dúdlik ta utering by doarpsfeesten, biblioteken en it (doarps)toaniel. Nei oanlieding fan ús kultuernota binne der de ôfrûne jierren ferskate aktiviteiten útfierd dêr't de Fryske taal en kultuer in wichtige rol yn spylje. De gemeente hat by dizze aktiviteiten in inisjearjende rol. Dêrneist jout de gemeente subsydzje foar eveneminten dêr't it Frysk in rol yn spilet.
Om it kulturele en literêre libben yn ús gemeente te stimulearjen hat de gemeente Achtkarspelen sûnt 2009 in doarpsdichter, de Wâlddichter Achtkarspelen. De doarpsdichter skriuwt op fersyk of op eigen inisjatyf (Frysktalige) gedichten en draacht se foar by spesjale gelegenheden of eveneminten. Alle gedichten wurde pleatst op ús webside en yn hûs-oan- hûsblêd Actief. De Wâlddichter Achtkarspelen is oansteld foar twa jier en nei ôfrin fan dizze perioade komt der in dichtbondel mei alle gedichten. Nei Sytse van der Werf, Ate Grypstra en Suzan Bosch is no Meindert Talma ús Wâlddichter/Wâldsjonger.
De gemeente hat ferskate kulturele aktiviteiten inisjearre, lykas:
Neist in inisjearjende rol kin de gemeente it Frysk ek stimulearje troch it jaan fan subsydzje foar ferskate eveneminten mei in Frysktalich karakter. Hjirby kin tocht wurde oan it Iepenloftspul yn De Harkema, Jan Ritskes Poëzijjûn yn Twizel en de Simke Kloostermanpriis, de trijejierlikse priis foar Frysktalige jeugdliteratuer.
Toanielferienings yn ús gemeente krije jierliks in subsydzjebedrach. De toanielferienings jouwe yn it generaal ien of twa kear in foarstelling it jier. Dizze toanielstikken binne altyd yn it Frysk.
De biblioteek hat in kolleksje Fryske boeken en hâldt elts jier Fryske literêre jûnen. Dêrneist organisearret de biblioteek ferskate Fryske lêsbefoarderingsaktiviteiten, lykas yn de Fryske Foarlêswike en yn it ramt fan Tomke. Fia it projekt Boekstart krije jonge âlders ynformaasje oer foarlêzen en meartaligens.
De Afûk organisearret alle jierren kursussen Frysk foar boargers. Dit binne bygelyks de kursussen Praat mar Frysk, Lear mar Frysk en Skriuw mar Frysk. De gemeente subsidiearret dizze kursussen. De dielname oan dizze kursussen is wikseljend, fan ûngefear tsien oant sawat tritich kursisten it jier.
Dêrneist hat de gemeente, yn gearwurking mei gemeente Tytsjerksteradiel, dit kursusjier in kursus Frysk skriuwen subsidiearre foar kulturele en sportferienings, ferienings pleatslik belang en de redaksjes foar doarpskrantsjes/doarpswebsides. Dêr ha fiif minsken oan meidien.
Achtkarspelen hat net allinne foar syn eigen ynwenners wat te bieden, ek foar minsken fan bûten de gemeente is in besite oan it lânskip en ús doarpen tige de muoite wurdich. Omtinken foar it Frysk past dêr goed by. It Frysk wurdt sjoen as ûnderdiel fan it toeristysk en rekreatyf produkt. Inkele inisjativen:
It Commissariaat voor de Media hat RTV Kanaal 30 oanwiisd as lokale publike media- ynstelling yn Achtkarspelen. Ien fan de subsydzjebetingsten foar de lokale omrop is it brûken fan it Frysk as ûnderdiel binnen de programma's.
Doarpskrantsjes/doarpswebsides
De redaksjes fan doarpskrantsjes en -websides brûke út en troch it Frysk. Ien kear yn ‘e twa jier biede wy, yn gearwurking mei gemeente Tytsjerksteradiel, kursussen Frysk skriuwen oan by redaksjes fan doarpskrantsjes/websides en de lokale omrop. Ofrûne jier is der ien kursus úteinset, mei fiif kursisten út Achtkarspelen.
Yn neikommend skema ha wy de nije ympulsen by de ferskate beliedsterreinen op in rychje set. Dêrneist bliuwe wy útfiering jaan oan de besteande aktiviteiten. Dizze aktiviteiten steane beskreaun yn de foargeande haadstikken fan dizze nota en binne net op 'e nij yn it skema opnommen.
Finansiering fan besteande aktiviteiten fynt plak fanút besteande budzjetten wei (begrutting 2017):
Foar finansiering fan de nije ympulsen brûke wy € 10.000 út it besteande budzjet LF2018 (foar it projekt ‘Lân fan taal’) en foar de oare aktiviteiten freegje wy struktureel in ekstra budzjet fan € 6.000 beskikber te stellen.
Sa fêststeld yn de iepenbiere riedsgearkomste fan 6 april 2017.
mefr. J. van Hoppe MPM
griffier
G. Gerbrandy
foarsitter
Taheakke 1 Evaluaasje Nota Frysk taalbelied 2013-2016
Dizze evaluaasje jout in oersicht fan hokfoar aktiviteiten wy yn de perioade 2013-2016 útfierd ha op de ûnderdielen bestjoer, ûnderwiis, kultuer, media en wolwêzen & soarch. Jo fine de stân fan saken fan de reguliere aktiviteiten en de nije ympulsen dy’t yn de Nota Frysk taalbelied 2013-2016 beneamd binne.
It brûken fan it Frysk by de programma’s fan de lokale omrop is in subsydzjebetingst en ûnderdiel fan it jierliks petear mei RTV Kanaal 30. |
De meiwurkers by it konsultaasjeburo jouweoandacht oan meartaligens. | |
By aktiviteiten yn âldereinhuzen en by wolwêzen foar de âlderein yn ús gemeente brûke hja it Frysktalich materiaal |
Taheakke 2 Ferslach ynteraktive gearkomste op 9 maaie 2017
Douwkje Douma, projektkoördinator Afûk
Eelke Goodijk, ûnderwiisadviseur meartaligens Cedin Lutske van der Wal, foarsitter RTV Kanaal 30
Sytske van Assen, dosint Frysk Lauwers College
Doetie de Jager, liedingjaande edukative biblioteek BNF
Sytske de Boer, direksje Sintrum Frysktalige Berne-opfang (SFBO) Ymie Zijlstra, haad administraasje Tiko Kinderopvang
Jelle Dijksma, direkteur ibs De Balkwar en ibs It Twaspan Lydeke Zandbergen, riedslid CDA
Jacob Zwaagstra, riedslid CDA Wietske Poelman, riedslid FNP Tjibbe Brinkman, riedslid FNP Theun Nicolai, riedslid PvdA Sietie Haagsma, riedslid PvdA Toos van der Vaart, riedslid CU Sjon Stellinga, wethâlder kultuer
Durkje Verbeek, beliedsmeiwurker kultuer
Sjon Stellinga, wethâlder kultuer, hjit eltsenien wolkom.
Presintaasje projekt ‘Lân fan taal’
Douwkje Douma, projektkoördinator fan de Afûk, hâldt in presintaasje oer it LF2018- projekt ‘Lân fan taal’. Neist in Taletún en Talepaviljoen yn Ljouwert is der in Talekaravaan dy’t oanheakket by festivals en eveneminten yn ‘e provinsje. It Talepaviljoen is in moetingsplak dêr’t minsken bewust wurde fan de rykdom fan taal(diversiteit). Yn de Taletún kinne jong en âld boartsje mei de taal en de taal belibje. Ek is der in subsydzjeregeling foar taalprojekten.
Nota Frysk taalbelied - ynteraktyf diel
Yn twa groepen wurdt der praat oer de ûnderdielen bestjoer en ûnderwiis, dy’t yn de nota weromkomme. Doelstelling en útgongspunten komme oan bar, lykas nije ideeën op de ferskate ûnderdielen. Utkomsten petearen:
Wy wolle it Frysk stimulearje? Lykweardigens?
stimulearje, op in wize dat it oppakt wurdt:
De konseptnota Frysk taalbelied wurdt nei alle oanwêzigen tastjoerd. De definitive nota wurdt nei de simmerfakânsje oan de gemeenteried foarlein.
Taheakke 5 Taalferoardering Frysk gemeente Achtkarspelen 2017
De gemeenteried fan de gemeente Achtkarspelen;
nei it lêzen fan it útstel fan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders fan 17 maart 2017; mei it each op artikel 5, earste lid, fan de Wet gebrûk Fryske taal;
Taalferoardering Frysk gemeente Achtkarspelen 2017
Yn dizze feroardering wurdt ferstien ûnder:
By klantekontakten is de taalkar fan de klant liedend. Dat jildt yn it bysûnder foar klantekontakten fia de telefoan of oan de baly. De telefoan wurdt yn it Frysk opnommen. Klanten hoege har net te ferbrekken.
Yn bysûndere omstannichheden wêrby’t de tapassing fan dizze feroardering nei de miening fan in bestjoersorgaan ta ûnridlikens laat, kin it bestjoersorgaan motivearre ôfwike fan it bepaalde yn ‘e feroardering.