Ziet u een fout in deze regeling? Meld het ons op regelgeving@overheid.nl!
Fryslân

Feroardering provinsjale prizen en beneaming 2022)

Wetstechnische informatie

Gegevens van de regeling
OrganisatieFryslân
OrganisatietypeProvincie
Officiële naam regelingFeroardering provinsjale prizen en beneaming 2022)
CiteertitelFeroardering provinsjale prizen en beneaming, provinsje Fryslân 2022
Vastgesteld doorprovinciale staten
Onderwerpalgemeen
Eigen onderwerp

Opmerkingen met betrekking tot de regeling

Deze regeling vervangt de Feroardering provinsjale prizen 2015.

Wettelijke grondslag(en) of bevoegdheid waarop de regeling is gebaseerd

artikel 145 van de Provinciewet

Overzicht van in de tekst verwerkte wijzigingen

Datum inwerkingtreding

Terugwerkende kracht tot en met

Datum uitwerkingtreding

Betreft

Datum ondertekening

Bron bekendmaking

Kenmerk voorstel

05-10-2022nieuwe regeling

25-04-2022

prb-2022-11686

01983765

Tekst van de regeling

Intitulé

Feroardering provinsjale prizen en beneaming 2022)

Provinsjale Steaten fan Fryslân,

 

Yn har omgean littend dat prizen takend wurde foar bysûndere bydragen oan of ferrjochtings op it mêd fan kultuer, muzyk, literatuer, ûnderwiis en wittenskip yn Fryslân om dy te stimulearjen en it fakgebiet út te dragen;

 

Omtinken hawwend foar kêst 145 Provinsjewet

 

Beslute de Feroardering provinsjale prizen en beneaming 2022 fêst te stellen as neikommend:

Kêst 1 De provinsjale prizen

  • 1.

    De prizen, it fakgebiet dêr’t dy foar takend wurde kinne, de frekwinsje fan útrikken en ’e bedraggen binne:

    • a.

      Gysbert Japicxprijs: twajierlikse priis foar in wurk of oeuvre yn alle sjenres yn it Frysk, om bar takend foar proaza of poëzij, grut € 10.000,- en in oarkonde;

    • b.

      dr. Obe Postmapriis: fjouwerjierlikse priis foar in oersetting út in frjemde taal yn it Frysk en oarsom, grut € 4.000,- en in oarkonde;

    • c.

      Lytse Obe-priis: fjouwerjierlikse priis foar in oersetting foar jongereinliteratuer út in frjemde taal yn it Frysk of oarsom, grut € 4.000,- en in oarkonde;

    • d.

      Bernlefpriis: jierlikse priis foar in Frysktalich fokaal popmuzyknûmer fan in muzikant, komponist, band, arranzjeur of liettekstskriuwer, grut € 2000,- en in oarkonde;

    • e.

      Pyt van der Zeepriis: trijejierlikse priis foar in bysûndere prestaasje yn it amateurtoaniel yn Fryslân, grut € 4.000,- en in oarkonde;

    • f.

      dr. Joast Halbertsmapriis: fjouwerjierlikse priis foar eksellinte wittenskipsbeoefening yn ’e provinsje Fryslân yn it algemien of wittenskipsbeoefening op it mêd fan ’e Fryske taal- en literatuerwittenskip, de histoaryske of de sosjale wittenskippen yn it bysûnder, grut € 10.000,- en in oarkonde;

    • g.

      GERRIT BENNER-priis: twajierlikse priis foar in wichtige ûntjouwing yn it wurk of it folsleine oeuvre fan in byldzjend keunstner, grut € 5.000,-, in oarkonde en in eksposysje yn it Frysk Museum;

    • h.

      Vredeman de Vries-priis foar Arsjitektuer: twajierlikse priis foar in bysûnder arsjitektoanysk bouwurk yn Fryslân, grut € 5.000,- en in oarkonde;

    • i.

      Vredeman de Vries-priis foar Foarmjouwing en Design: twajierlikse priis foar foarmjouwing yn Fryslân, grut € 5.000,- en in oarkonde;

    • j.

      Anita Andriesen-priis: trijejierlikse priis foar in wichtige bydrage oan it behâlden en it ûntwikkeljen fan ’e romtlike kwaliteit yn ’e provinsje Fryslân, grut € 10.000,- te besteegjen oan in publyksevenemint en in oarkonde;

    • k.

      Els Veder-Smit-priis: in trijejierlikse priis foar de persoan dy’t har of him fertsjinstlik makke hat om ’e posysje en ’e rol fan froulju yn ’e Fryske polityk te ferbetterjen, mei as priis in brûnzen byld (ûntwerp Ilse Oelbers) en in oarkonde;

    • l.

      Grutte Pier priis: twajierlikse priis foar ûnderwiis yn de Fryske taal en ûnderwiisprojekten ten oansjen fan it Frysk yn in meartalige kontekst, mei as priis in wikselbokaal en in oarkonde.

  • 2.

    De beneaming, de perioade fan ’e beneaming en taak/fakgebiet binne:

    • a.

      Dichter fan Fryslân: beneaming fan in poëtyske ambassadeur foar it stimulearjen fan poëzij yn Fryslân foar in tiidrek fan twa jier, grut € 2500,- yn ’t jier mei oanfoljend prizen foar gedichten, optredens of oars wat.

  • 3.

    Deputearre Steaten kinne foar de Gysbert Japicxpriis, Bernlefpriis, GERRIT BENNER-priis, Vredeman de Vries-priis foar Arsjitektuer en de Vredeman de Vries-priis foar Foarmjouwing en Design lykas neamd yn it earste lid, in promoasje- en ûntwikkelbudzjet fan op syn meast 5000 euro beskikber stelle.

Kêst 2 Takenning

  • 1.

    Deputearre Steaten kenne de prizen dy’t yn it earste artikel neamd binne ta en beneame de Dichter van Fryslân.

  • 2.

    Deputearre Steaten stelle neffens priis en beneaming in advyskommisje gear dy’t as taak hat om ’e wurken en/of fertsjinsten te hifkjen en te advisearjen oer it takennen fan ’e priis en stelle in reglemint fêst dêr’t it beneamen en ’e wize fan wurkjen fan ’e advyskommisje foar it hifkjen yn regele wurde.

  • 3.

    In priis kin takend wurde oan in natuerlike persoan of in groep.

  • 4.

    In beneaming kin mar ien kear takend wurde oan in natuerlike persoan.

  • 5.

    Deputearre Steaten kinne allinne yn bysûndere gefallen ôfwike fan wat oft yn dizze feroardering fêstlein is, of beslute om ’e priis of beneaming yn in oanbelangjend jier net ta te kennen.

Kêst 3 Einbepalings

  • 1.

    De foarlizzende feroardering wurdt oanhelle as ‘Feroardering provinsjale prizen en beneaming, provinsje Fryslân 2022’.

  • 2.

    De foarlizzende feroardering giet yn op ’e dei nei de datum fan útjefte fan it Provinsjaal Blêd dêr’t er yn publisearre wurdt.

  • 3.

    Mei yngong fan deselde datum wurdt de ‘Feroardering provinsjale prizen 2015’ (fêststeld op 25 novimber 2015) ynlutsen.

Ljouwert, 25 maaie 2022

Foarsitter, drs. A.A.M. Brok

Griffier, A.G. Rosier

Taljochting

Ambysje

De ambysje, lykas omskreaun in Nij Poadium (2019), fan de provinsje Fryslân is om in bloeiend kultureel libben mei de enerzjy en it fermogen om Fryslân hieltyd wer yn beweging te bringen. Kultuer lit ús yn ‘e kunde komme mei oare tinkbylden, oare wrâlden, oare tiden. It biedt in nij perspektyf, docht ús oars sjen, rekket ús. Kultuer – yn ‘e breedste sin fan it wurd – draacht by oan ‘e bining fan minsken mei de mienskip, soarget foar sosjale gearhing, foar wille en talintûntwikkeling. Dy rike kultuer yn ús provinsje, yn al syn foarmen, draacht by oan ús brede wolfeart.

 

Provinsjaleprizen

Der binne alve provinsjale prizen en ien beneaming. Fan literatuer, byldzjende keunst oant amateurteäter en design. De provinsje wol mei har grutte ferskaat oan prizen en beneaming wurdearring útsprekke foar de winner en syn/har wurk, mar ek alle potinsjele winners yn syn/har dissipline stimulearje. Dêrneist wol de provinsje troch de wei fan dy prizen en beneaming soargje foar mear bekendheid oer de rike Fryske kultuer yn Nederlân en dêr in poadium oan jaan.

 

GysbertJapicxpriis

De Gysbert Japicxprijs is de wichtichste literêre priis fan Fryslân. De priis waard yn 1947 troch it provinsjaal bestjoer ynsteld. Dichter Obe Postma wie yn dat jier de earste winner fan de Gysbert Japicxpriis. De namme fan de priis ferwiist nei de Fryske dichter Gysbert Japicx (1603-1666), berne yn Boalsert. Gysbert Japicx is de bekendste Fryske renêssânseskriuwer en wurdt sjoen as de grûnlizzer fan it Frysk as skreaune taal. It Frysk dat yn de midsiuwen brûkt waard om de wetten op te skriuwen, wie yn de 17e iuw nammentlik ferdwûn. Nederlânsk wie doe de offisjele taal fan it bestjoer. Gysbert Japicx skreau wól Frysk en lei dêrmei de basis foar de Fryske skriuwtaal.

 

Dr. ObePostmapriis

De dr. Obe Postmaprijs is ferneamd nei Obe Postma (1868-1963). Hy wie wiskundelearaar, ynteressearre yn skiednis en tagelyk dichter. Neist dichter wie hy ek in kundich oersetter fan poëzij. Yn 1947 krige hy de earste Gysbert Japicxpriis foar syn dichtbondel ‘It sil bestean’.

 

De priis is op inisjatyf fan Provinsjale Steaten yn 1984 ynsteld foar literêre oersettings fan of nei it Frysk yn alle sjenres.

 

Bernlefpriis

De Bernlefpriis is ferneamd nei de bline Fryske Bard Bernlef út de 8e iuw. ‘Bard’ is in namme foar sjonger en dichter yn dy tiid. Der is lykwols net in soad oer him bekend. Der binne sels gjin gedichten of lieten fan him oerlevere. Bernlef libbe om 785 hinne yn de omkriten fan Warffum, no provinsje Grinslân, doe noch provinsje Fryslân.

 

De Bernlefpriis is de Fryske provinsjale muzykpriis foar artysten en organisaasjes dy’t in bysûndere bydrage oan de Fryske muzykkultuer leverje. De Bernlefpriis moat muzikanten en bands útnûgje om mear Fryske muzyk te meitsjen en te skriuwen. De priis waard foar it earst yn it jier 2002 útrikt.

 

Dr. JoastHalbertsmapriis

De dr. Joast Halbertsmapriis is op foardracht fan de Fryske Akademy yn 1947 ynsteld en ferneamd nei dr. Joast Hiddes Halbertsma (1789-1869). Hy kaam fan Grou en wie fan berop dûmny, skriuwer, taalkundige. Hy wurdt ek wol ‘Mister Fryslân’ neamd omdat hy in soad ûndersyk die nei de Fryske skiednis en identiteit. Dêrneist is hy grûnlizzer fan it earste wittenskiplik Frysk wurdboek.

 

De dr. Joast Halbertsmapriis is in provinsjale priis foar skiednis, taal, literatuerwittenskip en sosjale wittenskip. It is de Fryske wittenskipspriis dy’t it hiele wittenskiplike fjild fan Fryslân beslacht.

 

Pyt van der Zeepriis

De Pyt van der Zeepriis is in provinsjale priis foar it brede Fryske toaniel. De priis is ferneamd nei de toanielregisseur Pieter (Pyt) Johannes Cornelis van der Zee (1915-1998). Pyt van der Zee wie net allinne regisseur. Hy joech les oer toaniel en makke oersettings. Ek wie hy de earste artistyk lieder fan it Fryske teäterselskip Tryater.

 

GERRIT BENNER priis

De priis is nei de skilder Gerrit Benner ferneamd. Gerrit Benner (1897-1981) is berne yn Ljouwert. Hy wie de ferneamdste lânskipsskilder fan de 20e iuw. Syn wurk is bekend yn binnen- en bûtenlân en hy wûn in soad wichtige prizen. De wrâld dy’t Benner skildere, wie in dreamerige mearkewrâld mei kij, hynders, lân, wetter en wolken. Hy wie autodidakt, oplaat as ferver, mar ûntwikkele him ta in keunstskilder fan ynternasjonale alluere.

 

De GERRIT BENNER wurdt ien ris yn ‘e twa jier útrikt oan de keunstner dy’t in wichtige ûntwikkeling yn syn of har wurk ta stân brocht hat.

 

Vredeman de Vries priisfoarArsjitektuer / Vredeman de Vries priisfoarFoarmjouwing & Design

De prizen binne ferneamd nei Hans Vredeman de Vries. Dizze arsjitekt, planolooch, tekener en keunstner is yn 1527 yn Ljouwert berne. Dêrneist stiet hy bekend as de grûnlizzer fan de Antwerpse Renêssânsestyl.

 

De Vredeman de Vries priis foar Arsjitektuer stimulearret opdrachtjouwers en arsjitekten om bysûndere arsjitektoanyske bouwurken yn Fryslân ta stân te bringen. De provinsje wol mei dizze arsjitektuerpriis de belangstelling foar arsjitektuer by in breed publyk fergrutsje.

 

De Vredeman de Vries priis foar Foarmjouwing en Design is in foarmjouwingspriis foar alle ûntwerpers en foarmjouwers. It ûntwerpproses, de wearde en relevânsje foar de brûker en de maatskippij steane dêrby sintraal. Mei de priis wol de provinsje in ympuls jaan oan de belangstelling foar foarmjouwing yn Fryslân.

 

Anita Andriesenpriis

Earder deputearre Anita Andriesen droech de romtlike kwaliteit fan Fryslân in waarm hert ta en achte de konkrete resultaten fan grut belang: ‘Mei it Fryske goud, it Fryske lânskip moatte wy tige soarchfâldich omgean’. Deputearre Steaten fan de provinsje Fryslân hawwe yn 2010 besletten dat de priis foar romtlike kwaliteit ta neitins de Anita Andriesen priis hjitte sil.

 

De Anita Andriesen priis hat as doel om in ympuls te jaan oan it behâld en de ûntwikkeling fan de romtlike kwaliteit yn Fryslân. De priis waard yn 2010 foar it earst útrikt.

 

Dichter fan Fryslân

Mei de beneaming fan de Dichter fan Fryslân wol de provinsje by in breder publyk mear omtinken freegje foar de keunstfoarm poëzij yn it Frysk of in Fryske streektaal. Provinsjale Steaten hawwe yn 2015 in útstel oannommen om in Dichter fan Fryslân te beneamen. De Dichter fan Fryslân is dé ambassadeur foar 2 jier foar de Fryske poëzij, yn Fryslân likegoed as dêrbûten.

 

Els Veder-Smit priis

Elizabeth Veder-Smit wie in Nederlânsk politikus fan de VVD. Yn dy rol hat sy in soad betsjutten op it mêd fan folkssûnens en frouljusrjochten yn Nederlân.

 

Provinsjale Steaten hawwe yn 2021 in útstel oannommen om de Els Veder-Smit priis ienris yn ‘e trije jier op Ynternasjonale Frjoulusdei út te rikken oan de persoan dy’t har/him fertsjinstlik makke hat om de posysje en de rol fan froulju yn ‘e Fryske polityk te ferbetterjen.

 

Grutte Pier priis

Nei oanlieding fan it koälysjeakkoart ‘Mei elkenien, foar elkenien’ út 2015 is de Grutte Pier priis opnommen yn de feroardering. De Grutte Pier priis is in twajierlikse priis foar ûnderwiis yn de Fryske taal en ûnderwiisprojekten oangeande it Frysk yn in meartalige kontekst.