Ziet u een fout in deze regeling? Meld het ons op regelgeving@overheid.nl!
Fryslân

Subsydzjeregeling Sichtberens Fryske taal

Wetstechnische informatie

Gegevens van de regeling
OrganisatieFryslân
OrganisatietypeProvincie
Officiële naam regelingSubsydzjeregeling Sichtberens Fryske taal
CiteertitelSubsydzjeregeling Sichtberens Fryske taal
Vastgesteld doorgedeputeerde staten
Onderwerpalgemeen
Eigen onderwerp

Opmerkingen met betrekking tot de regeling

Geen

Wettelijke grondslag(en) of bevoegdheid waarop de regeling is gebaseerd

https://lokaleregelgeving.overheid.nl/CVDR332960/5

Overzicht van in de tekst verwerkte wijzigingen

Datum inwerkingtreding

Terugwerkende kracht tot en met

Datum uitwerkingtreding

Betreft

Datum ondertekening

Bron bekendmaking

Kenmerk voorstel

05-11-2021nieuwe regeling

26-10-2021

prb-2021-10377

Tekst van de regeling

Intitulé

Subsydzjeregeling Sichtberens Fryske taal

Deputearre Steaten fan Fryslân,

 

mei it each op kêst 1.3, fjirde lid, fan de Algemiene subsydzjeferoardering provinsje Fryslân 2013;

 

beslute:

 

de Subsydzjeregeling Sichtberens Fryske taal fêst te stellen:

 

Subsydzjeregeling Sichtberens Fryske taal

Kêst 1 Begrypsbepalings

Yn dizze regeling en de bepalings dy’t dêrop berêste, wurdt ferstien ûnder

 

  • a.

    Asv 2013: Algemiene subsydzjeferoardering provinsjie Fryslân 2013;

  • b.

    Fryske taal en Frysktalich: Wêr’t yn dizze subsydzjeregeling praat wurdt oer it Frysk kin ek inFryske streektaal lêzen wurde.

  • c.

    LTA 2030: Langetermynaginda 2030. Is it wurkplan fan in yn Fryslân festige bestjoersorgaan mei dêryn in útwurking fan de aktiviteiten dy’t útfierd wurde sille op grûn fan it fêststelde taalbeliedsplan, mei in tiidpaad oant en mei 2030.

  • d.

    Taalbeliedsplan: troch de gemeenteried of in oar yn Fryslân fêstige bestjoersorgaan fêststeld beliedsplan, as bedoeld yn de WGFT, kêst 5.2, wêryn’t belied ten oansjen fan de Fryske taal útienset wurdt. Yn it beliedsplan wurdt oanjûn hoe’t de beskikbere middels ynset wurde sille om de doelstellings oangeande it fersterkjen fan de posysje fan de Fryske taal te heljen.

  • e.

    WGFT: Wet gebrûk Frysk taalgebrûk fan 2 oktober 2013, hâldende regels oangeande it brûken fan de Fryske taal yn it bestjoerlik en yn it rjochtsferkear.

Kêst 2 Doel

It subsydzje hat ta doel om de sichtberens en it brûken fan de Fryske taal yn it iepenbiere libben en de publike romte yn Fryslân te fergrutsjen.

Kêst 3 Subsidiabele activiteiten

Subsydzje kin foar de neikommende aktiviteiten beskikber steld wurde:

  • a.

    útfiering fan aktiviteiten dy ‘t fuortkomme út de Langetermijnaginda 2030;

  • b.

    aktiviteiten dy’t de sichtberens en it hearren fan de Fryske taal struktureel en foar langere tiid yn de Fryske mienskip oanwiisber fergrutsje en dêrmei de posysje fan dy taal ferstevigje;

  • c.

    it ûntwikkeljen fan oarspronklike Frysktalige kommunikaasjemiddels, bedoeld foar it publyk;

  • d.

    it oersetten fan besteande kommunikaasjemiddels rjochte op it publyk, nei de Fryske taal.

Kêst 4 Doelgroep

  • 1.

    Subsydzje foar de aktiviteiten as bedoeld yn kêst 3, ûnder a, wurdt inkeld en allinne beskibar steld oan yn ‘e provinsje Fryslân fêstige bestjoersorganen dy’t net ûnder de sintrale oerheid falle.

  • 2.

    Subsydzje foar de aktiviteiten as bedoeld yn kêst 3, ûnder b oant en mei d, wurdt inkeld en allinne beskikber steld oan in ûndernimming, stichting of in feriening mei folslein rjochtsfoech, dy’t yn Fryslân kantoar hâldt of de provinsje Fryslân as wurkgebiet hat.

Kêst 5. Oanfraachperioade

  • 1.

    In oanfraach foar subsdzje kin yntsjinne wurde yn in oanfraachperiode dy’t troch Deputearre Steaten fêststeld is.

  • 2.

    Subsydzje-oanfragen wurde wegere as dy ynkommen binne bûten in perioade der’t Deputearre Steaten in subsydzjeplafond foar fêststeld hawwe.

Kêst 6. Oanfraach

In oanfraach foar subsydzje wurdt yntsjinne troch middel fan in oanfraachformulier dêr’t Deputearre Steaten in subsydzjeplafond foar fêststeld hawwe.

Kêst 7 Ferdielsystematyk

  • 1.

    Subsydzje wurdt ferparte yn folchoarder fan datum fan ynkommen fan de subsydzje-oanfragen. Dêrby jildt dat de datum fan ynkommen de datum is dat de oanfraach folslein is.

  • 2.

    Foarsafier’t troch it beskikber stellen fan subsydzje foar folsleine oanfragen dy’t op deselde dei ynkommen binne, it sybsdzjeplafond trochbrutsen wurdt, wurdt de ûnderlinge oardering fan dy oanfragen troch lotsjen fêststeld.

Kêst 8 Hifkingskritearia

Om foar subsydzje yn ’e beneaming te kommen, moat in oanfraach nei it oardiel fan Deputearre Steaten foldwaan oan de neikommende kritearia:

  • a.

    foar de aktiviteit, bedoeld yn kêst 3, ûnder a, jildt dat de aktiviteit bydrage moat oan:

    • gruttere sichtberens of brûken fan it Frysk; en

    • de útfiering fan de LTA 2030 fan in oerheid dy’t as bestoersorgaan hâlden is oan de WGFT, sa as beskreaun yn it troch gemeenteried of kolleezje fan B&W fêststeld wurkplan dat dêrta yntsjinne is by de provinsje yn de periode 2020 oant en mei 2021.;

  • b.

    foar de aktiviteit, bedoeld yn kêst 3, ûnder b oant en mei d, jildt dat de aktiviteit bydrage moat oan de beliedsdoelstellings fan de provinsje en liede moat ta mear gruttere sichtberens of brûken fan it Frysk;

  • c.

    de aktiviteit moat bedoeld wêze foar publyk tagonklike romten, tsjinsten of ynformaasje;

  • d.

    de aktiviteit mei net subsidiabel wêze binnen paragraaf 2.1 Frysktalige literatuer of paragraaf 2.2. Oersetten en bewurkjen fan literatuer fan de Subsydzjeregeling kultuer en mienskip Fryslân.

Kêst 9 Wegeringsgrûnen

In subsydzje wurdt yn alle gefallen wegere as:

  • a.

    de oanfreger net yn de doelgroep fan de regeling falt;

  • b.

    de aktiviteit net foldocht oan ien of meardere fan de hifkingskritearia, lykas bedoeld yn kêst 8;

  • c.

    foar deselde aktiviteit,dêr’t subsydzje foar oanfrege is, al earder in subsydzje troch de provinsje Fryslân of in oare ynstânsje beskikber steld is;

  • d.

    in oanfraach bûten de oanfraachperioade, lykas neamd yn kêst 5, ûntfongen wurdt;

  • e.

    de oanfraach foar de frege kostesubsydzje net of ûnfoldwaande foarsjoen is fan in spesifisearre projektbegrutting.

Kêst 10 Subsidiabele kosten en hichte fan it subsydzje

  • 1.

    Foarsafier’t it needsaaklik en gaadlik is, komme alle kosten foar subsydzje yn ‘e beneaming, útsein de kosten dy’t yn kêst 11 neamd wurde;

  • 2.

    Foar de aktiviteit, bedoeld yn kêst 3, ûnder a, bedraacht de hichte fan it subsydzje maksimaal 80% fan de subsidiabele kosten mei in minimum fan € 2.500,- en in maksimum fan € 10.000,-.

  • 3.

    Foar de aktiviteit, bedoeld yn kêst 3, ûnder b of c bedraacht de hichte fan it subsydzje maksimaal 80% fan de subsidiabele kosten, mei in minimum fan € 2.500,- en in maksimum fan € 5.000,-.

  • 4.

    Oars as yn twadde of tredde lid bedraacht de hichte fan it subsydzje foar de aktiviteit as bedoeld yn kêst 3, ûnder d, € 0,20 it wurd, mei in minimum fan € 500,- en in maksimum fan € 1000,-.

Kêst 11 Net subsidiabele kosten

Mei behâld fan wat yn kêst 1.10 fan de Asv 2013 stiet komme de neikommende kosten net foar subsydzje yn é beneaming:

  • a.

    kosten foar it ûntwikkeljen en ûnderhâlden fan in webside, software of oare digitale kommunikaasjemiddels sûnder dat it brûken fan de Fryske taal fersterke of ferbettere wurdt net foar subsydzje yn ‘e beneaming.

  • b.

    reis- of ferbiuwskosten.

Kêst 12 Ferplichtings fan de subsydzjeûntfanger

  • 1.

    De aktiviteiten, as bedoeld yn kêst 3, moatte binnen tolve moannen neidat it subsydzje ferlied is, ûtfierd wurde.

  • 2.

    As net oan de ferplichting foldien wurde kin, dy’t yn it earste lid neamd wurdt, kin de útfieringstermyn fan it projekt mei maksimaal 6 moannen ferlingd wurde, op betingst dat dêrta temisten ien moanne foar it ôfrinnen fan de termyn in deugdlik motivearre, skriftlike fersyk ta dien is.

  • 3.

    Oan de subsydzjeûntfanger kinne by it beskikber stellen fan it subsydzje ferplichtings oangeande de fersprieding en it berik fan it kommunikaasjemiddel oplein wurde.

  • 4.

    As it subsydzje ferbân hâldt mei in aktiviteit as bedoeld yn kêst 3, ûnderdiel b of d, dan wurdt oan de subsydzjeûntfanger yn alle gefallen de ferplichting oplein dat it kommunikaasjemiddel op syn minst foar de oarspronklike doelgroep sichtber wêze moat, salang’t it ûnderwerp dêr’t it ferbân mei hâldt, aktueel is.

  • 5.

    As it subsydzje slacht op in aktiviteit as bedoeld yn kêst 3, ûnderdiel d, wurdt oan de subsydzjeûntfanger yn alle gefallen de ferplichting oplein dat it materiaal op syn minst twa jier nei de beskikking ta fêststelling fan it subsydzje yn stân hâlden wurde moat.

  • 6.

    De teksten oersette te litten troch in oersetter dy’t betûft is yn it Frysk, of der yn alle gefallen foar te soargjen dat de teksten yn geef Frysk en sûnder skriuwflaters te lêzen binne.

Kêst 13 Prestaasjeferantwurding

  • 1.

    It subsydzje wurdt direkt fêststeld en yn ien kear útbetelle.

  • 2.

    De subsydzjeûntfanger lit, as dêrom frege wurdt, nei in yn de beskikking neamde termyn sjen dat de oersetaktiviteit dêr’t subsydzje foar beskikber steld is, útfierd is troch it tastjoeren fan it oersette kommunikaasjemiddel of in ferwizing nei it digitale fynplak fan it oersette middel, en hoe’t foldien is oan de ferplichtings dy’t mei it fêststellen fan it subsydzje anneks binne.

  • 3.

    As it subsydzje beskikber steld is foar oare saken as oersetaktiviteiten, dan moat de yn in twadde lid bedoelde ferantwurding mei it tastjoeren fan yn de beskikking neamde stikken stal krije.

Taljochting

Kêst 1Begrypsbepalings, ûnder c

Langetermynaginda 2030

De Wet gebrûk Fryske Taal fan 2 oktober 2013 freget fan bestjoersorganen yn de provinsje Fryslân, dy’t gjin diel útmeitsje fan de sintrale oerheid, dat sy regels en in beliedsplan opstelle oangeande de Fryske taal. Dat is subsiearre ûnder de subsydzjeregeling Mei-inoar faor it Frysk. No jouwe de Fryske bestjoersorganen in konkreet ferfolch dêroan troch oan de beliedsplannen in Wurkplan te keppeljen yn de foarm fan in Lange Termyn aginda 2030. Yn de wurkplannen binne aktiviteiten opnaam dy’t útfierd wurde om stâl te jaan oan it fêststelde taalbelied, mei in rintiid oant en mei 2030.

 

Kêst 4 Doelgroep

Earste lid: ûnder de doelgroep falle de yn de provinsje Fryslân fêstige bestjoersorganen dy’t net ûnder de sintrale oerheid falle. Dizze beheining is ûntliend oan de Wet Gebrûk Fryske Taal fan 2 oktober 2013. De FUMO en Veiligheidsregio Fryslân binne iepenbiere lichems op grûn fan de Wet Mienskiplike Regeling en falle dêrmei ek ûnder dizze doelgroep.

 

Kêst 11 Net subsidiabele kosten

Mei dizze regeling wol de provinsje it gebrûk fan de Fryske taal stimulearje. As dat fia in digitaal ynstrument plakfynt, kin dat foar safier’t it in digitaal produkt oanbelanget dat hielendal op dy doelstellng – it stimulearjen fan it Frysk – rjochte is, lykas mei taalhelpmiddels. In foarbyld dêrfan is in app as “Prat mar Frysk” fan de Afûk. Foar kommunikaasjemiddels dy’t in breder doel hawwe en neist it Frysk ek yn oare talen beskikber binne, draacht de provinsje by, foar safier it oersetkosten of oare kosten oanbelanget, dy’t mei de Fryske taal te krijen hawwe. Kosten foar de technyske ûntwikkeling fan apps of websiden en it ûnderhâld dêrfan binne net subsidiabel.