Ziet u een fout in deze regeling? Meld het ons op regelgeving@overheid.nl!
Fryslân

Beslút fan Deputearre Steaten fan de provinsje Fryslân fan 9 febrewaris 2021 oangeande de subsydzje Frysk foar no en letter (Subsydzjeregeling Frysk foar no en letter 2021-2024)

Wetstechnische informatie

Gegevens van de regeling
OrganisatieFryslân
OrganisatietypeProvincie
Officiële naam regelingBeslút fan Deputearre Steaten fan de provinsje Fryslân fan 9 febrewaris 2021 oangeande de subsydzje Frysk foar no en letter (Subsydzjeregeling Frysk foar no en letter 2021-2024)
CiteertitelSubsydzjeregeling Frysk foar no en letter 2021-2024
Vastgesteld doorgedeputeerde staten
Onderwerpfinanciën en economie
Eigen onderwerp

Opmerkingen met betrekking tot de regeling

Geen

Wettelijke grondslag(en) of bevoegdheid waarop de regeling is gebaseerd

https://decentrale.regelgeving.overheid.nl/cvdr/xhtmloutput/Historie/Frysl%C3%A2n/332960/CVDR332960_5.html

Overzicht van in de tekst verwerkte wijzigingen

Datum inwerkingtreding

Terugwerkende kracht tot en met

Datum uitwerkingtreding

Betreft

Datum ondertekening

Bron bekendmaking

Kenmerk voorstel

18-02-2021nieuwe regeling

09-02-2021

prb-2021-1199

Tekst van de regeling

Intitulé

Beslút fan Deputearre Steaten fan de provinsje Fryslân fan 9 febrewaris 2021 oangeande de subsydzje Frysk foar no en letter (Subsydzjeregeling Frysk foar no en letter 2021-2024)

Deputearre Steaten fan Fryslân,

 

mei it each op kêst 1.3, fjirde lid, fan de Algemiene subsydzjeferoardering provinsje Fryslân 2013;

 

oerwagende dat it yn it ramt fan it Taalplan Frysk-2030 winsklik is om de posysje fan it Frysk yn it ûnderwiis troch subsydzje fuort te sterkjen, sadat alle skoallen yn it Fryske taalgebiet de kearndoelen foar it Frysk uterlik yn 2030 oanbiede;

 

beslute:

 

de Subsydzjeregeling Frysk foar no en letter 2021-2024 as neikomt fêst te stellen:

 

SubsydzjeregelingFryskfoar no en letter 2021-2024

 

Haadstik 1 Algemiene bepalings

Kêst 1.1 Begrypsbepalings

Yn dizze regeling en de bepalings dy’t dêrop berêste, wurdt ferstien ûnder:

  • a.

    Asv: Algemiene subsydzjeferoardering provinsje Fryslân 2013;

  • b.

    Awb: Algemene wet bestuursrecht;

  • c.

    fakdosintFrysk: dosint yn it fuortset of beropsûnderwiis mei in earste of twaddegraads ûnderwiisfoech om it fak Frysk te jaan;

  • d.

    foarskoalske opfang: organisearre opfang foar bern yn de âldens fan 0-4 jier;

  • e.

    frijroasterje: it ferfangen fan in learkrêft, dosint, ûnderwiisstiper of al as net pedagogysk meiwurker foarskoalske opfang dy’t in op grûn fan dizze regeling subsidiabel stelde skoallingsaktiviteit of opliedingsaktiviteit folgje sil. Dat ferfangen bart troch it tydlik yn leantsjinst nimmen of ynhieren fan in, lykweardich oan it te ferfangen personielslid, ferfanger;

  • f.

    Fryske taal: it Frysk of in yn Fryslân aktyf brûkte streektaal;

  • g.

    hardware: oanwêzige ynboel yn in skoalgebou, lykas tafels, stuollen, kofjekopkes, pinnen, kompjûters, digibuorden, tablets, ensafuorthinne;

  • h.

    kearndoelenFrysk: oanboddoelen foar basis en fuortset ûnderwiis lykas omskreaun yn Besluit vernieuwde kerndoelen WPO en Besluit kerndoelen onderbouw VO;

  • i.

    kostesubsydzje: subsydzje dy’t beskikber steld wurdt foar spesifike subsidiabele kosteposten dy’t de subsydzjeûntfanger makket en betellet by it útfieren fan in subsidiearre aktiviteit. In subsydzje dy’t beskikber steld wurdt foar in yn paragraaf 2.1 fan dizze regeling omskreaune aktiviteit is in kostesubsydzje;

  • j.

    kultueredukaasje: it doelbewust leare ûntdekken fan de Fryske taal, kultuer en skiednis troch dúdlike ynstruksje troch in saakkundige, yn of bûten skoalle;

  • k.

    meiwurker: persoan dy’t by de rjochtsfoarm fan de oanfreger detasjearre is as payroller of útstjoerkrêft op basis fan respektivelik in payrolloerienkomst of útstjoeroerienkomst, en dêr wurk docht;

  • l.

    netwurkMeartalichFuortsetUnderwiis: troch Cedin begelaat netwurk foar trijetalige skoallen;

  • m.

    opliedingsaktiviteit: it folgjen en mei in diploma ôfsluten fan in foltiidske of dieltiidske oplieding rjochte op Fryske taal en kultuer of meartalige didaktyk oan de NHL Stenden Hogeschool of de Rijksuniversiteit Groningen;

  • n.

    prestaasjesubsydzje: subsydzje dy’t beskikber steld wurdt foar it realisearjen fan in spesifike subsidiearre prestaasje of aktiviteit. In subsydzje dat beskikber steld wurdt foar in yn paragraaf 2.2. fan dizze regeling omskreaune aktiviteit is in prestaasjesubsydzje;

  • o.

    saakkundige: entiteit dy’t op grûn fan oplieding of ûnderfining kwalifisearre achte wurde moat om in skoallingsaktiviteit yn it ramt fan dizze regeling te fersoargjen. De saakkundige is ûnôfhinklik en stiet yn it hannelsregister ynskreaun;

  • p.

    skoallingsaktiviteit: aktiviteit dy’t oanbean wurdt troch in saakkundige yn de foarm fan in training, seminar of kursus yn de Fryske taal of kultuer of meartalige didaktyk oars as de ûnder k. neamde opliedingsaktiviteit;

  • q.

    skoallingsbewiis: in diploma, sertifikaat of bewiis fan dielnimmen dat nei it dielnimmen oan in oplieding, training, seminar of kursus jûn wurdt;

  • r.

    taalbeliedsplan: struktureel strategysk plan fan it skoalteam om de ûnderwiispraktyk oan te passen oan it ferlet fan de learlingen om taal te learen mei it each op it befoarderjen fan harren hiele ûntwikkeling en it ferbetterjen fan harren ûnderwiisresultaten mei spesifyk omtinken foar de Fryske taal en meartaligens;

  • s.

    Taalplan Frysk-profyl: profilen lykas beskreaun yn de beliedsregel foar it krijen fan ûntheffing foar it fak Frysk yn it basis en fuortset ûnderwiis;

  • t.

    ûnderwiisstiper: de wurknimmer dy’t taken útfiert, dy’t stypjend binne by de lessen en op it mêd fan learlingbegelieding, ûnder ferantwurdlikheid fan in learkrêft en dy’t de ûnderwiistarieding stipet;

  • u.

    wurknimmer: persoan dy’t op basis fan in fêste of tydlike arbeidsoerienkomst arbeid ferrjochtet by de rjochtsfoarm fan de oanfreger en dêr lean foar kriget.

Kêst 1.2 Doelgroep

  • 1.

    Subsydzje wurdt inkeld en allinne beskikber steld oan in yn de provinsje Fryslân fêstige foarskoalske opfang of skoallen yn it basisûnderwiis, fuortset ûnderwiis, spesjaal basisonderwiis en spesjaal ûnderwiis, praktykûnderwiis, middelber of heger beropsûnderwiis of yn it wittenskiplik ûnderwiis.

  • 2.

    Yn ôfwiking fan de eask fan in fêstigingslokaasje yn de provinsje Fryslân falle op Fryske taal en kultuer rjochte opliedings oan de Rijksuniversiteit Groningen ek ûnder it earste lid.

Kêst 1.3 Oanfraach

  • 1.

    In oanfraach foar in subsydzje wurdt binnen in troch Deputearre Steaten fêststelde oanfraachperioade ûntfongen.

  • 2.

    De oanfraach wurdt mei it troch Deputearre Steaten fêststelde oanfraachformulier yntsjinne.

  • 3.

    Deselde oanfreger kin foar in fêstigingslokaasje foar in oanfraachperioade, lykas neamd yn it earste lid, op syn heechst ien kear yn it ramt fan dizze regeling foar ien of meardere fan de yn kêst 2.1.2 of 2.2.2 neamde aktiviteiten subsydzje oanfreegje.

Kêst 1.4 Ferdielsystematyk

  • 1.

    As in subsydzje-oanfraach noch net folslein is, jildt foar it fêststellen fan de ûnderlinge oardering foar de ferdieling fan it subsydzje de dei dat de subsydzje-oanfraach folslein is as datum fan ynkommen.

  • 2.

    Driget op in dei dat der oer it subsydzjeplafond hinne gien wurdt, dan kriget de oardering fan de op dy dei ynkommen folsleine subsydzje-oanfragen troch lotsjen syn beslach.

Kêst 1.5 Wegeringsgrûnen

In subsydzje wurdt yn alle gefallen wegere as:

  • a.

    de oanfreger net yn de doelgroep fan de regeling falt;

  • b.

    de oanfreger yn deselde oanfraachperioade, lykas yn kêst 1.3, earste lid neamd, al ien oanfraach yntsjinne hat, lykas neamd yn kêst 1.3, tredde lid;

  • c.

    de oanfreger oansletten is by it netwurk Meartalich Fuortset Underwiis;

  • d.

    de aktiviteit net foldocht oan ien of meardere fan de hifkingskritearia, lykas bedoeld yn kêst 2.1.3 of 2.2.3;

  • e.

    der terjochte reden bestiet dat de aktiviteit yn finansjele, organisatoaryske of technyske sin net te heljen is;

  • f.

    foar deselde aktiviteit dêr’t subsydzje foar oanfrege is, al earder in subsydzje troch de provinsje Fryslân of in oare ynstânsje beskikber steld is;

  • g.

    in oanfraach bûten de oanfraachperioade, lykas neamd yn kêst 1.3, ûntfongen wurdt;

  • h.

    de oanfraach foar de frege kostesubsydzje ûnfoldwaande fan in spesifisearre projektbegrutting foarsjoen is;

  • i.

    as de aktiviteit nei it oardiel fan Deputearre Steaten net genôch op it befoarderjen fan it oanbod Fryske taal en kultuer rjochte is.

Haadstik 2 Subsidiabele aktiviteiten

Paragraaf 2.1 It fergrutsjen fan kennis of praktysk gebrûk fan Fryske taal en kultuer yn foarskoalske opfanglokaasjes en it ûnderwiis

2.1.1 Doel

Mei dizze paragraaf wurdt it jaan en yntegrearjen fan de Fryske taal en kultuer yn de foarskoalske opfanglokaasjes en it ûnderwiis mei in folslein en kwalitatyf oanbod, wêrby’t it ûnderwiispersoniel it foech hat en betûft is om dat út te fieren, stimulearre.

Kêst 2.1.2 Subsidiabele aktiviteiten

Deputearre Steaten kinne op oanfraach in kostesubsydzje foar ien of meardere fan de neikommende aktiviteiten fan de oanfreger beskikber stelle:

  • a.

    it troch de wurknimmer dielnimmen oan in skoallings- of opliedingsaktiviteit op it mêd fan de Fryske taal en kultuer of meartalige didaktyk mei it each op it fuortsterkjen of fergrutsjen fan de posysje fan it Frysk yn it troch de oanfreger fersoarge ûnderwiis;

  • b.

    it oanskaffen fan Frysktalige fysike of digitale lêsboeken, lesmetoaden of oar ûnderwiismateriaal, rjochte op yntegraasje fan de Fryske taal en kultuer yn te fersoargjen ûnderwiis yn fakken oars as dy fan de Fryske taal;

  • c.

    it dielnimmen yn organisearre groepsferbân oan in aktiviteit mei as eachmerk kultueredukaasje fersoarge troch in dêrta kwalifisearre saakkundige.

Kêst 2.1.3 Hifkingskritearia

  • 1.

    Om foar in kostesubsydzje yn oanmerking te kommen foar in skoallings- of opliedingsaktiviteit lykas fêststeld yn kêst 2.1.2, ûnder a, wurdt foldien oan de neikommende kritearia:

    • a.

      de skoallings- of opliedingsaktiviteit wurdt inkeld en allinne folge troch in yn leantsjinst by de oanfreger wurkjende pedagogysk meiwurker yn de foarskoalske opfang of learkrêft of ûnderwiisstiper yn it, al as net spesjaal, basisûnderwiis of dosint yn it al of net spesjaal, fuortset ûnderwiis, praktykûnderwiis, middelber of heger beropsûnderwiis of yn it wittenskiplik ûnderwiis;

    • b.

      de oanfreger toant goedernôch oan dat der fan de kant fan de foarskoalske opfanglokaasje of it ûnderwiis ferlet is fan it folgje litten fan de skoallings- of opliedingsaktiviteit foar it ferbetterjen fan it ûnderwiis yn de Fryske taal en kultuer of de meartalige didaktyk;

    • c.

      as der sprake is fan in skoallingsaktiviteit dan jilde de neikommende oanfoljende hifkingskritearia:

      • de skoallingsaktiviteit hat oantoanber as doel:

        • I.

          de mûnlinge of skriftlike feardichheden yn de Fryske taal te ferbetterjen; of

        • II.

          de kennis oer de Fryske taal en kultuer te fergrutsjen; of

        • III.

          de kennis oer meartalige taalwinning by jonge bern te fergrutsjen; of

        • IV.

          de kennis oer meartalige didaktyk te fergrutsjen;

      • de skoallingsaktiviteit wurdt troch in dêrta kwalifisearre saakkundige fersoarge;

    • d.

      as der sprake is fan in opliedingsaktiviteit dan jilde ien fan de folgjende twa neikommende oanfoljende hifkingskritearia:

      • yn it gefal in wurknimmer in opliedingsakitviteit folget dy’t rjochte is op it beheljen fan it foech Frysk of de oplieding ta Taalkoördinator dan moat dizze persoan ynskreaun stean by NHL Stenden Hogeschool; of

      • yn it gefal de wurknimmer in opliedingsaktiviteit folget foar in earste- of twaddegraads dosint Frysk yn it fuortset ûnderwiis dan moat dizze persoan ynskreaun stean by NHL Stenden Hogeschool of by Rijksuniversiteit Groningen.

  • 2.

    Om foar kostesubsydzje yn oanmerking te kommen foar in aktiviteit as fêststeld yn kêst 2.2.2, ûnder b, wurdt oan it neikommende kritearium foldien:

    de oan te skaffen nije lesmetoaden, lêsboeken of oar ûnderwiismateriaal yn it Frysk binne oantoanber nedich foar it fersoargjen fan de ûnderwiistaak yn it Frysk en binne noch net of noch net genôch oanwêzich.

  • 3.

    Om foar kostesubsydzje yn oanmerking te kommen foar in aktiviteit as fêststeld yn kêst 2.2.2, ûnder c, wurdt oan it neikommende kritearium foldien:

    der is sprake fan in organisearre aktiviteit kultueredukaasje yn groepsferbân, fersoarge troch in kwalifisearre saakkundige op it mêd fan de Fryske taal en kultuer of meartaligens.

Kêst 2.1.4 Subsidiabele kosten

  • 1.

    Foar in aktiviteit as fêststeld yn kêst 2.1.2, ûnder a, komme foar subsydzje yn oanmerking, de kosten fan it dielnimmen oan in oplieding, training, seminar of kursus troch wurknimmers fan de rjochtsfoarm fan de oanfreger.

  • 2.

    Foar in aktiviteit as fêststeld yn kêst 2.1.2, ûnder b, komme foar subsydzje yn oanmerking de kosten fan it oanskaffen fan fysike of digitale ûnderwiismetoaden, lêsboeken of oar ûnderwiismateriaal yn de Fryske taal of oer de Fryske kultuer.

  • 3.

    Foar in aktiviteit as fêststeld yn kêst 2.1.2, ûnder c, komme foar subsydzje yn oanmerking de streekrjochte kosten, dy’t makke wurde yn it oantoanber dielnimmen oan in aktiviteit rjochte op kultueredukaasje, organisearre yn groepsferbân troch de oanfreger en besteande út studinten, learlingen of út pjutten.

Kêst 2.1.5 Net-subsidiabele kosten

Unfermindere wat yn kêst 1.10 fan de Asv 2013 fêststeld is, komme de neikommende kosten net foar subsydzje yn oanmerking:

  • a.

    salariskosten fan regulier ûnderwiispersoniel;

  • b.

    de oanskaf fan direkt of yndirekt ûnderwiismateriaal of hardware dy’t net inkeld foar it befoarderjen fan it ûnderwiis yn de Fryske taal en kultuer brûkt wurde kin;

  • c.

    de kosten dy’t ferbân hâlde mei festiviteiten, mar net daliks as doel hawwe de Fryske taal en kultuer te befoarderjen;

  • d.

    omsetbelesting is allinne mar subsidiabel foar safier’t it troch de oanfreger net ferrekkene wurde kin.

Kêst 2.1.6 Maksimale subsydzje en persintaazjes

  • 1.

    De subsydzje bedraacht as neikomt:

    • a.

      foar in aktiviteit, as fêststeld yn kêst 2.1.2, ûnder a, 100% fan de subsidiabele kosten mei in maksimum fan € 2500,-;

    • b.

      foar in aktiviteit, as fêststeld yn kêst 2.1.2, ûnder b, 80% fan de subsidiabele kosten mei in maksimum fan € 1000,-;

    • c.

      foar in aktiviteit, as fêststeld yn kêst 2.1.2, ûnder c, 50% fan de subsidiabele kosten mei in maksimum fan € 500,-.

  • 2.

    It totaal neffens it earste lid beskikber te stellen subsydzjebedrach bedraacht op syn heechst € 4000,- de oanfraach.

Kêst 2.1.7 Ferplichtings fan de subsydzjeûntfanger

Unfermindere de ferplichtings dy’t út de Awb en de kêsten 2.13 en 2.14 fan de Asv 2013 folgje, is de subsydzjeûntfanger ferplichte om:

  • a.

    it projekt binnen in termyn fan achttjin moanne fan de datum fan de beskikking ta fêststelling ôf te realisearjen;

  • b.

    as der sprake is fan in opliedingsaktiviteit, lykas neamd ûnder kêst 2.1.1, ûnder a, dy’t langer as 18 moanne duorret, dy aktiviteit, yn ôfwiking fan de ûnder a neamde termyn, uterlik binnen fjouwer jier fan de datum fan de beskikking ta fêststelling ôf te realisearjen;

  • c.

    as net foldien wurde kin oan de ûnder a of b neamde ferplichting kin de útfieringstermyn fan it projekt mei maksimaal seis moanne ferlinge wurde as dêrta in skriftlik en ûnderboud fersyk yntsjinne wurdt op syn minst ien moanne foarôfgeand oan it ôfrinnen fan de termyn;

  • d.

    kosten fan de subsidiearre aktiviteit sels te meitsjen en te beteljen;

  • e.

    de kosten fan de útfiering fan it projekt op in dúdlike wize yn de administraasje fan de subsydzjeûntfanger wer te jaan, te ûnderskieden nei de ferskate, yn de beskikking ta subsydzjefêststelling ûnderskate subsidiabele kosten;

  • f.

    as dêr om frege wurdt, nei it ferstriken fan de eindatum fan de subsidiearre aktiviteit of nei it realisearjen fan de subsidiearre aktiviteit, oan te toanen dat de aktiviteit neffens de oanfraach syn beslach krige hat en dat oan de subsydzjefêststelling ferbûne ferplichtings foldien is.

Kêst 2.1.8 Fêststelling en ferantwurding

  • 1.

    In kostesubsydzje dy’t beskikber steld wurdt op grûn fan dizze paragraaf wurdt daliks fêststeld.

  • 2.

    Yn gefal fan in fersyk as fêststeld yn kêst 2.1.7 oanhef en ûnder f, jout de subsydzjeûntfanger alle troch Deputearre Steaten opfrege ynformaasje, mei dêrûnder yn alle gefallen:

    • a.

      kopyen fan faktueren en betelbewizen oangeande de makke en betelle kosten fan de subsidiearre aktiviteit;

    • b.

      as subsydzje beskikber steld is foar in aktiviteit as fêststeld yn kêst 2.1.2, ûnder a:

      kopyen fan de beskikber stelde skoallingsbewizen dy’t oan wurknimmers fan de skoalle of foarskoalske opfang útrikt binne;

    • c.

      as subsydzje beskikber steld is foar in aktiviteit as fêststeld yn kêst 2.1.2, ûnder b:

      kopyen fan faktueren en betelbewizen oangeande de makke en betelle kosten fan de subsidiearre aktiviteit en foto’s fan it oanskafte lesmateriaal;

    • d.

      as subsydzje beskikber steld is foar in aktiviteit as fêststeld yn kêst 2.1.2, ûnder c:

      kopyen fan faktueren en betelbewizen oangeande de makke en betelle kosten fan de subsidiearre aktiviteit.

  • 3.

    It net foldwaan oan it twadde lid fan dit kêst, liedt yn alle gefallen ta it ynlûken fan de subsydzjefêststelling en ta it werom foarderjen fan it fêststelde subsydzjebedrach by de subsydzjeûntfanger.

     

Paragraaf 2.2 Frijroasterje, taalbeliedsplan, Fryske taal en kultuer fuortsterkje

Kêst 2.2.1. Doel

Mei dizze paragraaf wurdt de skoalle of de foarskoalske opfanglokaasje by steat steld de rânebetingsten foar it yntegrearjen en ymplemintearjen fan it Frysk te beävensearjen. En kin in temjittekomming oanfrege wurde foar it fuortsterkjen fan de Fryske taal en kultuer.

Kêst 2.2.2. Subsidiabele aktiviteiten

Deputearre Steaten kinne op oanfraach in prestaasjesubsydzje beskikber stelle foar ien of mear fan de neikommende aktiviteiten fan de oanfreger:

  • a.

    yn ferbân mei it lykweardich ferfangen by it frijroasterjen it tydlik yn tsjinst nimmen of ynhieren fan in wurknimmer of meiwurker troch de oanfreger;

  • b.

    it opstellen of oanpassen fan in taalbeliedsplan dêr’t de Fryske taal in ûnderdiel fan is;

  • c.

    it útfieren fan aktiviteiten troch in yn it fuortset ûnderwiis of middelber beropsûnderwiis oanstelde fakdosint Frysk, bûten syn reguliere wurk om, dy’t te krijen hawwe mei it ûntwikkeljen, aktualisearjen of it wittenskiplik ûndersykjen fan it fak Frysk of de meartalige didaktyk;

  • d.

    it folgjen fan it begeliedingstrajekt om by it netwurk Meartalich Fuortset Underwiis oan te sluten.

Kêst 2.2.3 Hifkingskritearia

  • 1.

    Om foar in prestaasjesubsydzje yn oanmerking te kommen foar in aktiviteit as fêststeld yn kêst 2.2.2, ûnder a, wurdt oan de neikommende kritearia foldien:

    • a.

      De tydlik yn tsjinst te nimmen of yn te hieren ferfanger is in:

      • kwalifisearre pedagogysk meiwurker yn it gefal it te ferfangen frijroastere personielslid yn de foarskoalske opfang wurket;

      • kwalifisearre learkrêft, dosint of ûnderwiisstiper yn it gefal it te ferfangen frijroastere personielslid wurket yn it basisûnderwiis of fuortset ûnderwiis, spesjaal basisûnderwiis of spesjaal ûnderwiis, praktykûnderwiis, middelber of heger beropsûnderwiis of yn it wittenskiplik ûnderwiis;

    • b.

      de ferfanger dy’t tydlik yn tsjinst nommen wurdt of troch de oanfreger ynhierd wurdt ferrjochtet syn yn de arbeidsoerienkomst of ynhieroerienkomst neamde oeren folslein as ferfanging fan it frijroastere personielslid;

    • c.

      de arbeids- of ynhieroerienkomst moat in omfang hawwe fan:

      • syn minst 24 oeren yn ‘e wike mei in rintiid fan op syn minst 12 moanne yn it gefal it te ferfangen frijroastere personielslid in opliedingsaktiviteit ferrjochtet, lykas neamd yn kêst 2.1.2 ûnder a;

      • op syn minst 8 oeren yn ‘e wike mei in rintiid fan op syn minst 3 moanne yn it gefal it te ferfangen frijroastere personielslid in skoallingsaktiviteit ferrjochtet, lykas neamd yn kêst 2.1.2 ûnder a;

    • d.

      de oanfreger toant goedernôch oan dat der op de foarskoalske opfanglokaasje of skoalle ferlet is fan spesjalisearring fan de wurknimmer foar ûnderwiis yn de Fryske taal en kultuer of de meartalige didaktyk en de wurknimmer dêrfoar frijroastere wurde moat.

  • 2.

    Om foar prestaasjesubsydzje yn oanmerking te kommen foar in aktiviteit as fêststeld yn kêst 2.2.2, ûnder b, wurdt oan it neikommende kritearium foldien:

    der wurdt in noch net besteand taalbeliedsplan Frysk troch de skoalle of foarskoalske opfang opsteld of de Fryske taal wurdt yn it besteande taalbeliedsplan yntegrearre en ymplemintearre.

  • 3.

    Om foar prestaasjesubsydzje yn oanmerking te kommen foar in aktiviteit as fêststeld yn kêst 2.2.2, ûnder c, wurdt oan de neikommende kritearia foldien:

    • fakdosint wurket yn it fuortset ûnderwiis of it middelber beropsûnderwiis en jout les yn it fak Frysk;

    • de fakdosint Frysk ynvestearret tiid yn it ferbetterjen fan it ûnderwiis yn it fak Frysk en de Fryske kultuer troch diel te nimmen oan kongressen of oare ynformative gearkomsten of oan ûndersiken of wurkgroepen, rjochte op de fierdere ûntwikkeling fan de didaktyk fan it fak Frysk en de Fryske kultuer.

  • 4.

    Om foar prestaasjesubsydzje yn oanmerking te kommen foar in aktiviteit as fêststeld yn kêst 2.2.2, ûnder d, wurdt oan it neikommende kritearium foldien:

    de skoalle sit yn it begeliedingstrajekt om by it netwurk Meartalich Fuortset Underwiis oan te sluten.

Kêst 2.2.4 Subsydzjehichte

  • 1.

    De prestaasjesubsydzje bedraacht:

    • a.

      foar op syn heechst ien aktiviteit, as fêststeld yn kêst 2.2.2, ûnder a, en der sprake is fan de situaasje lykas bedoeld yn kêst 2.2.3 ûnder c, ûnderdiel 10: € 3500,-;

    • b.

      foar op syn heechst ien aktiviteit, as fêststeld yn kêst 2.2.2, ûnder a, en der sprake is fan de situaasje lykas bedoel in kêst 2.2.3 ûnder c, ûnderdiel 20: € 750,-;

    • c.

      foar in op syn heechtst ien aktiviteit, as fêststeld yn kêst 2.2.2, ûnder b, € 250,-;

    • d.

      foar in aktiviteit, as fêststeld yn kêst 2.2.2, ûnder c, € 500,- de oanstelde fakdosint Frysk, mei in maksimum fan fjouwer dosinten de oanfraach te subsidiearjen;

    • e.

      foar op syn heechst ien aktiviteit, as fêststeld yn kêst 2.2.2, ûnder d, € 3000,-.

  • 2.

    It totaal neffens it earste lid beskikber te stellen subsydzjebedrach ûnder a oant en mei d bedraacht op syn heechst € 6500,- de oanfraach en op syn heechst € 9500,- by it beskikber stellen fan subsydzje ûnder a oant en mei e.

Kêst 2.2.5 Ferplichtings fan de subsydzjeûntfanger

Unfermindere de ferplichtings dy’t folgje út de Awb en de kêsten 2.13 en 2.14 fan de Asv 2013, is de subsydzjeûntfanger ferplichte om:

  • a.

    it projekt binnen in termyn fan achttjin moanne fan de datum fan it beskikber stellen fan it subsydzje ôf te realisearjen;

  • b.

    as der sprake is fan in opliedingsaktiviteit, lykas neamd ûnder kêst 2.1.1, ûnder a, dy’t langer as 18 moanne duorret, dy aktiviteit, yn ôfwiking fan de ûnder a neamde termyn, uterlik binnen fjouwer jier fan de datum fan de beskikking ta fêststelling ôf te realisearjen;

  • c.

    as net oan de yn it earste lid neamde ferplichting foldien wurde kin, kin de útfieringstermyn fan it projekt mei maksimaal seis moanne ferlinge wurde as dêrta in skriftlik en ûnderboud fersyk yntsjinne wurdt op syn minst ien moanne foarôfgeand oan it ôfrinnen fan de termyn;

  • d.

    de subsidiearre aktiviteit op de oanbelangjende skoalle of foarskoalske opfanglokaasje út te fieren of útfiere te litten;

  • e.

    as dêr om frege wurdt, nei it ferstriken fan de eindatum fan de subsidiearre aktiviteit of nei it realisearjen fan de subsidiearre aktiviteit, oan te toanen dat de aktiviteit neffens de oanfraach syn beslach krige hat en dat oan de subsydzjefêststelling ferbûne ferplichtings foldien is.

Kêst 2.2.6 Fêststelling en prestaasjeferantwurding

  • 1.

    In prestaasjesubsydzje dy’t op grûn fan dizze paragraaf beskikber steld wurdt, wurdt daliks fêststeld.

  • 2.

    Yn it gefal fan in fersyk as fêststeld yn kêst 2.2.5 oanhef en ûnder e, jout de subsydzjeûntfanger alle troch Deputearre Steaten opfrege ynformaasje. As dêrom frege wurdt moatte yn dat gefal de neikommende stikken oerlein wurde:

    • a.

      yn gefal fan in subsidiearre aktiviteit as bedoeld yn kêst 2.2.2, ûnder a: kopyen fan de arbeidsoerienkomst en leanbriefkes fan de tydlik yn tsjinst nommen wurknimmer of de ynhieroerienkomst, faktueren en betelbewizen fan de ynhierde meiwurker;

    • b.

      kopyen fan faktueren en betelbewizen oangeande de makke en betelle kosten fan de subsidiearre aktiviteit;

    • c.

      as subsydzje beskikber steld is foar in aktiviteit as fêststeld yn kêst 2.2.2, ûnder b: it tastjoeren fan in eksimplaar fan it opstelde taalbeliedsplan;

    • d.

      as subsydzje beskikber steld is foar in aktiviteit as fêststeld yn kêst 2.2.2, ûnder c: oereferantwurding fan de oanbelangjende fakdosint Frysk en foar safier relevant ferslaggen fan bygelyks oerlizzen mei de skoalstiper of gearkomsten fan wurkgroepen en bewiis fan it bywenjen fan kongressen;

    • e.

      as subsydzje beskikber steld is foar in aktiviteit as fêststeld yn kêst 2.2.2, ûnder d: bewiis fan it folgjen fan it begeliedingstrajekt fan Cedin om oan slute te kinnen by it netwurk MeartalichFuortsetUnderwiis.

  • 3.

    It net foldwaan oan wat yn it twadde lid fan dit kêst stiet, liedt yn alle gefallen ta it ynlûken fan de subsydzjefêststelling en ta it weromfoarderjen fan it fêststelde subsydzjebedrach by de subsydzjeûntfanger.

Haadstik 3 Slotbepalings

Kêst 3.1 It yngean

Dizze regeling giet yn mei yngong fan de dei nei de datum fan útjefte fan it Provinciaal Blad dêr’t sy yn pleatst wurdt.

Kêst 3.2 Siteartitel

Dizze regeling wurdt oanhelle as: Subsydzjeregeling Frysk foar no en letter 2021-2024.

 

Sa fêststeld yn de gearkomste fan Deputearre Steaten fan Fryslân fan 9 febrewaris

Foarsitter drs. A.A.M. Brok

Sekretaris R.E. Bouius – Riemersma, MBA MCM

Taljochting op de Subsydzjeregeling Frysk foar no en letter 2021-2024

 

Oanliedingfoar de regeling

Om de posysje fan it Frysk yn it ûnderwiis fuort te sterkjen sadat neffens de doelstelling fan Taalplan Frysk 2030 alle skoallen yn it Fryske taalgebiet de kearndoelen foar it Frysk uterlik yn 2030 oanbiede, is de subsydzjeregeling Frysk foar no en letter 2021-2024 ynsteld.

Mei in bydrage út dy regeling wurde alle skoallen by steat steld om de rânebetingsten dy’t foar it oanbieden fan Frysk ûnderwiis nedich binne, op oarder te bringen en/of op nivo te hâlden. Dêrby moat tocht wurde oan it folgjen fan neiskoalling, it heljen fan in ‘foech Frysk’, it oanskaffen fan materiaal om it Frysk yn it ûnderwiis te yntegrearjen of it yn organisearre groepsferbân meidwaan oan in kulturele edukaasje-aktiviteit, dy’t mei de Fryske taal of kultuer te krijen hat. Dêrmei draacht de regeling by oan ien fan de doelstellingen fan Taalplan Frysk-2030: it realisearjen fan groei fan Frysktalich ûnderwiis op skoallen en yn de foarskoalske opfang, sadat alle kearndoelen foar it Frysk oanbean wurde en de trochgeande learline tusken sektoaren fuortsterke wurdt.

Foar it oanskaffen fan reguliere ûnderwiismaterialen, nedich foar it Frysk, bliuwt de MYF (bydrage Materiële Ynstânhâlding Frysk) op it basisûnderwiis en it fuortset ûnderwiis fan tapassing. Dizze regeling kin dêr in oanfolling op wêze.

 

 

Taljochtingynfolchoarder fan de kêsten

 

Kêst 1.1. Begrypsbepaling

Kêst 1.1, oanhef en ûnderdiel o:

As der in saakkundige ynskeakele wurdt om de subsidiearre aktiviteit yn opdracht fan de oanfreger út te fieren, dan moat dy saakkundige op grûn fan oplieding en ûnderfining kwalifisearre wêze om dy opdracht út te fieren. Foar de beoardieling kin sjoen wurde nei de ûndernimmingsaktiviteiten fan it bedriuw dat ynhierd wurdt en/of de oantoanbere kennis en ûnderfining fan de persoan dy’t de opdracht útfiert. In saakkundige moat ek ûnôfhinklik wêze. Dat hâldt yn dat de saakkundige de opdracht dy’t jûn is, ûnôfhinklik útfiere kinne moat, wêrby’t gjin sprake wêze mei fan hokfoar foarm fan belangeferfrisseling dan ek. It giet der ek om dat de skyn fan belangeferfrisseling mijd wurde moat.

 

Underdiel s: Ienris yn ‘e fjouwer jier krije alle skoallen dy’t ûnder de Wet Primair Onderwijs en de Wet Voortgezet Onderwijs falle, en yn it Fryske taalgebiet fêstige binne besite fan in ûndersiker út namme fan it Taalplan Frysk projekt. Dy ûndersiker stelt nei oerlis mei de direkteur en nei oanlieding fan in earder ynfolle fragelist in taalprofyl op. It taalprofyl wurdt dêrnei troch Deputearre Steaten fêststeld. De profilen jouwe wer oan hokker Fryske kearndoelen de skoalle omtinken jout.

 

 

Ut: Rapport Taalplan Frysk • It is mei sizzen net te dwaan (Varkevisser, N. A. & Walsweer, A. 2018).

 

De provinsje hat de ambysje steld dat uterlik yn 2030 alle skoallen yn it primêr ûnderwiis en de ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis op in A-profyl sitte.

 

Kêst 1.2 Doelgroep

Subsydzje kin inkeld en allinne beskikber steld wurde oan yn de provinsje Fryslân fêstige foarskoalske opfang of ûnderwiisynstellingen yn it basis-, fuortset en spesjaal ûnderwiis, it spesjaal basisûnderwiis, it praktykûnderwiis en it mbo, hbo en wittenskiplik ûnderwiis. Op de eask fan in fêstigingslokaasje yn de provinsje Fryslân is yn it twadde lid in útsûndering makke foar op de Fryske taal en kultuer rjochte opliedings oan de RUG, fanwegen it belang dat dy opliedings tsjinje yn it fergrutsjen fan de kennis oer en it ferbetterjen fan de Fryske taal en kultuer. Dy opliedings kinne wêze:

Educatie in de Taal- en cultuurwetenschappen - Friese Taal en Cultuur | Rijksuniversiteit Groningen (rug.nl) of de

Academische opleiding leerkracht basisonderwijs | Rijksuniversiteit Groningen (rug.nl) .

 

Kêst 1.3 Oanfraach

De subsydzje-oanfraach moat binnen de troch Deputearre Steaten fêststelde oanfraachperioade yntsjinne wurde. Dêrfoar moat gebrûk makke wurde fan it troch Deputearre Steaten fêststelde oanfraachformulier. In oanfraach moat bestean út in folslein ynfolle en ûndertekene oanfraachformulier, mei alle yn it oanfraachformulier foarskreaune taheakken. De oanfraach fan de skoalle kin yntsjinne wurde troch it foechhawwend gesach (skoalbestjoer) of de troch it foechhawwend gesach folmachtige direkteur fan in fêstigingslokaasje fan de oanbelangjende skoalle. Om’t de skoalle yn it Basisregister Instellingen (BRIN) registrearre wêze moat, moat it BRIN-nûmer fan de fêstigingslokaasje dêr’t it subsydzje foar oanfrege wurdt, ynfolle wurde. Foar de foarskoalske opfang jildt it opjaan fan it LRK-nûmer. Foar de foarskoalske opfang kin de oanfraach ek troch it bestjoer of de folmachtige direkteur fan de oanbelangjende fêstigingslokaasje yntsjinne wurde.

 

Yn it tredde lid is fêststeld, dat in oanfreger op grûn fan dizze regeling op syn heechst ien oanfraach de oanfraachperioade yntsjinje kin. It giet dan om oanfragen mei itselde BRIN- of LRK-nûmer. Ien oanfraach kin te krijen hawwe mei subsidiabele aktiviteiten neamd yn haadstik 2.1 likegoed as neamd yn 2.2. It subsydzjebedrach is yn haadstik 2.1 likegoed as yn 2.2 maksimalisearre. In kostesubsydzje op grûn fan paragraaf 2.1 bedraacht, lykas fêststeld yn kêst 2.1.6 net mear as € 4000,- en it prestaasjesubsydzje op grûn fan paragraaf 2.2 net mear € 9500,-.

 

As yllustraasje: Stel der wurdt subsydzje oanfrege troch in yn de provinsje Fryslân fêstige skoalle yn it fuortset ûnderwiis foar de subsidiabele aktiviteiten:

  • -

    it troch de dosint Frysk dielnimmen oan in skoallingsaktiviteit op it mêd fan de Fryske taal en kultuer of meartalige didaktyk (kêst 2.1.6 ûnder a). Maksimum subsydzje foar dat ûnderdiel € 2500,-.

  • -

    it dielnimmen fan de skoalle yn organisearre groepsferbân oan aktiviteit mei as eachmerk kultueredukaasje (kêst 2.1.6 ûnder c). Maksimum subsydzje foar dat ûnderdiel € 500,-.

  • -

    de dosint moat foar de earder neamde skoallingsaktiviteit frijroastere wurde (kêst 2.2.4 ûnder b). Prestaasjesubsydzje foar dat ûnderdiel € 750,- en

  • -

    bûten it reguliere wurk docht ien fakdosint Frysk mei oan wittenskiplik ûndersyk nei ferbetteringsmooglikheden fan meartalige didaktyk (ynklusyf Frysk) (kêst 2.2.4 ûnder d). Prestaasjesubsydzje foar dat ûnderdiel: € 500,-.

Yn dizze subsydzje-oanfraach as foarbyld kin de skoalle, mitsdat mei de oanfraach oan de kritearia fan de regeling foldien wurdt, maksimaal € 4250,- oan subsydzje ûntfange.

 

Kêst 1.4 Ferdielsystematyk

De ferdielsystematyk is op basis fan it prinsipe ‘wa’t earst yn de roef komt, hat kâns fan plak’. De folsleinens fan de oanfraach is dêrby lykwols beskiedend foar de datum fan ynkommen. Dat betsjut dat yn gefal dat in ûntfongen oanfraach ûnfolslein is, de datum fan ûntfangst fan dy oanfraach fêststeld wurdt op it stuit dat de oanfraach folslein oanfolle is en dy folsleine oanfolling troch Deputearre Steaten op it kontaktadres dat yn it oanfraachformulier oanjûn is, ûntfongen is. Nei ûntfangst fan in folsleine oanfraach wurdt de oanfraach ynhâldlik beoardiele oan de hân fan de regeling en sil beoardiele wurde oft de oanfraach foar subsydzje yn oanmerking komt.

 

Sadree’t oer it subsydzjeplafondbudzjet, dat foar dizze regeling yn de troch DS fêststelde oanfraachperioade beskikber steld is, hinne gien wurdt troch in folsleine subsydzje-oanfraach te honorearjen, wurdt dy oanfraach, foar safier’t oer it subsydzjeplafond hinne gien wurdt, wegere. Ek al foldocht de oanfraach oan de easken om foar subsydzje yn oanmerking te kommen. Op foarhân is net oan te jaan wannear’t it subsydzjeplafond berikt wêze sil.

 

Der wurdt útgien fan in stelsel wêryn’t de beskikbere bedraggen ferparte wurde nei folchoarder fan ûntfangst fan in folsleine oanfraach. Net útsletten is dat op deselde dei meardere subsydzje-oanfragen ynkomme en dat honorearring fan al dy oanfragen derta liede soe dat oer it beskikber stelde subsydzjeplafond hinne gien wurdt. Dêrom is yn it twadde lid in foarsjenning opnommen om foar dy situaasje in neiere oardering yn de oanfragen fan de oanbelangjende dei oanbringe te kinnen. Dy oardering wurdt troch lotsjen fan folsleine oanfragen fêststeld. It lotsjen regelet de folchoarder wêryn’t de subsydzje-oanfragen behannele wurde; net de datum of it stuit fan ûntfangst. Alle oanfragen dy’t op deselde dei ynkommen binne, meitsje deselde kâns om foar subsydzje yn oanmerking te kommen. It makket net út hoe let de oanfraach op de oanbelangjende dei ynkommen is. As in oanfraach fanwegen ûnfolsleinens oanfolle wurde moat, jildt foar de ferdielsystematyk de datum fan ûntfangst fan de oanfolling, as datum fan ûntfangst fan de oanfraach.

 

Bygelyks: op de dei dat der noch € 10.000 yn de regeling sit, komme in tal oanfragen yn. Troch te lotsjen is in oanfraach fan € 13.000 útkeazen als eerste in de rangschikking . Dan wurdt dy oanfraach foar € 10.000 subsidiearre en wurde de oare oanfragen wegere.

 

Kêst 1.5 Wegeringsgrûnen

In oanfraach komt net foar it jaan fan subsydzje yn oanmerking as der sprake is fan in wegeringsgrûn. Ek al hat de subsydzje-oanfraach te krijen mei in yn kêst 2.1.2 en 2.2.2 neamde aktiviteit, as der sprake is fan in wegeringsgrûn dan kin der op grûn fan dizze subsydzjeregeling gjin subsydzje jûn wurde. Yn oanfolling op kêst 2.7 fan de Algemiene subsydzjeferoardering provinsje Fryslân 2013 en kêst 4:35 fan de Algemene wet bestuursrecht is in tal wegeringsgrûnen opnommen.

 

Underdiela giet yn op de doelgroep fan de regeling. Dy is yn kêst 3 fêstlein en neier taljochte yn de taljochting by dat kêst. As de oanfreger dêr net ûnder falt, wurdt de oanfraach wegere.

Underdield skriuwt foar dat in oanfraach wegere wurde kin as der in goede reden bestiet dat in aktiviteit net helber is. Dat kin bygelyks wêze omdat in aktiviteit net genôch (finansjeel) ûnderboud is, net realistysk is, der twivel is oer de finansjele helberens, it plan planologysk net helber is, ensfh.

Underdiele makket dúdlik dat in oanfraach om subsydzje foar deselde aktiviteit dy’t earder al troch de provinsje Fryslân of troch in oare ynstânsje subsidiearre is, wegere wurdt, om kumulaasje oan subsydzjes foar te kommen en it ferskaat oan subsidiearre projekten te stimulearjen. As foarbyld kin tocht wurde oan de oanskaf fan itselde lesmateriaal Frysk, dêr’t al in bydrage Materiële Ynstânhâlding Frysk foar jûn wurdt of it folgjen fan in kursus, dêr’t al spesifyk in rykssubsydzje foar ûntfongen wurdt. Giet it om in oare aktiviteit, lykas de oanskaf fan oar lesmateriaal of it folgjen fan in oare kursus, dan jildt dizze wegeringsgrûn net.

 

Kêst 2.1.2 Subsidiabele aktiviteiten

Under skoallingsaktiviteiten lykas bedoeld ûnder a falle ûnder oare de kursus Klasse Frysk, de kursussen fan de Afûk Home, zie hiervoor onder“Afûk Kursussen” (afuk.frl), of in oare kursus dy’t mei de Fryske taal en kultuer of de meartalige didaktyk te krijen hat.

 

It ûnderwiismateriaal bedoeld ûnder b moat ynset wurde kinne foar it befoarderjen fan de Fryske taal en/of kultuer. It kin bygelyks brûkt wurde om materiaal oan te skaffen om in skiednisles yn it Frysk te jaan.

 

By in aktiviteit lykas bedoeld ûnder c kin tocht wurde oan bygelyks in stedskuier lâns histoaryske plakken of in gastkolleezje oer de Fryske skiednis.

 

Kêst 2.1.3 Hifkingskritearia

As in oanfraach dien wurdt foar in skoallings- of opliedingsaktiviteit, lykas bedoeld yn kêst 2.1.2 ûnder a fan dizze regeling, dan moat de oanfreger op it oanfraachformulier oanjaan dat der op it stuit op de foarskoalske opfanglokaasje of yn it ûnderwiis ferlet is fan profesjonalisearring fan it personiel, lykas beneamd yn it earste lid ûnder b. Dat kin bygelyks wêze omdat de learkrêft it foech Frysk noch net hat of dat de pedagogysk meiwurker in kursus oer meartalige ûntwikkeling foar jonge bern folgje wol.

 

Kêst 2.1.4 Subsidiabele kosten

As subsidiabele kosten komme allinne dy kosten yn oanmerking sa’t dy in dit kêst neamd wurde en foar safier’t se needsaaklik en reedlik binne foar it realisearjen fan de subsidiabele aktiviteit as omskreaun yn kêst 2.1.2, mei útsûndering fan de kosten as neamd yn kêst 2.1.5 fan de regeling en kêst 1.10 fan de Asv 2013.

 

Kêst 2.1.5 Net-subsidiabele kosten

Yn dit kêst wurde de net-subsidiabele kosten opneamd dy’t yn in oanfraach begrutte wurde kinne. Dat is in net limitative opsomming fan net-subsidiabele kosten, om’t kosten lykas neamd yn kêst 1.10 fan de Asv 2013 ek net foar subsydzje yn oanmerking komme.

 

Mei de oanskaf fan hardware, lykas neamd yn it twadde lid, wurdt bedoeld it oanskaffen fan stuollen, digibuorden, tablets, pennen en oar fysyk materiaal dat net daliks ferbân hâldt it befoarderjen fan de Fryske taal en kultuer.

As in foarskoalske opfanglokaasje of in skoalle in festiviteit organisearje wol mei spesifyk omtinken foar de Fryske taal en kultuer, dan binne de kosten fan bygelyks it hieren fan in seal, it gebrûk fan in springkjessen of de ketering net subsidiabel.

 

Kêst 2.1.6 Maksimalesubsydzjehichte en persintaazjes

In oanfreger kin foar in subsidiabele aktiviteit lykas neamd yn paragraaf 2.1 maksimaal mei-inoar € 4000,- krije. Dêrby jilde ûnderskate persintaazjes fan de subsidiabele kosten de ûnderskate aktiviteit. Wurdt der oanfrege foar it dielnimmen fan in wurknimmer oan in skoallingsaktiviteit dan wurdt it subsydzje foar dy aktiviteit berekkene op basis fan 100% fan de subsidiabele kosten mei in maksimum fan € 2500,-. Wurdt subsydzje oanfrege foar it oanskaffen fan Frysktalige fysike lesboeken, lesmetoaden of oar ûnderwiismateriaal dan bedraach it subsydzje foar dy aktiviteit 80% fan de berekkene subsidiabele kosten mei in maksimum fan € 1000,-. Giet it by in subsydzje-oanfraach om it dielnimmen yn organisearre groepsferbân oan in aktiviteit mei as eachmerk kultueredukaasje dan wurdt subsydzje foar dat ûnderdiel berekkene op basis fan 50% fan de subsidiabele kosten mei in maksimum fan € 500,-. De subsidiabele kosten wurde fêststeld troch de net-subsidiabele kosten (sjoch kêst 2.1.5) fan de yn de oanfraach rûsde kosten foar in aktiviteit ôf te lûken.

 

Foarbyld: Der wurdt subsydzje oanfrege foar it folgjen fan de basiskursus Afûk Frysk Skriuwen troch twa learkrêften basis à € 119,-. Dat is in subsidiabele aktiviteit ûnder kêst 2.1.2 ûnder a: subsydzje is maksimaal 100% fan de subsidiabele kosten mei in maksimum fan € 2500,-. Foar dit ûnderdiel: 100% fan 2 kear € 119,- = € 238,- oan subsidiabele kosten. Tagelyk wurde foar groep 3/4 lêsboeken út de Sweltsjerige oanskaft, trije ûnderskate boekjes mei AVI E3 nivo foar 16 learlingen à € 9,95 it stik (3 * 16 * 9,95 = € 477,60), 80% subsidiabel. Dus it subsydzje foar de oanskaf fan de boekjes is yn dit gefal € 382,08. Foar it folgjen fan de kursus en de oanskaf Frysk lesmateriaal mei-inoar is it totale subsydzjebedrach € 620,08.

 

 

Kêst 2.1.8 Fêststelling en ferantwurding

In yn it ramt fan dizze regeling beskikber stelde subsydzje wurdt daliks fêststeld. Dat betsjut dat de subsydzjeûntfanger nei realisaasje fan de subsidiearre aktiviteit gjin fêststellingsfersyk hoecht yn te tsjinjen, dêr’t sy (finansjele) ferantwurding oan Deputearre Steaten mei ôfleit.

 

Lykwols kinne Deputearre Steaten de yn it ramt fan de regeling beskikber stelde subsydzjes kontrolearje, al as net mei stekproeven. As in subsydzjeûntfanger kontrolearre wurdt, is hy ferplichte om oan te toanen dat de subsidiearre aktiviteit ferrjochte is en dat oan de ferplichtings dy’t oan it beskikber stellen fan it subsydzje ferbûn wiene, foldien is. Dêrta ferskaft de subsydzjeûntfanger alle ynformaasje dy’t Deputearre Steaten by har opfreegje. Dêrûnder falle yn alle gefallen de stikken lykas oanjûn. Yn oanfolling dêrop kinne ek oare stikken dy’t ferbân hâlde mei de kontrôle op de fêststelde subsydzjes opfrege wurde.

 

As út de (stekproef)kontrôle ûngeregeldheden bliken dogge en/of konstatearre wurdt dat net oan de ferplichtings dy’t oan it beskikber stellen fan it subsydzje ferbûn wiene, foldien is, dan kin dat gefolgen hawwe foar de subsydzjefêststelling. In subsydzjefêststelling kin yn it neidiel fan de subsydzjeûntfanger wizige of ynlutsen wurde. Boppesteande kin derta liede dat útbetelle subsydzjebedraggen weromfoardere wurde.

 

Kêst 2.2.1 Doel

Dizze paragraaf hat as doel om it gebrûk fan de Fryske taal en kultuer yn de foarskoalske opfanglokaasjes en it ûnderwiis yn de provinsje Fryslân te ferbetterjen. Yn dizze paragraaf kin oanfraach dien wurde foar it frijroasterjen fan ûnderwiispersoniel mei as doel it ûnderwiispersoniel de romte te jaan foar profesjonalisearring op it mêd fan de Fryske taal en kultuer of de meartalige didaktyk. Ek kin der subsydzje oanfrege wurde foar it opstellen fan in Frysk taalbeliedsplan of it yntegrearjen en ymplemintearjen fan de Fryske taal yn it besteande taalbeliedsplan op de skoalle of yn de foarskoalske opfanglokaasje. Fryske fakdosinten yn it fuortset of middelber beropsûnderwiis kinne in temjittekomming krije foar de ekstra ynset dy’t sy foar it ûnderwiis yn de Fryske taal en kultuer leverje. As lêste kinne skoallen dy’t by it netwurk Meartalich Fuortset Underwiis oanslute wolle in fergoeding krije foar ekstra wurk dat sy op skoalle leverje ûnder begelieding fan Cedin.

 

Kêst 2.2.2 Subsidiabele aktiviteiten

De aktiviteit ûnder b is it opstellen of it oanpassen fan it taalbeliedsplan op de skoalle, wêryn’t spesifyk omtinken foar de Fryske taal en oare talen is (meartalige didaktyk). It doel fan dat subsydzje is de skoalle of it team te stimulearjen in oanpak te betinken om de Fryske taal en kultuer in yntegraal plak te jaan yn it deistich hanneljen fan de learkrêften of dosinten en dat yn in beliedsplan fêst te lizzen.

 

Fanwegen de ambysje dy’t de provinsje steld hat, moat der yn de praktyk in soad ûndersyk dien wurde en moatte (nije) (les)metoaden probearre wurde. Fanwegen it lytse netwurk Fryske (fak)dosinten wurdt der in soad fan dy groep ferwachte. In soad dosinten sitte yn wurkgroepen of netwurken om op de ien of oare wize de Fryske taal en kultuer yn it ûnderwiis te ferbetterjen. Ek wurde sy, faker as fakdosinten mei in oar fakgebiet, frege om foarljochting te jaan foar bygelyks de provinsje of it Ryk oer it ûnderwiis yn de Fryske taal en kultuer. Dat is wurk dat dosinten foar oare fakken net hawwe. Dêrom kinne dy dosinten in bydrage krije fan de provinsje. Dat is de aktiviteit beskreaun ûnder c.

 

Kêst 2.2.6 Fêststelling en prestaasjeferantwurding

Sjoch de taljochting op it soartgelike kêst 2.1.8. De ferantwurding fan de dosint dy’t in subsydzje-oanfraach docht foar in aktiviteit lykas bedoeld ûnder kêst 2.2.2 ûnder c is ûnder oare ferslaggen fan bygelyks oerlizzen mei de skoalstiper. De skoalstiper is de kontaktpersoan fan de skoalle dy’t de skoalle begelaat om it Taalplan Frysk profyl omheech te bringen.