Organisatie | Wetterskip Fryslân |
---|---|
Organisatietype | Waterschap |
Officiële naam regeling | Feroardering Frysk by Wetterskip Fryslân |
Citeertitel | Feroardering Frysk by Wetterskip Fryslân |
Vastgesteld door | algemeen bestuur |
Onderwerp | bestuur en recht |
Eigen onderwerp | Feroardering Frysk by Wetterskip Fryslân |
Geen
Datum inwerkingtreding | Terugwerkende kracht tot en met | Datum uitwerkingtreding | Betreft | Datum ondertekening Bron bekendmaking | Kenmerk voorstel |
---|---|---|---|---|---|
27-11-2020 | nieuwe regeling | 06-10-2020 |
Nei it lêzen fan it útstel fan it deistich bestjoer;
mei it each op artikel 5, kêst 1 Wet gebrûk Fryske taal;
beslút it algemien bestjoer fan Wetterskip Fryslân
om fêst te stellen de taalferoardering Frysk by Wetterskip Fryslân wêryn regele wurdt it brûken fan de Fryske taal sawol yn it skriftlik as it mûnling ferkear.
Sa fêststeld yn de gearkomste fan it Algemien bestjoer fan Wetterskip Fryslân op 6 oktober 2020
L.M.B.C. Kroon, dykgraaf
O. Bijlsma, sekretaris
Mei it ynfieren fan de Wet gebrûk Fryske taal binne de mooglikheden foar it brûken fan it Frysk yn it (formele) rjochtsferkear en it (formele) bestjoerlik ferkear fersterke. De wet bepaalt yn kêst 2 dat it Frysk en it Nederlânsk oanmurken wurde as de twa offisjele talen fan de provinsje Fryslân.
Frysk as minderheidstaal ynEuropeeskperspektyf
Yn ûnderskate ynternasjonale ferdraggen is de posysje fan de Friezen en it Frysk as offisjele taal erkend. Nederlân hat earst it Europeesk Hânfêst foar regionale talen of talen fan minderheden (Trb. 1993, 1 en 199; 1998, 20) oannommen. Mei dat hânfêst hat it Nederlânske regear him ferplichte om it Frysk as twadde offisjele taal yn de provinsje Fryslân te befoarderjen en yn stân te hâlden. Boppedat hat Nederlân op 16 febrewaris 2005 it Ramtferdrach oangeande de beskerming fan nasjonale minderheden (Trb. 1995, 73 en 197) ratifisearre. Dat ferdrach is foar ús lân yngien op 1 juny 2005. By it goedkarren fan it wetsútstel ta ratifikaasje fan dat ferdrach binne regear en parlemint oerienkommen dat it Ramtferdrach allinnich fan tapassing wêze sil op de Friezen yn Nederlân. De Wet gebrûk Fryske taal beheint him (dêrom) inkeld ta it Frysk en it Nederlânsk. De feroardering beheint him ek ta dy beide offisjele talen.
De Wet gebrûk Fryske taal skriuwt foar dat de yn de provinsje Fryslân fêstige bestjoersorganen dy’t net ta de sintrale oerheid hearre, regels opstelle oer it brûken fan de Fryske taal yn skriftlike stikken en yn it mûnling ferkear (meielkoar: ‘it bestjoerlik ferkear’). Yn dy regels moatte yn alle gefallen bepalingen stean dy’t rjochte binne op it fersterkjen fan de posysje fan de Fryske taal binnen it wurkgebiet fan it oanbelangjende bestjoersorgaan (kêst 5, earste lid, fan de wet). Foar bestjoersorganen lyk as it wetterskip wurdt dy regeling by feroardering fêststeld. Dêrnjonken moatte de bestjoersorganen in beliedsplan oer it brûken fan de Fryske taal opstelle (kêst 5, twadde lid, fan de wet). Ek dêryn is fersjoen.