Organisatie | Waadhoeke |
---|---|
Organisatietype | Gemeente |
Officiële naam regeling | Verordening van de gemeenteraad van de gemeente Waadhoeke houdende regels omtrent taal Taaloardering Frysk gemeente Waadhoeke |
Citeertitel | Taaloardering Frysk gemeente Waadhoeke |
Vastgesteld door | gemeenteraad |
Onderwerp | bestuur en recht |
Eigen onderwerp |
Deze regeling vervangt de Oardering gebrûk fan de Fryske taal yn it skriftlik ferkear by de gemeente Frjentsjerteradiel’, fan de eardere gemeente Frjentsjerteradiel, ‘Oardering Frysk yn it offisjele ferkear Menameradiel’ fan de eardere gemeente Menameradiel en ‘Oardering oer it brûken fan de Fryske taal yn it skriftlik ferkear fan de gemeente Littenseradiel’ fan de eardere gemeente Littenseradiel.
artikel 5, eerste lid, van de Wet gebruik Friese taal
Datum inwerkingtreding | Terugwerkende kracht tot en met | Datum uitwerkingtreding | Betreft | Datum ondertekening Bron bekendmaking | Kenmerk voorstel |
---|---|---|---|---|---|
25-12-2018 | nieuwe regeling | 15-11-2018 |
Yn dizze oardering wurdt ferstien ûnder: 1. meartaligens: kar foar de Nederlânske of de Fryske taal; 2. bestjoersorganen: de gemeenterie, it kolleezje fan boargemaster en wethâlders en de persoanen dy’t ûnder harren ferantwurdlikheid wurkje.
Yn bysûndere omstannichheden dêr’t it tapassen fan de oardering, nei betinken fan it bestjoersorgaan, ta ûnridlikheid laat, kin it bestjoersorgaan motivearre ôfwike fan in beskaat kêst yn de oardering.
Op de dei fan it yngean fan dizze oardering ferfalle de ‘Oardering gebrûk fan de Fryske taal yn it skriftlik ferkear by de gemeente Frjentsjerteradiel’, fan de eardere gemeente Frjentsjerteradiel, ‘Oardering Frysk yn it offisjele ferkear Menameradiel’ fan de eardere gemeente Menameradiel en ‘Oardering oer it brûken fan de Fryske taal yn it skriftlik ferkear fan de gemeente Littenseradiel’ fan de eardere gemeente Littenseradiel, foar safier’t it gebiet fan de eardere gemeente Littenseradiel oergien is nei de gemeente Waadhoeke.
Sa fêststeld yn de iepenbiere gearkomste fan de gemeenterie op 15 novimber 2018.
De griffier,
De foarsitter,
Mei it ynfieren fan de Wet gebrûk Fryske taal binne de mooglikheden foar it brûken fan it Frysk yn it (formele) rjochtsferkear en it (formele) bestjoerlik ferkear fersterke. De wet bepaalt yn kêst 2 dat it Frysk en it Nederlânsk oanmurken wurde as de twa offisjele talen fan de provinsje Fryslân.
Frysk as minderheidstaal yn Europeesk perspektyf
Yn ûnderskate ynternasjonale ferdraggen is de posysje fan de Friezen en it Frysk as offisjele taal erkend. Nederlân hat earst it Europeesk Hânfêst foar regionale talen of minderheidstalen (Trb. 1993, 1 en 199; 1998, 20) oannommen. Mei dat hânfêst hat it Nederlânsk regear him ferplichte om it Frysk as twadde offisjele taal yn de provinsje Fryslân te befoarderjen en yn stân te hâlden. It hânfêst is foar Nederlân op 1 maart 1998 fan krêft wurden. Boppedat hat Nederlân op 16 febrewaris 2005 it Ramtferdrach oangeande de beskerming fan nasjonale minderheden (Trb. 1995, 73 en 197) ratifisearre. Dat ferdrach is foar ús lân yngien op 1 juny 2005. By it goedkarren fan it wetsfoarstel ta ratifikaasje fan dat ferdrach binne regear en parlemint oerienkommen dat it Ramtferdrach alllinnich fan tapassing wêze sil op de Friezen yn Nederlân. De Wet gebrûk Fryske taal beheint him (dêrom) inkeld ta it Frysk en it Nederlânsk. De oardering beheint him ek ta dy beide offisjele talen.
De Wet gebrûk Fryske taal skriuwt foar dat de yn ’e provinsje Fryslân fêstige bestjoersorganen dy’t net ta de sintrale oerheid hearre, regels opstelle oer it brûken fan de Fryske taal yn skriftlike stikken en yn it mûnling ferkear (mei-inoar: ‘it bestjoerlik ferkear’). Yn dy regels moatte yn alle gefallen bepalingen stean dy’t rjochte binne op it fersterkjen fan de posysje fan de Fryske taal binnen it wurkgebiet fan it oanbelangjende bestjoersorgaan (kêst 5, earste lid, fan de wet). Foar bestjoersorganen fan gemeenten wurdt dy regeling by oardering fêststeld. Dêrneist moatte de bestjoersorganen in beliedsplan oer it brûken fan de Fryske taal opstelle (kêst 5, twadde lid, fan de wet).