Ziet u een fout in deze regeling? Meld het ons op regelgeving@overheid.nl!
Súdwest-Fryslân

Feroardering gebrûk Fryske taal gemeente Súdwest-Fryslân

Wetstechnische informatie

Gegevens van de regeling
OrganisatieSúdwest-Fryslân
OrganisatietypeGemeente
Officiële naam regelingFeroardering gebrûk Fryske taal gemeente Súdwest-Fryslân
CiteertitelFeroardering gebrûk Fryske taal gemeente Súdwest-Fryslân
Vastgesteld doorgemeenteraad
Onderwerpbestuur en recht
Eigen onderwerpFeroardering gebrûk Fryske taal gemeente Súdwest-Fryslân

Opmerkingen met betrekking tot de regeling

Geen

Wettelijke grondslag(en) of bevoegdheid waarop de regeling is gebaseerd

artikel 5 van de Wet gebruik Friese taal

Overzicht van in de tekst verwerkte wijzigingen

Datum inwerkingtreding

Terugwerkende kracht tot en met

Datum uitwerkingtreding

Betreft

Datum ondertekening

Bron bekendmaking

Kenmerk voorstel

04-12-2017

14-11-2017

gmb-2017-211767

Tekst van de regeling

Intitulé

Feroardering gebrûk Fryske taal gemeente Súdwest-Fryslân

De rie fan de gemeente Súdwest-Fryslân;

lêzen it foarstel fan boargemaster en wethâlders d.d. 10-10-2017;

sjoen it feit dat it Frysk en it Nederlânsk de twa offisjele talen yn de provinsje Fryslân binne en it winsklik is om it brûken fan it Frysk yn it mûnlinge en skriftlike ferkear mei en troch de bestjoersorganen fan de gemeente Súdwest-Fryslân te boargjen;

omtinken jaande oan kêst 5, lid 1 fan de Wet gebruik Friese taal;

b e s l ú t:

fêst te stellen de

Feroardering gebrûk Fryske taal gemeente Súdwest-Fryslân

Kêst 1 Begrypsbepalingen

Yn dizze feroardering fersteane wy ûnder:

  • 1.

    twataligens: de kar foar de Nederlânske óf de Fryske taal.

  • 2.

    bestjoersorganen: de gemeenteried, it kolleezje fan boargemaster en wethâlders, de boargemaster, de heffingsamtner, de ynfoarderingsamtner en de learplichtamtner fan de gemeente Súdwest-Fryslân en ek de persoanen dy’t wurkje ûnder harren ferantwurdlikheid.

  • 3.

    Wet: de Wet gebruik Friese taal.

Kêst 2 Taalkar

  • 1.

    Elkenien kin de Fryske of de Nederlânske taal brûke yn it mûnlinge en skriftlike ferkear mei de bestjoersorganen.

  • 2.

    De bestjoersorganen kieze – útsein de gefallen dêr’t it brûken fan de Fryske of Nederlânske taal yn foarskreaun is – yn begjinsel foar twataligens.

  • 3.

    Oars as yn it twadde lid brûke de bestjoersorganen yn it skriftlike ferkear deselde taal as dêr’t sy yn oanskreaun binne.

  • 4.

    Oars as yn it twadde lid brûke de bestjoersorganen by foarkar de Fryske taal yn it skriftlik ferkear mei oerheden dêr’t de gemeente Súdwest-Fryslân in yntinsjeferklearring mei tekene hat oangeande it brûken fan it Frysk yn it skriftlike ferkear.

  • 5.

    Yn spesifike gefallen hâlde de bestjoersorganen by de taalkar rekken mei it stribjen om de posysje fan de Fryske taal yn harren wurkgebiet te fersterkjen.

Kêst 3 Oersetregeling

  • 1.

    De bestjoersorganen jouwe, mei behâld fan iennich wetlik foarskrift dat dêr in beheining oan jout, op fersyk in oersetting yn de Nederlânske taal.

  • 2.

    Yn gefal fan ynterpretaasjeferskillen jout de oarspronklike tekst de trochslach.

Kêst 4 Slotbepalingen

  • 1.

    Dizze feroardering giet yn op de dei nei't er bekend makke is.

  • 2.

    De Oardering Frysk yn it skriftlik ferkear fan de gemeente Súdwest-Fryslân wurdt ynlutsen.

  • 3.

    Dizze feroardering kin oanhelle wurde as ‘Feroardering gebrûk Fryske taal gemeente Súdwest-Fryslân’.

 

Sa fêststeld yn de iepenbiere riedsgearkomste fan 14-11-2017

drs. H.H. Apotheker,

foarsitter.

G.W. Stegenga,

griffier.

Taljochting

Yn de Wet wurde it Frysk en it Nederlânsk oanmerke as de twa offisjele talen fan de provinsje Fryslân. De Wet seit dat de yn de provinsje Fryslân fêstige bestjoersorganen dy’t net ta de sintrale oerheid hearre regels opstelle moatte oer it brûken fan it Frysk yn it mûnlinge en skriftlike ferkear (kêst 5 fan de Wet).

Op grûn fan kêst 5 fan de Wet:

  • a.

    hat elkenien it rjocht om de Fryske taal te brûken yn it mûnlinge en skriftlike ferkear mei de gemeente.

  • b.

    moat de gemeente yn de regels omskriuwe hoe’t sy de Fryske taal en kultuer befoarderje, fersterkje en boargje sil. 

Yn dizze feroardering wurdt yn grutte linen dúdlik hoe’t de gemeente Súdwest-Fryslân mei de Fryske taal omgean wol. De feroardering jildt foar it wurkgebiet fan de bestjoersorganen fan de gemeente.

Kêst 2 Taalkar

De Wet jout romte foar twataligens. Twataligens docht rjocht oan it begjinsel fan lykweardigens. It freget om in bewuste taalkar dy’t oanslút by de doelgroep.

Kêst 3 Oersetregeling

De oersetregeling is wichtich foar de rjochtsbeskerming fan minsken dy’t de Fryske taal net begripe.