Organisatie | Fryslân |
---|---|
Organisatietype | Provincie |
Officiële naam regeling | Feroardering oangeande de offisjele stavering fan de Fryske taal 2014 |
Citeertitel | Feroardering oangeande de offisjele stavering fan de Fryske taal 2014 |
Vastgesteld door | gedeputeerde staten |
Onderwerp | bestuur en recht |
Eigen onderwerp | cultuur, friese taal |
Externe bijlage | bijlagen/file/Ynlieding Foarkarswurdlist en paadwizer Fryske stavering_.pdf |
geen
Provinciewet, art. 90
geen
Datum inwerkingtreding | Terugwerkende kracht tot en met | Datum uitwerkingtreding | Betreft | Datum ondertekening Bron bekendmaking | Kenmerk voorstel |
---|---|---|---|---|---|
13-03-2015 | aanhef | 03-03-2015 Provinciaal Blad, 2015, 1325 | GS voorstel H7 | ||
01-02-2015 | 13-03-2015 | nieuwe regeling | 27-01-2015 Provinciaal Blad, 2015, 477 | H4 |
Feroardering fan Deputearre Steaten fan Fryslân fan 27 jannewaris 2015, hâldende regels oangeande de offisjele stavering fan de Fryske taal 2014
Deputearre Steaten fan Fryslân;
Sjoen it beslút fan Provinsjale Steaten fan 17 desimber 2014 oangeande de regeloanpassing fan de stavering fan it Frysk en de Foarkarswurdlist foar it Frysk
- It Frysk ien fan de offisjele talen yn de provinsje Fryslân is; - De stavering fan de Fryske taal in saak fan algemien provinsjaal belang is; - Sûnt 1879 yn de figearjende staveringsregels foar it Frysk wizigings oanbrocht binne, sûnder dat de regels op ’e nij formulearre binne en dat dêrtroch net alle regels oerienkamen mei de besteande staveringspraktyk; - It foech om de offisjele stavering fan it Frysk fêst te stellen by Provinsjale Steaten leit; - It fan belang is dat der dúdlike en unifoarme staveringsregels foar it Frysk binne; - Troch it beslút fan Provinsjale Steaten de regels oangeande de stavering fan it Frysk yn oerienstimming brocht binne mei de praktyk; - Provinsjale Steaten it kolleezje fan Deputearre Steaten it mandaat jûn hawwe om de staveringsferoardering neffens it advys fan de Fryske Akademy oan te passen en fêst te stellen en de âlde staveringsferoarderingen yn te lûken.
fêst te stellen de ‘Feroardering oangeande de offisjele stavering fan de Fryske taal 2014’.(It lêst wizige op 3 maart 2015.)
Kêst 1 – Offisjele stavering fan de Fryske taal
De offisjele stavering fan de Fryske taal is neffens de regels sa’t dy beskreaun en fêstlein binne yn de ynlieding fan de Foarkarswurdlist fan de Fryske Akademy fan juny 2014 en dat by de provinsje registrearre is as dokumintnûmer 1176840.
Kêst 2 - Beskikberens staveringsregels
De regels oangeande de offisjele stavering fan it Frysk binne digitaal beskikber.
Kêst 3 – Brûken fan de staveringsregels
Der wurdt stribbe dat de offisjele stavering fan it Frysk folge wurdt yn de yn it Frysk stelde, fan it Provinsjaal Bestjoer, de troch it Provinsjaal Bestjoer ynstelde Rieden en Kommisjes, de Provinsjale Tsjinsten en Provinsjale Amtners útgeande stikken.
De feroarderings oangeande de stavering fan it Frysk fan 5 novimber 1969 (provinciaal blad no. 116-1969), 14 desimber 1979 (provinciaal blad 1979, no. 72) en 10 augustus 1982 (provinciaal blad van 25 novimber 1982) wurde ynlutsen.