Organisatie | Fryslân |
---|---|
Organisatietype | Provincie |
Officiële naam regeling | Feroardering oangeande it brûken fan de Fryske en de Nederlânske taal mei en troch de bestoersorganen fan de provinsje Fryslân |
Citeertitel | Feroardering oangeande it brûken fan de Fryske en de Nederlânske taal mei en troch de bestoersorganen fan de provinsje Fryslân |
Vastgesteld door | provinciale staten |
Onderwerp | bestuur en recht |
Eigen onderwerp | friese taal |
Opgesteld in de Friese taal.
Gjin
Datum inwerkingtreding | Terugwerkende kracht tot en met | Datum uitwerkingtreding | Betreft | Datum ondertekening Bron bekendmaking | Kenmerk voorstel |
---|---|---|---|---|---|
20-11-2014 | Nieuwe regeling | 12-11-2014 Provinciaal Blad, 2014, 3101 | Statenvoorstel 1159514 (agendapunt 07) |
Feroardering fan 17 desimber 2014 fan Provinsjale Steaten fan Fryslân, hâldende regels oangeande it gebrûk fan de Fryske en de Nederlânske taal yn it bestjoerlike ferkear mei en troch bestjoersorganen fan de provinsje Fryslân
PROVINSJALE STEATEN FAN FRYSLAN Sjoen hawwend it útstel fan Deputearre Steaten d.d. 23 septimber 2014
Mei it each op kêst 145 fan de Provinsjewet en kêst 5 fan de Wet gebrûk Fryske taal;
yn acht nommen hawwend dat de offisjele talen yn de provinsje Fryslân it Frysk en it Nederlânsk binne en it winsklik is om de posysje fan de Fryske taal yn it ferkear mei bestjoersorganen fan de provinsje Fryslân te boargjen;
fêst te stellen de Feroardering oangeande it brûken fan de Fryske en de Nederlânske taal mei en troch de bestjoersorganen fan de provinsje Fryslân.
Provinsjale Steaten stelle op foardracht fan Deputearre Steaten en yn oanfolling op it bepaalde yn dizze feroardering in beliedsplan fêst oangeande it gebrûk fan de Fryske en de Nederlânske taal, lykas bedoeld yn de Wet.
De Oardering oangeande it skriftlik brûken fan de Fryske en de Nederlânske taal (Provinciaal Blad 2000, no. 75) wurdt ynlutsen.