Organisatie | Súdwest-Fryslân |
---|---|
Organisatietype | Gemeente |
Officiële naam regeling | Oardering Frysk yn it skriftlik ferkear fan de gemeente Súdwest Fryslan |
Citeertitel | Onbekend |
Vastgesteld door | gemeenteraad |
Onderwerp | bestuur en recht |
Eigen onderwerp |
Geen.
Geen.
Datum inwerkingtreding | Terugwerkende kracht tot en met | Datum uitwerkingtreding | Betreft | Datum ondertekening Bron bekendmaking | Kenmerk voorstel |
---|---|---|---|---|---|
02-04-2012 | 02-12-2017 | Nieuwe regelgeving | 23-02-2012
| geen |
De ried fan de gemeente Súdwest Fryslân;
lêzen it foarstel fan boargemaster en wethâlders d.d.17 jannewaris 2012
yn omtinken nimmende dat it brûken fan de Fryske taal yn it offisjele ferkear stipe wurdt troch de gemeente Súdwest Fryslan;
omtinken jaande oan kêst 147 lid 1 fan de Gemeentewet;
omtinken jaande oan ôfdieling 2.2 en yn it bysûnder kêst 2:9 lid 1 fan de Algemene wet bestuursrecht;
fêst te stellen de folgende oardening:
Oardering Frysk yn it skriftlik ferkear fan de gemeente Súdwest Fryslân
Yn dizze oardering wurdt ferstien ûnder:
a. twataligens: kar foar de Nederlânske óf de Fryske taal;
b. dûbeltaligens: kar foar én de Nederlânske én de Fryske taal;
c. bestjoersorganen: gemeenterie, it kolleezje fan boargemaster en wethâl¬ders, en de boargemaster.
Artikel 2 Berik fan de oardering
Dizze oardering regelt it brûken fan de Fryske taal yn skriftlike stikken fan de gemeente Súdwest Fryslân.
De bestjoersorganen hawwe it rjocht om te kiezen foar it brûken fan de Fryske taal, foar safier 't dat rjocht net beheind wurdt troch wetlike bepalings.
By de taalkar wurdt yn alle gefallen rekken hâlden mei:
a. it belang om deselde taal te brûken as dêr't it bestjoersorgaan yn oanskreaun is;
Yn bysûndere omstannichheden wêrby’t de tapassing fan dizze oardering nei de miening fan in bestjoersorgaan ta ûnridlikens liedt, kin it bestjoersorgaan motivearre ôfwike fan it bepaalde yn ’e oardering.
Sa fêststeld yn de iepenbiere riedsgearkomste fan 23-2-2012
drs. H.H. Apotheker
,
foarsitter.
G.W. Stegenga , plakferfangend griffier.
Toelichting 1 Taljochting it kêst.
Dit kêst jout definysjes foar begripen dy't net omskreaun binne yn de Algemene wet bestuursrecht.
Yn dit kêst wurdt de wurking fan de oardering oanjûn. Der binne twa begrinzings. Yn it foarste plak jildt de oardering allinnich foar de gemeente. Der wurde dus gjin regels steld dy't fan betsjutting binne foar de taalkar fan boargers. Yn de Algemene wet bestuurs¬recht binne dêr wol bepalings oer opnommen. It doel fan de oardering is lykwols rjochtswissens te bieden oan boargers yn de omgong mei bestjoersorganen. It is dus saak om sa dúdlik mooglik te omskriuwen hoe't de gemeente mei it Frysk omgiet.
Yn it twadde plak jildt de oardering allinnich foar it skriftlik ferkear. It mûnling ferkear is in saak fan "normale wederkerende tegemoetkomend¬heid", sa't dat ek al neamd waard yn it einrapport fan de Kommisje Kingma Boltjes yn 1953. Dêrneist binne yn kêsts 2:7 en 2:8 fan de Algemene wet bestuursrecht regels opnommen oer it mûnling ferkear.
Krekt mei it skriftlik ferkear hingje rjochten en ferplichtings gear. Yn kêst 2:9 fan de Algemene wet bestuursrecht wurdt oan de yn de provinsje Fryslân festige bestjoersorganen dy't net ta de sintrale oerheid hearre, dan ek eksplisyt it foech jûn om regels te stellen foar it brûken fan de Fryske taal yn skriftlike stikken.
De bestjoersorganen fan in gemeente binne: de gemeenterie, it kolleezje fan boargemaster en wethâlders, en de boargemaster. Under kêst 1 is dit nochris oanjûn dat it om dizze organen giet. Under de definysje fan bestjoersorganen yn de Algemene wet bestuursrecht falle ntl. ek de yn Fryslân festige, by mienskiplike regeling ynstelde iepenbie¬re lichems en mienskiplike organen. It rjocht fan in frije taalkar kin beheind wurde troch wetlike bepalings. Dêrûnder wurde formeel wetlike bepalingen ferstien, lykas kêst 2:10 en 2:11 fan de Algemene wet bestuursrecht.
Yn 'e diskusje oer it Frysk yn it bestjoerlik ferkear spilet de fraach oft foar twataligens of dûbeltaligens keazen wurde moat. Twataligens docht rjocht oan it begjinsel fan lykweardigens, mar freget wol in bewuste kar yn eltse situaasje. Dûbeltaligens jout in konkurrinsjeferhâlding en it kostet mear tiid en jild om alles yn twa talen op te stellen.
Yn de Algemene wet bestuursrecht bliuwt de mooglikheid iepen foar beide stelsels. Wurdt der keazen foar dûbeltaligens dan hoege kêst 5 en 6 net opnommen te wurden, om't by dûbeltaligens gjin taalkar makke wurde hoecht en gjin oerset¬tingsrege¬ling nedich is. Alle dokuminten wurde dan skreaun yn it Nederlânsk én yn it Frysk.
Yn it oarspronklike wetsútstel fan de Algemene wet bestuursrecht wiene algemiene rjochtlinen opnommen dy't yn grutte halen oanjouwe mei hokker faktoaren rekken hâlden wurde moat by it meitsjen fan in taalkar. Dizze algemiene rjochtlinen binne út de úteinlike wetstekst skrast omdat yn kêst 2:10 al inkelde mear twingende noarmen opnommen binne foar it skriftlik gebrûk fan de Fryske taal yn it bestjoer¬lik ferkear. Yn de taljochting fan it ministearje fan Binnenlânske Saken (opnommen yn de nota nei oanlieding fan it ferslach fan de twadde keamerfraksjes) wurdt steld dat hja der fanút geane dat de Fryske gemeenten en wetterskippen dy't in taalkaro¬ar¬dering opstelle, dêrby rekken hâlde mei de earder neamde algemiene rjochtlinen. Omdat dizze algemiene rjochtlinen ek oanslute by de besteande praktyk yn Fryslân hawwe wy se opnommen yn de oardering. Tegearre mei kêst 2:10 fan de Algemene wet bestuursrecht foarmje se in goede basis foar de taalkar.
De oardering giet út fan de algemien akseptearre útgongspunten foar regeljouwing oer it brûken fan it Frysk yn it bestjoerlik ferkear, nammentlik de lykweardigens en lykberjochtiging fan it Frysk en it Nederlânsk as talen fan it offisjele ferkear yn Fryslân.
In oersettingsregel is wichtich foar de rjochtsbeskerming fan net-Fryskta¬ligen.
Om’t der sitewaasjes wêze kinne weryn it net ridlik is sjoen de omstannichheden om fêst de hâlden oan it bepaalde yn ’e oardering is der foar keazen om dizze hurdheidsklausule op te nimmen. Der soene ommers omstannichheden wêze kinne weryn in bestjoersorgaan ôfwike wol fan it begjinsel fan twataligens en in stik dûbeltalich nei bûten bringe wol. Der soene ek omstannichheden wêze kinne weryn’t neffens de regels fan ‘e oardering in fergoeding foar in oersetting op syn plak is, mar dit yn it konkrete gefal net frege wurde mei. Yn alle gefallen moat it gean om bysûndere omstannichheden dy’t harren net fan te foaren yn in regel fetsje litte en wêrby’t sprake wêze sil fan ûnridlikens wannear’t de oardering tapast wurdt. It bestjoersorgaan sil har oardiel hjiroer jaan moatte en sil de ôfwiking fan ’e oardering motivearje moatte.
Kêst 8 Ynwurkingstreding nije oardering en ynlûken âlde oarderingen
Dit kêst is algemien en jout gjin oanlieding ta op- of oanmerkings.
Dit kêst is algemien en jout gjin oanlieding ta op- of oanmerkings.