Overheidsorganisatie | Gemeente Boarnsterhim |
---|---|
Officiële naam regeling | "Oardering oer it ynstellen en it regeljen fan it takennen fan in earepenning fan de gemeente Boarnsterhim". |
Citeertitel | "Oardering oer it ynstellen en it regeljen fan it takennen fan in earepenning fan de gemeente Boarnsterhim". |
Vastgesteld door | gemeenteraad |
Onderwerp | algemeen |
Eigen onderwerp |
Geen
Datum inwerking- treding | Terugwerkende kracht tot en met | Datum uitwerking- treding | Betreft | Datum ondertekening Bron bekendmaking | Kenmerk voorstel |
---|---|---|---|---|---|
02-02-1994 | 01-01-1994 | 01-01-2014 | Nieuwe regeling | 18-02-1994 Mid-Frieslander, 25 januari 1994. | Nr 4.7 |
De ried fan 'e gemeente Boarnsterhim;
is fan betinken dat it doel hat dat de gemeen yn guon gefallen as teken fan
wurdearring omtinken jout oan hiel besûndere fertsjinsten fan ynwenners en
net ynwenners;
hat lêzen it útstel fan boargemaster en wethâlders fan 11 jannewaris 1994;
achtet de Gemeentewet;
B E S L Ú T :
fêst te stellen de neikommende
"Oardering oer it ynstellen en it regeljen fan it takennen fan in earepenning fan de gemeente Boarnsterhim".
De gemeente stelt in earepinning yn.
De earepinning wurdt fan brûns makke hat in trochsneed fan likernôch 4,5 sm. Oan 'e foarkant stiet it gemeentewapen en "Gemeentebestjoer fan Boarnsterhim" en oan 'e efterkant de namme fan dyjinge oan wa't de pinning takend is en wannear't dat bard is.
Boargemaster en wethâlders kinne de pinning inkeld takenne mei in motivearre beslút. Dat beslút diele se de ried yn de earstfolgjende riedsgearkomste mei.
De earepinning kin as teken fan wurdearring en erkentlikens takend wurde oan ynwenners sa goed as oan net-ynwenners:
a. dy't harren gâns jierren foar de gemeente of syn ynwenners útsûnderlik fertsjinstlik makke hawwe;
b. dy't troch in prestaasje de belangen fan de gemeente of syn ynwenners útsûnderlik tsjinne hawwe.
De ûntfanger krijt by de takenning, njonken de earepinning, ek in brûnzen draachmedalje. Dy medalje byldet yn in lytsere foarm de pinning út. Boargemaster en wethâlders bepale de útfiering en ôfmjittings fan de medalje.
Njonken de ûnderskiedingstekens dy't yn kêst 5 steane, krijt de ûntfanger it motivearre beslút fan boargemaster en wethâlders yn de foarm fan in oarkonde.
Dizze oardering giet yn op 1 jannewaris 1994.
Grou, 18 jannewaris 1994.
De ried boppeneamd,
de siktaris, de foarsitter,
mefrou A.M.E. van der Sluijs, Y. Dijkstra