Ziet u een fout in deze regeling? Meld het ons op regelgeving@overheid.nl!
Gemeente Littenseradiel

Oardering oer it brûken fan de Fryske taal yn it skriftlik ferkear fan de gemeente Littenseradiel

Wetstechnische informatie

Gegevens van de regeling
OverheidsorganisatieGemeente Littenseradiel
Officiële naam regelingOardering oer it brûken fan de Fryske taal yn it skriftlik ferkear fan de gemeente Littenseradiel
CiteertitelOardering Frysk yn it skriftlik ferkear fan de gemeente Littenseradiel
Vastgesteld doorgemeenteraad
Onderwerpalgemeen
Eigen onderwerpFrysk, Fryske taal, skriftlik ferkear, twataligens

Opmerkingen met betrekking tot de regeling

Op grond van artikel 28 Wet algemene regels herindeling is deze verordening per 1 januari 2020 vervallen, tenzij de hierna genoemde bestuursorganen de betreffende verordening al eerder vervallen hebben verklaard.

- De raad van de gemeente Súdwest-Fryslân heeft op 2 januari 2018 besloten deze verordening vervallen te verklaren voor zover deze van kracht is voor het gebied binnen de gemeentegrenzen van de gemeente Súdwest-Fryslân zoals dat per 1 januari 2018, op grond van de Wet van 8 maart 2017 tot herindeling van de gemeenten Franekeradeel, het Bildt, Leeuwarden, Leeuwarderadeel, Littenseradiel, Menameradiel en Súdwest-Fryslân, is ontstaan.

- De raad van de gemeente Waadhoeke heeft op 15 november 2018 besloten deze verordening vervallen te verklaren voor zover deze van kracht is voor het gebied binnen de gemeentegrenzen van de gemeente Waadhoeke zoals dat per 1 januari 2018, op grond van de Wet van 8 maart 2017 tot herindeling van de gemeenten Franekeradeel, het Bildt, Leeuwarden, Leeuwarderadeel, Littenseradiel, Menameradiel en Súdwest-Fryslân, is ontstaan.

Wettelijke grondslag(en) of bevoegdheid waarop de regeling is gebaseerd

  1. Gemeentewet, art. 147, lid 1
  2. Algemene wet bestuursrecht, art. 2:9, lid 1

Regelgeving die op deze regeling is gebaseerd (gedelegeerde regelgeving)

Geen.

Overzicht van in de tekst verwerkte wijzigingen

Datum inwerking-

treding

Terugwerkende

kracht tot en met

Datum uitwerking-

treding

Betreft

Datum ondertekening

Bron bekendmaking

Kenmerk voorstel

01-10-200101-01-2020Nieuwe regeling

10-09-2001

Onbekend

Collegevoorstel, 14-08-2001, nr. 8

Tekst van de regeling

Intitulé

Oardering Frysk yn it skriftlik ferkear fan de gemeente Littenseradiel

De rie fan de gemeente Littenseradiel;

lêzen it útstel fan boargemaster en wethâlders fan 14 augustus 2001;

heard it advys fan de kommisje Bestjoer & Finânsjes d.d 27 augustus 2001;

yn omtinken nimmende dat it brûken fan de Fryske taal yn it offisjele ferkear stipe wurdt troch de gemeente;

omtinken jaande oan artikel 147 lid 1 fan de Gemeentewet;

omtinken jaande oan ôfdieling 2.2 en yn it bysûnder artikel 2:9 lid 1 fan de

Algemene wet bestuursrecht;

b e s l ú t :

om de neikommende oardering oer it brûken fan de Fryske taal yn it skriftlik ferkear fan de gemeente Littenseradiel fêst te stellen.

Artikel 1: definysjes

Yn dizze oardering wurdt ferstien ûnder:

  • ·

    twataligens: kar foar de Nederlânske of de Fryske taal;

  • ·

    bestjoersorganen: gemeenterie, it kolleezje fan boargemaster en wethâlders, en de boargemaster.

Artikel 2: berik fan de oardering

Dizze oardering regelet it brûken fan de Fryske taal yn skriftlike stikken fan de gemeente Littenseradiel.

Artikel 3: rjocht fan taalkar

De bestjoersorganen hawwe it rjocht om te kiezen foar it brûken fan de Fryske taal, foarsafier’t dat rjocht net beheind wurdt troch wetlike bepalings.

Artikel 4: taalkar

De bestjoersorganen kieze foar it begjinsel fan twataligens.

Artikel 5: kritearia taalkar

By de taalkar wurdt yn alle gefallen rekken hâlden mei:

  • a.

    de taalkarkritearia sa’t dy dellein binne yn artikel 2:10 fan de Algemene wet bestuursrecht;

  • b.

    it belang om deselde taal te brûken as dêr’t it bestjoersorgaan yn oanskreaun is (folgjend taalbelied);

  • c.

    de kontinuiteit fan de taalkar;

  • d.

    de bestimming fan de dokuminten;

  • e.

    de konsiderâns fan ôfdieling 2.2 fan de Algemene wet bestuursrecht: “groter gewicht toe te kennen aan de beginselen van gelijke behandeling en gelijkwaardigheid van de Friese taal in de provincie Friesland.”

Artikel 6: oersetregeling

  • 1. Is in dokumint yn de Fryske taal steld, dan jout it bestjoersorgaan op fersyk in Nederlânsktalige oersetting.

  • 2. By in wiermerkte Nederlânske oersetting fan stikken dy’t allinnich yn de Fryske taal steld binne, jout de oarspronklike Fryske tekst by ynterpretaasjeferskillen de trochslach.

  • 3. Foar in oersetting as bedoeld yn it earste lid kin in fergoeding frege wurde.

  • 4. It bedrach fan de fergoeding wurdt berekkene op grûn fan bepalings út de leezjesoardering, mar mei net mear wêze as de kosten.

  • 5. In oersetting, as bedoeld yn it earste lid, wurdt fergees jûn as it giet om:

    • a.

      de notulen fan de gearkomste fan in fertsjintwurdigjend orgaan, en it belang fan de fersiker streekrjocht belutsen is by wat notulearre is, of de notulen fan in fertsjintwurdigjend orgaan, as yn dy notulen algemien ferbinende foarskriften of beliedsregels fêststeld binne;

    • b.

      in beslút of oare hanneling dêr’t de fersiker belanghawwende by is.

Artikel 7: ridlikheidsklausule

Yn bysûndere omstannichheden, dêr’t de tapassing fan dizze oardering nei de miening fan in bestjoersorgaan ta ûnridlikens laat, kin it bestjoersorgaan motivearre ôfwike fan it bepaalde yn ’e oardering.

Artikel 8: slotbepalings

  • 1. Dizze oardering giet yn op 1 oktober 2001.

  • 2. Dizze oardering kin oanhelle wurde as “Oardering Frysk yn it skriftlik ferkear fan de gemeente Littenseradiel”.

Ondertekening

Wommels, 10 septimber 2001

De ried niisneamd,

,foarsitter

,siktaris