Overheidsorganisatie | Gemeente Franekeradeel |
---|---|
Officiële naam regeling | Oardering oangeande it gebrûk fan de Fryske taal yn it skriftlik ferkear by de gemeente Frjentsjerteradiel |
Citeertitel | Oardering Frysk yn it skriftlik ferkear |
Vastgesteld door | gemeenteraad |
Onderwerp | algemeen |
Eigen onderwerp |
Geen
Datum inwerking- treding | Terugwerkende kracht tot en met | Datum uitwerking- treding | Betreft | Datum ondertekening Bron bekendmaking | Kenmerk voorstel |
---|---|---|---|---|---|
08-11-2012 | Nieuwe regeling | 04-10-2012 Franeker Courant, 31-10-2012 | 12.202585 |
De rie fan de gemeente Frjentsjerteradiel;
mei it each op it foarstel fan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders fan Frjentsjerteradiel fan 14 augustus 2012;
út it betinken wei dat it gebrûk fan de Fryske taal yn it offisjele ferkear stipe wurdt troch de gemeente Frjentsjerteradiel;
mei it each op Artikel 147, lid 1 fan de Gemeentewet en Artikel 2:9, lid 1 fan de Algemiene wet bestjoersrjocht;
B E S L U T:
de neikommende oardering oangeande it gebrûk fan de Fryske taal yn it skriftlik ferkear by de gemeente Frjentsjerteradiel fêst te stellen.
Yn dizze oardering wurdt ferstien ûnder
− twataligens: kar foar de Nederlânske of de Fryske taal;
− bestjoersorganen: gemeenterie, it kolleezje fan boargemaster en wethâlders en de boargemaster.
Dizze oardering regelet it gebrûk fan de Fryske taal yn skriftlike stikken fan de gemeente Frjentsjerteradiel.
De bestjoersorganen ha it rjocht om te kiezen foar it gebrûk fan de Fryske taal, foar safier dat rjocht net beheind wurdt troch wetlike bepalings.
De bestjoersorganen kieze foar it begjinsel fan twataligens.
By de taalkar wurdt yn elk gefal rekken hâlden mei:
de taalkritearia sa as dy opnommen binne yn artikel 2:10 fan de Algemiene wet bestjoersrjocht;
it belang om deselde taal te brûken as wêryn’t it bestjoersorgaan oanskreaun is (folgjend taalbelied);
de kontinuïteit fan de taalkar;
de bestimming fan de skriftlike stikken;
de konsiderâns fan ôfdieling 2.2 fan de Algemiene wet bestjoersrjocht: “grutter gewicht ta te kennen oan de begjinsels fan gelikense behanneling en lykweardigens fan de Fryske taal yn de provinsje Fryslân.”
1. As in skriftlik stik yn de Fryske taal steld is, jout it bestjoersorgaan hjirfan, as dêrom frege wurdt, in oersetting yn it Nederlânsk.
2. As in skriftlik stik yn de Nederlânske taal steld is, jout it bestjoersorgaan hjirfan, as dêrom frege wurdt, in oersetting yn it Frysk.
Dizze oardering wurdt fan krêft mei yngong fan de achtste dei nei oankundiging.
Dizze oardering kin oanhelle wurde as “Oardering Frysk yn it skriftlik ferkear”.
Sa fêststeld yn de iepenbiere
riedsgearkomste fan 4 oktober 2012,
, foarsitter
, griffier