Overheidsorganisatie | Gemeente Gaasterlân-Sleat |
---|---|
Officiële naam regeling | Feroardering Frysk yn it skriftlike ferkear fan de gemeente Gaasterlân-Sleat |
Citeertitel | Feroardering Frysk yn it skriftlike ferkear fan de gemeente Gaasterlân-Sleat |
Vastgesteld door | gemeenteraad |
Onderwerp | algemeen |
Eigen onderwerp |
Geen
Geen
Datum inwerking- treding | Terugwerkende kracht tot en met | Datum uitwerking- treding | Betreft | Datum ondertekening Bron bekendmaking | Kenmerk voorstel |
---|---|---|---|---|---|
30-12-2011 | 01-01-2016 | Nieuwe regeling | 29-11-2011 Balkster Courant, 22-12-2011 | 2011/106 |
De rie fan de gemeente Gaasterlân–Sleat;
sjoen it foarstel fan it kolleezje fan 4 oktober 2011, oangeande it Frysk taalbelied;
yn acht nimmende dat it brûken fan de Fryske taal yn it offysjele ferkear troch de gemeente Gaasterlân-Sleat stipe wurdt;
yn acht nimmende itjinge yn artikel 147, kêst 1, fan de Gemeentewet opnommen is;
yn acht nimmende itjinge yn artikel 2:9, kêst 1, fan de Algemiene wet bestjoersrjocht opnommen is;
b e s l ú t :
fêst te stellen de:
"Feroardering Frysk yn it skriftlike ferkear fan de gemeente Gaasterlân-Sleat".
Yn dizze feroardering wurdt ferstien ûnder:
dûbeltaligens: it tagelyk brûken fan de Nederlânske en Fryske taal;
twataligens: kar foar de Nederlânske of de Fryske taal;
bestjoersorganen: de gemeenterie, it kolleezje fan boargemaster en wethâlders en de boargemaster.
1. Dizze feroardering regelet it brûken fan de Fryske taal yn skriftlike stikken fan de gemeente Gaasterlân-Sleat.
2. De bepalings fan dizze feroardering binne fan tapassing op de bestjoersorganen fan de provinsje Fryslân.
De bestjoersorganen hawwe it rjocht om te kiezen foar it brûken fan de Fryske taal, foar safier dat rjocht net troch wetlike bepalings beheind wurdt.
De bestjoersorganen kieze foar it begjinsel fan twataligens.
By de taalkar wurdt yn elts gefal om it folgjende tocht:
de taalkritearia sa’t se yn artikel 2:10 fan de Algemiene wet bestjoersrjocht opnommen binne;
it belang om deselde taal te brûken as wêryn it bestjoersoargaan oanskreaun is (folgjend taalbelied);
de kontinuiteit fan de taalkar;
de bestimming fan de skriftlike stikken;
de konsiderâns fan ôfdieling 2.2 fan de Algemene wet bestuursrecht: "grutter gewicht oan de beginsels fan gelikense behanneling en lykwurdigens fan de Fryske taal yn de provinsje Fryslân ta te kennen."
Dizze feroardering giet de achtste dei nei bekendmeitsjen yn.
Dizze feroardering kin as "Feroardering Frysk yn it skriftlike ferkear fan de gemeente Gaasterlân-Sleat" oanhelle wurde.
Sa troch de rie fêststeld yn syn gearkomste fan
29 novimber 2011,
foarsitter.griffier